In Kel Dor (Plo Koon).

Kel Dor (inkeltal idem) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan Dorin, in planeet yn 'e saneamde Utwreidingsregio fan it Stjerrestelsel, mei in atmosfear dy't ryk is oan helium.

Dat de Kel Dor har dêre ûntjûn hawwe, betsjut dat de soerstofrike atmosfearen dy't in protte oare planeten hawwe, eins giftich foar harren binne. Dêrom hawwe se ferlet fan spesjale beäzemingsmaskers om dêr te oerlibjen, dy't harren mûle en noas bedekke, en teffens fan eachbeskermers, dy't foarkomme dat harren eachfloeistof ferdampt yn in soerstofatmosfear.

Fan uterlik binne Kel Dor fierders humanoïde, yn 'e sin dat se krekt as minsken twa skonken en twa earms hawwe, en in gesicht mei de eagen, mûle en noas op it wenstige plak. Se hawwe trije fingers en in tomme oan eltse hân. Harren fleiskleurige hûd is leareftich en sa tsjûk dat se koart yn it fakuum fan 'e romte oerlibje kinne. Oan 'e sydkanten fan 'e holle hawwe Kel Dor útstulpings dy't heechûntwikkele bûtensintúchlike organen befetsje.

De kultuer fan 'e Kel Dor is basearre op 'e ferdieling yn clans. Genetysk binne Kel Dor besibbe oan 'e Gand en de Tognath, twa oare rassen fan bûtenierdske wêzens, dy't krektlyk beäzemingsmaskers en eachbeskermers drage moatte as se har thúswrâld ferlitte. Saakkundigen geane út fan ôfstamming fan ien mienskiplike foarâldersoarte.

Sjoch ek

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.