It Keninkryk East-Anglia wie ien fan de tradisjonele Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân, dy't mei-inoar wol de heptargy neamd wurde. Sa't de namme al seit, wie it it gebiet fan eastlike Angelen.
It ryk ûntstie om 520 hinne troch de gearfoeging fan it noardlike en súdlike folk, dêr't de nammen fan noch werom te kennen binne yn dy fan de greefskippen Norfolk en Suffolk. Ek in part fan it tsjintwurdige Cambridgeshire wie part fan East Anglia en ek it Eilân fan Ely.
Yn 865 wie der in grutte Deenske ynfal; kening Edmund waard dea dien en der ûntstie in Deensk keninkryk ûnder kening Guthrum, dat Wesseks bestride. De lêste Deenske kening rekke dea yn 917, dêrnei foel East-Anglia ûnder de hegemony fan Wesseks.
Yn 1939 waarden op it begraafplak fan Sutton Hoo skatten fûn, dy't sjen litte dat it bêst gie mei it âlde keninkryk.
De namme East-Anglia wurdt noch altyd brûkt om boppeneamde regio oan te tsjutten. It is in flak gebiet, dat foar in grut part út ynpoldere sompen bestiet. It noardlik part, "The Fens", waard troch Siuwske arbeiders drûchlein ûnder lieding fan de wetterboukundige Cornelis Vermuyden. De kontrei hat sadwaande in soad fan Nederlânske polders en foar it behear wurdt ek gebrûk makke fan Nederlânske technology.