Keatsferiening Jan Bogtstra
Kaatsvereniging Jan Bogtstra
algemiene ynformaasje
ôfkoartingKV Jan Bogtstra
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.feriening
wurkmêdsport (keatsen)
fêstige ynFrjentsjer (Fryslân)
oprjochte1893
offisjele webside
www.janbogtstra.nl

Keatsferiening Jan Bogtstra (Nederlânsk en offisjeel: Kaatvereniging Jan Bogtstra) is in keatsferiening út 'e Fryske stêd Frjentsjer. De feriening waard oprjochte yn 1893 en fierde sadwaande yn 2018 syn 125-jierrich bestean.

Skiednis

Keatsferiening Jan Bogtstra waard op 23 augustus 1893 troch in stikmannich begoedige leden fan 'e pleatslike middenstân oprjochte yn kafee De Belt, oan 'e Harnzerwei yn Frjentsjer. It doel fan 'e feriening wie fan it begjin ôf oan om "’t oude spel weder onder alle standen te doen innemen," sa't yn it earste jierferslach fermeld stie. De klup waard ferneamd nei Jan Bogtstra, de grûnlizzer fan 'e PC, dy't tastimming jûn hie foar it gebrûk fan syn namme, mar dy't fierders net aktyf by de feriening belutsen wie.

De leden fan Keatsferiening Jan Bogtstra lykje yn 't earstoan benammen út 'e hegere maatskiplike klassen kommen te wêzen, mei't de Frjentsjerter arbeiders yn 1896 in eigen klup oprjochten, mei as namme Keatsferiening De Iendracht. De ûnderlinge ferhâldings tusken de beide ferienings wiene lykwols goed, in advertinsje yn acht nommen dy't yn 1897 troch De Iendracht publisearre waard. Dêryn waard nammentlik de eigen ledepartij oankundige, dy't ferkeatst wurde soe op it terrein fan Keatsferiening Jan Bogtstra, dy't dat foar dat doel goedgeunstich ôfstien hie.

Yn 1937 folge in fúzje tusken de beide Frjentsjerter keatsferienings, wêrby't besletten waard en hâld de namme fan Jan Bogtstra oan. Nei bemiddeling troch dhr. R. Alkema, de doetiidske útbater fan keatskafee De Bogt fen Guné, waard regele dat it eardere De Iendracht syn findel oerdroech oan Keatsferiening Nij Libben út Hitsum, dat doe sadwaande omneamd waard ta Keatsferiening De Iendracht.

Tsjintwurdich is Keatsferiening Jan Bogtstra elts jier belutsen by de organisaasje fan 'e Jong Nederlânpartij en it NK Keatsen foar Senioaren, dy't beide op it Sjûkelân ferkeatst wurde. Sydlings wurket de feriening ek mei oan 'e PC, wêrfan't de organisaasje yn 'e hannen is fan 'e Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei. Yn 2018 foel 125-jierrich bestean fan Keatsferiening Jan Bogtstra gear mei it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Yn it ramt dêrfan wie de feriening oant kop en earen behelle yn 'e Keatswike 2018, dy't ein july, begjin augustus yn Frjentsjer holden waard.

Op 15 septimber 2018 waard it 125-jierrich jubileum fan Keatsferiening Jan Bogtstra fierd mei in krânslizzing by it grêf fan 'e nammejouwer fan 'e klup en mei in feestjûn yn Kafee De Bogt fen Guné. Dêr waarden ek Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden huldige, de winners fan 'e PC 2018. Fierders rikte Wigle Sinnema, de foarsitter fan it KNKB, dy jûns de gouden wimpel út oan 'e keatsferiening.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.