Kayden Kross | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Kayden Cross, Jenna Nicol, Jenna Nickol | |
echte namme | Kimberly Nicole Rathkamp | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 septimber 1985 | |
berteplak | Sacramento (Kalifornje) | |
etnisiteit | Sweedsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.clubkayden.com |
Kayden Kross, echte namme: Kimberly Nicole Rathkamp (Sacramento (Kalifornje), 15 septimber 1985), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't op 't heden wurksum is as regisseur fan pornografyske films. Hja is fan etnysk Sweedsk komôf, en hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jenna Nicol en Jenna Nickol, wylst har wichtichste skûlnamme gauris misstavere is as Kayden Cross. Kross sette yn 2007 útein mei in karriêre as pornoaktrise en wurke lange tiid as kontraktstjer foar de prestizjeuze filmstudio Digital Playground.
Libben en karriêre
Jonkheid
Kross waard yn 1985 berne yn Sacramento, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se groeide op op it Kalifornyske plattelân, yn it heuvellân tusken Sacramento en Placerville. Op 'e middelbere skoalle hearde se net ta de populêre famkes, mar wie se, neffens harsels, mear in "boekewjirm". Nei't se har diploma behelle hie, studearre se psychology oan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit.
Pornokarriêre
Mei achttjin jier begûn Kross yn 2003 as stripper te wurkjen yn 'e stripklub Rick's Showgirls, yn Rancho Cordova, om jild byinoar te bringen sadat se in pony fan 'e slacht rêde koe. Dat slagge, en se hold it bist dêrnei acht moannen. Troch har wurk by Rick's Showgirls loek Kross de oandacht fan in ympressario út 'e pornoyndustry, dy't har yn kontakt brocht mei ferskate neakenblêden, dêr't se neitiid foar posearre as neakenmodel. Fia-fia rekke se doe djipper behelle yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Kross studearre noch doe't se yn novimber 2006, mei 21 jier, in eksklusyf kontrakt tekene mei de filmstudio Vivid Entertainment. Datselde jiers noch makke se by Vivid har debút yn 'e pornografyske film Kayden's First Time, dy't yn 2007 útbrocht waard. Kross wie lykwols net tefreden oer de gearwurking mei Vivid, dat doe't yn it neijier fan 2007 it kontrakt ôfrûn, ferlingde hja it net. Ynstee dêrfan tekene se in moanne letter in kontrakt mei it label Adam & Eve. Yn 2008 wurke Kross mei oan in neakenreportaazje yn 'e Penthouse en wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne septimber, wêrby't se teffens op 'e omslach fan 'e septimberedysje stie. Dyselde moanne sette se útein mei har eigen offisjele webside, ClubKayden.com.
Ein 2009 sleat Kross in eksklusyf mearjierrich kontrakt ôf mei de foaroansteande studio Digital Playground, dat per 1 jannewaris 2010 yngie. Foar dy studio wurke Kross gauris gear mei oare pornostjerren dy't dêr ûnder kontrakt stiene, lykas Jesse Jane en Riley Steele. Har earste film foar Digital Playground, mei as titel The Smiths, stie daliks boppe-oan op 'e ferkeaplisten fan pornofilms en waard in wiere kaskreaker. Binnen in fearnsjier parte Digital Playground oan Kross de haadrol ta yn 'e big budget-film Body Heat, in rol dêr't se sawol de Xbiz Award yn 'e kategory bêste aktearprestaasje fan it jier as de XRCO Award yn 'e kategory bêste aktrise foar wûn.
Yn 2010 presintearre Kross it jierliks AVN Awards-gala, yn 'e mande mei har kollega-pornoaktrise Kirsten Price en komyk Dave Attell. Yn septimber 2010 stie se op 'e nij yn en op 'e omslach fan 'e Penthouse. Fierders spile Kross dat jiers yn 'e film The 8th Day, dy't de AVN Award (de Oscar fan 'e pornoyndustry) wûn yn 'e kategory bêste film. Teffens wie se te sjen yn 'e parody Tyler's Wood, fan 'e studio Adam & Eve, wêryn't se Elin Nordegren spile, de frou fan golfer Tiger Woods.
Yn jannewaris 2011 waard Kross troch de Amerikaanske tillefyzjestjoerder CNBC útroppen ta ien fan 'e tolve populêrste pornostjerren fan dat stuit. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Kross ûnder har pornokarriêre yn 159 films. Behalven foar Vivid Entertainment, Adam & Eve en Digital Playground wurke hja dêrby ek foar sokke foaroansteande studio's as Evil Angel, Jules Jordan Video, Zero Tolerance en Girlfriends Films. Yn totaal waard se dêrfoar nominearre foar 30 AVN Awards, wêrfan't se trije ek wurklik wûn, twa yn 2011 yn 'e kategoryen bêste lesbyske groepsekssêne en wyldste sekssêne (publykspriis), en ien yn 2012 foar geilste sekssêne (publykspriis). Ek hat Kross ferskate Jeropeeske prizen wûn, wêrûnder yn 2009 in Frânske Hot d'Or yn 'e kategory bêste Amerikaanske aktrise, en yn 2010 in Dútske Venus Award yn 'e kategory bêste ynternasjonale aktrise.
Yn 2013 hold Kross op oanstean fan har freon op mei it meitsjen fan heteroseksuële pornografy, hoewol't nije films mei heteroseksueel-pornografyske sênes har (dy't foartiid opnommen wiene) noch yn 2014 en 2015 útkamen. Sûnt 2013 hat hja har talein op it meitsjen fan lesbyske pornografy en op wurk efter de skermen fan 'e pornoyndustry. Yn dat ramt hat Kross twa films regissearre. Yn 2015 wûn se foar de film Misha Cross Wide Open tegearre mei har freon Manuel Ferrara in Xbiz Award yn 'e kategory bêste regisseur fan in gonzofilm.
Mainstream-aktiviteiten
Kross hat ferskate crossovers nei mainstream-films en -tillefyzje makke. Sa wie se te gast yn realitytillefyzjeprogramma's (The Block en Family Jewels) en praatprogramma's (Attack of the Show) en hie se in weromkearende gastrol yn it twadde seizoen fan 'e searje Life on Top. Fierders hie se in gastrol yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje The League, en yn 2011 waard se troch regisseur Gregory Hatanaka cast yn 'e rol fan Tara yn 'e dramafilm The Obsession. Yn 2012 en 2013 hie Kross in haadrol yn it twadde seizoen fan 'e websearje Girl/Girl Scene, en fan jannewaris 2013 ôf presintearret Kross it wyklikse call-inprogramma Krossfire, op 'e Playboy Radio. Kross is ek as stripper te sjen op 'e dvd-ferzje fan it fyfde seizoen fan 'e súksessearje Breaking Bad (yn 'e ôflevering Gliding over All), hoewol't har bydrage yn 'e tillefyzjeferzje fan 'e searje derútknipt wie.
Oare beuzichheden
Kross ûnderhâldt in blôch op har eigen blôchside UnKrossed.com. Teffens skriuwt se geregeldwei artikels foar MikeSouth.com, in rabberswebside oer de Amerikaanske pornoyndustry, en fierders hat se kollems yn 'e tydskriften Compex en Xbiz. Ut en troch wurket se ek mei oan 'e blôchs op 'e websiden Xbiz.com en Xcritic.com. Yn 2012 publisearre Kross it koarte ferhaal Plank yn 'e blomlêzing Forty Stories: New Writing from Harper Perennial (inkeld beskikber as e-boek). Yn augustus 2012 brocht se nei bûten ta dat se dwaande wie mei in autobiografysk boek oer de Amerikaanske pornoyndustry. Fierders hat Kross harsels ferskate kearen opwurpen as wurdfierster foar de pornoyndustry, û.m. yn 2008, doe't der sprake fan wie dat Kalifornje in ekstra belesting oplizze soe oan alle produsinten en distributeurs fan pornografyske produkten. Kross wie ien fan 'e tsjûgen dy't dêroer ûnder ede befrege waard yn it Kalifornyske Steatskrongres.
Priveelibben
Yn oktober 2008 waard Kross yn steat fan beskuldiging steld foar dieverij en fraude, wêrby't it gie om oplichting yn it ramt fan 'e ferkeap fan in malafide hypoteek. Yn july 2009 liet it iepenbier ministearje de oanklacht fan dieverij falle, en waard de oanklacht fan fraude ôfswakke fan in misdriuw ta in oertrêding. Dêrop besleat Kross harsels skuldich te ferklearjen, en krige se ien dei finzenisstraf en trije jier ûnder betingst oplein. Hja wiet har belutsenens by dizze saak oan har eigen naïviteit oangeande de huzemerk, en sei dat se troch har makeler en hypoteekbank bedondere wie. Kross wennet sûnt 2012 gear mei har kollega-pornoakteur Manuel Ferrara. Hja hawwe tegearre in dochter, dy't berne waard op 23 jannewaris 2014. Nei't Ferrara der by har op oanstien hie om net mear mei oare manlju te wurkjen, hold Kross yn 2013 op mei it meitsjen fan heteroseksuële pornografy.
Lichemsskaaimerken
Kross is blank, mei blûn hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 32D. Dêrfoar hat hja in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien. Kross hat in tatoeaazje fan fjouwer kattepoatsjes op har rjochterfoet. Har iennichste piercings binne earlelpiercings.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2009 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Bree Olson) | Roller Dollz |
nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Penny Flame, Bree Olson en Aiden Starr) | Bree's Slumber Party | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Erik Everhard) | Roller Dollz | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
Hot d'Or | wûn | bêste Amerikaanske pornostjer | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | bêste gemy op it wite doek (mei Erik Everhard) | n.f.t. | |
2010 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Kagney Linn Karter en Holly West) | Swing Time |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Evan Stone) | Kayden's Frisky Business | ||
nominearre | bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Violet Marcell en Evan Stone) | The 8th Day | ||
nominearre | bêste aktrise | The 8th Day | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste nije ynternetstjer | n.f.t. | ||
Erotixxx Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
NightMoves Award | wûn | bêste artyste (publykspriis) | n.f.t. | |
TLA Raw Award | wûn | bêste lichem (algemien) | n.f.t. | |
Venus Award | wûn | bêste ynternasjonale aktrise | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | bêste inkele optreden (aktrise) | The 8th Day | |
2011 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Tommy Gunn) | The Smiths |
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Claire Adams en Justine Joli) | The Perfect Secretary: Training Day | ||
nominearre | bêste aktrise | The Perfect Secretary: Training Day | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste webside fan in pornostjer (foar ClubKayden.com) | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Raven Alexis Jesse Jane, Céline Tran en Riley Steele) | Body Heat | ||
wûn | wyldste sekssêne (publykspriis) (mei Raven Alexis Jesse Jane, Céline Tran en Riley Steele) | Body Heat | ||
Xbiz Award | wûn | bêste aktearprestaasje fan it jier | Body Heat | |
XRCO Award | nominearre | bêste aktrise | Body Heat | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Bibi Jones, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele, Stoya en Tommy Gunn) | Top Guns | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Fighters | ||
nominearre | bêste aktrise | Love & Marriage | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste webside fan in pornostjer (foar ClubKayden.com) | n.f.t. | ||
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | geilste sekssêne (publykspriis) (mei Jesse Jane, Bibi Jones, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 | ||
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | |
nominearre | bêste aktrise | Love & Marriage | ||
2013 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen) | The Con Job |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele en Manuel Ferrara) | Nurse 2 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei oaren) | Mothers & Daughters | ||
2014 | Xbiz Award | nominearre | bêste sekssêne yn in feature film (mei Brooklyn Lee, Jesse Jane, Stoya en Johnny Sins) | Bridesmaids |
nominearre | bêste aktrise yn in feature film | Code of Honor | ||
wûn | bêste sekssêne yn in feature film (mei Jesse Jane, Selena Rose, Riley Steele, Stoya en Manuel Ferrara) | Code of Honor | ||
2015 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Dana Vespoli) | Fluid 2 |
nominearre | mainstream-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
Xbiz Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Misha Cross) | Misha Cross Wide Open | |
wûn | regisseur fan it jier (non-feature film)(mei Manuel Ferrara) | Misha Cross Wide Open |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele webside fan Kayden Kross
- (in) Bloch fan Kayden Kross
- (in) Biografy en filmografy fan Kayden Kross yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Kayden Kross yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Kayden Kross op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|