keizersmantel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Argynnis paphia | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De keizersmantel (Argynnis Paphia) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae).
Foarkommen
De keizersmantel libbet yn iepen bosken, boskrânen en brede boskpaden. Fan 1920 ôf is it ferspriedingsgebiet stadichoan lytser wurden. Yn 1980 is de Keizersmantel as stânflinter ferdwûn. Sa no en dan wurde der nog wol flinters sjoen. Faak binne dit swalkers. Yn de measte gefallen wurde sokke swalkers tige ferspraat oer it lân sjoen. Yn 1992 en 1996 binne der likernôch 40 eksimplaren sjoen. Ek yn 2006 binne der tsientallen sjoen. Der binne oanwizings dat de soart him wer fuortplantet, mar dat is noch net mei wissichheid te sizzen.
Op de reade list stiet dizze flinter as ferdwûn.
Flinter
De wjuklingte is 27 oant 35 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich mei wite streken. De mantsjes hawwe op de boppekant fan de foarwjuk dikke swarte geurstreken dy't by de ieren lâns rinne.
Fljochtiid
De keizersmantel is te finen fan ein juny oant begjin septimber. De flinter fljocht yn ien generaasje.
Rûp
De rûp kin 45 mm lang wurde. It liif is griiseftich mei in brede giele rêchline, mei in tin lyntsje yn 'e midden. Der sitte lange fertakke toarns op it liif fan de rûp. De rûp oerwinteret yn bastspjalten dat it is in healwaaks rûp. Earst yn it foarjier ite hja wer. De groeiperioade is yn it foarjier en yn de foarsimmer.
De rûp fret it boskfioeltsje en it blaufioeltsje.
Sjoch ek
- ♂
- △ ♂
- ♀
- △ ♀