Kazuda Xiono personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | piloat rebel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Jarek Yeager Neeku Vozo Tamara "Tam" Ryvora Torra Doza Imanuel Doza Hype Fazon Synara San | |
geastlike heit | Dave Filoni | |
ûntstean | 2018 |
Kazuda Xiono (útspr.: [kəˈzudɑ ziˈoʊnoʊ], likernôch: "kuh-zû-da zi-oo-noo"), ropnamme: Kaz, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is in lid fan it Ferset, dat him oankantet tsjin 'e oanboazjende ynfloed fan 'e faksistyske Earste Oarder. Kaz is de wichtichste haadpersoan út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Resistance (2018-2020). De geastlike heit fan it personaazje wie Dave Filoni, de betinker fan 'e searje. De rol fan Kaz waard ynsprutsen troch stimakteur Christopher Sean.
Fiktive biografy
Kazuda Xiono wurdt yn it jier 14 n.Sl.Y., oftewol fjirtjin jier nei de ynstoarting fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, berne op 'e planeet Hosnian-Primus, yn 'e Nije Republyk. Hy komt út in begoedige maatskiplik fermidden en is de soan fan Hamato Xiono, dy't as senator harren planeet yn 'e Galaktyske Senaat fertsjintwurdiget. Al fan bern ôf oan wol Kaz namme meitsje as piloat, en om dy dream te folgjen, docht er tsjin 'e wil fan syn heit mei oan syn earste race, dy't er wint. Neitiid kin er him mei syn heite stipe ynskriuwe oan 'e militêre akademy fan 'e Nije Republyk. As er syn oplieding trochrûn hat, wurdt er piloat by de Galaktyske Romtemacht, dêr't er yn X-wjukjagers fljocht.
Underwilens is út 'e restanten fan it Galaktyske Keizerryk de faksistyske Earste Oarder fuortkommen, dy't stribbet nei it ûnder fuotten heljen fan 'e Nije Republyk en de weroprjochting fan it Keizerryk. Om't de autoriteiten fan 'e Republyk it gefaar fan dy nije driging net serieus nimme, rjochtsje kopstikken fan it eardere Rebelleferbûn in eigen paramilitêre organisaasje op: it Ferset. Neigeraden dat de spannings tusken de Earste Oarder en it Ferset oanboazje, ûntjout der him yn 'e Republyk in soarte fan kâlde oarloch. Yn dy snuorje wurdt Kaz troch Poe Dameron, in foaroanman fan it Ferset, rekrutearre.
Kaz wurdt troch it Ferset nei de oseaanplaneet Castilon stjoerd, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Dêr moat er op 'e Colossus, in reuseftich tankskip, it dwaan en litten fan leden fan 'e Earste Oarder bespionearje en beoardielje oft de befolking fan Castilon sympaty hat foar de Earste Oarder of trou is oan 'e Nije Republyk. Kaz giet op 'e Colossus, dat eins mear in romtestasjon is, undercover as monteur by in bedriuw dat spesjalisearre is yn it reparearjen fan romteskippen. Dat is eigendom fan Jarek Yeager, in freon fan Dameron. Sels slút Kaz slút freonskip mei Neeku Vozo en Tamara "Tam" Ryvora. Hy hat muoite om syn dekmantel te behâlden en himsels net te ferrieden, mei't er it gauris ûniens is mei sawol de Earste Oarder as de bewenners fan 'e Colossus. As de spannings in hichtepunt berikke wannear't de Earste Oarder syn Stjerredeaderbasis brûkt om Kaz syn thúswrâld Hosnian-Primus te ferneatigjen, spilet Kaz in rol fan krúsjaal belang by de befrijing fan 'e Colossus fan 'e oerhearsking troch de Earste Oarder. Dat kostet him lykwols syn freonskip mei Tam Ryvora, dy't har by de Earste Oarder jout.
Nei't er holpen hat om 'e Colossus by Castilon wei te krijen, wurdt Kaz beneamd ta in lid fan it Ace Squadron, dat it romtestasjon ferdigenje moat tsjin oanfallen fan 'e efterfolgjende Earste Oarder. Neitiid reizget de Colossus troch de romte en docht dêrby in grut tal ûnderskate planeten oan, op 'e siik nei nij thús. Kaz hat op dy reis ferskate moetings mei oare sellen fan it Ferset, wylst er ek mear as ien kear nauwerneed it faaie libben derôf rêdt yn it gefjocht mei de striidkrêften fan 'e Earste Oarder. Op in stuit wurdt him in plak yn 'e rangen fan 'e echte Fersetsfloat oanbean, en Kaz stiet in skoftke yn bestân om dat oan te nimmen, mar úteinlik beslút er dat syn plak by syn freonen wêze moat. By de klimaktyske lêste oanfal fan 'e Earste Oarder op 'e Colossus wit Kaz, mei help fan Yeager, Tam Ryvora te rêden fan 'e Earste Oarder as sy spyt kriget fan har eardere kar en beslút om oer te rinnen. Syn ûnbaatsuchtich krewearjen is in ynspiraasje foar de bemanning en oare bewenners fan 'e Colossus, dy't dêrnei mei feriene krêften de Earste Oarder ferslane.
Nei't de Colossus feilichsteld is, jout Kaz him by de saneamde Boargerfloat dy't generaal Lando Calrissian en de Wookiee Chewbacca gearbringe om 'e float fan reuseftige stjerreslachskippen te ferslaan dy't de út 'e dea opstiene keizer Palpatine bouwe litten hat. Sadwaande fjochtet er yn 'e Slach by Exegol, wêryn't foargoed ôfweeft wurdt mei de Lêste Oarder en de Ivige Sith, wat ek de definitive ein foar de Earste Oarder betsjut.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |