Kazan Казань Qazan | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Autonome republyk | Tatarstan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.314.685 (2023) | |
Oerflak | 588,98 km² (stedsdistrikt: 638,39 km²) | |
Befolkingsticht. | 2.232,12 ynw./km² | |
Stêdekloft | 1.560.000 ynw. (rûzing 2015) | |
Hichte | 60 m (sintrum) | |
Oar | ||
Stifting | 1005, 1391 (stedsstatus) | |
Postkoade | 420000-421992 | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Koördinaten | 55° 47' N 49° 06' E | |
Offisjele webside | ||
www.kzn.ru | ||
Kaart | ||
Kazan (Russysk: Казань, Tataarsk: Qazan of Казан) is in grutte stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân oan de iggen fan de Wolga, haadstêd fan de autonome republyk Tatarstan.
Kazan is in drok hannelssintrum op de grins fan Jeropa en Azië mei in ryk kultureel libben, dat ferlike wurde kin mei dat fan Moskou en Sint-Petersboarch. Sûnt 1801 is Kazan in universiteitsstêd en sûnt 2005 hat de stêd ien fan de grutste moskeeën fan Jeropa; de Kûl Sjarif-moskee. Yn 2005 fierde Kazan syn tûzenjierrich bestean.
Namme
De oarsprong fan de namme Kazan is net wis. De letterlike fertaling fan it Tataarske wurd qazan is "itensiederspot", mar soe ek ôflaat wêze kinne fan it wurd qazğan, dat "útdold" of "groppe" betsjut.
In qazan wie oarspronklik in soarte fan panne dy't wol wat fan in wok hie. De namme Qazan soe sa te meitsjen hawwe kinne mei de lizzing fan de stêd yn in delling dy't de foarm fan in qazan-panne hat. Teffens giet it romantysker ferhaal fan de Tataarske prinsesse Söyembikä, dy't by it ôfwaskjen in gouden qazan yn de rivier falle litten hawwe soe, op it plak fan de stêd fan no.
Demografy
Befolking
De stêdekloft Kazan hat in befolking fan 1,56 miljoen.
Jier | 1550 | 1557 | 1800 | 1830 | 1839 | 1859 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 50.000 | 7.000 | 40.000 | 43.900 | 51.600 | 60.600 |
Jier | 1862 | 1883 | 1897 | 1917 | 1926 | 1939 |
Ynwenners | 63.100 | 140.000 | 130.000 | 206.600 | 179.000 | 398.000 |
Jier | 1959 | 1979 | 1989* | 1997 | 2000 | 2010* |
Ynwenners | 667.000 | 989.000 | 1.094.378* | 1.076.000 | 1.089.500 | 1.143.535* |
Jier | 2023 | |||||
Ynwenners | 1.314.685 |
(*) Folkstelling.
Stedsdistrikten
Kazan is ferdield yn sân distrikten:
Nûmer | Distrikt | Befolking (2010) |
Oerflak (km²) |
Kaart |
---|---|---|---|---|
1 | Aviastroitelni | 111.405 | 38,91 | |
2 | Vakhitovski | 86.202 | 25,82 | |
3 | Kirovski | 109.125 | 108,79 | |
4 | Moskovski | 130.537 | 38,81 | |
5 | Novo-Savinovski | 202.997 | 20,66 | |
6 | Privolsjski | 227.755 | 115,77 | |
7 | Sovetski | 275.514 | 167,00 |
Ferneamde ynwenners
- Nikolaj Lobatsjevski, wiskundige [1]
Berne
- Valentin Dogiel (1882-1955), soölooch
- Joeri Egorov (1954-1988), Russysk-Nederlânsk konsertpianist
- Vladimir Kotelnikov (?), wiskundige
- Karl Ludwig von Littrow (?), Eastenryksk astronoom
- Aleksander Loerija (1902-1977), neuropsycholooch
- MakSim (Marina Sergeevna Abrosimova) (1983), sjongster
- Fjodor Radetski (1820-1890), generaal
- Jevgeni Schwartz (1896-1958), toanielskriuwer
- Fjodor Sjaljapin (1873-1938), operasjonger
- Jana Martinova (1988), swimster
- Dajana Kirillova (2002), Russysk sjongster
Stedssilhûet
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|