De Kaukazyske talen foarmje in teoretyske taalfamylje, dy't bestiet út in groep fan likernôch 42 talen. Dy talen wurden sprutsen troch rom 11 miljoen minsken, dy't allegearre yn de regio fan de Kaukasus wenje. De groep is ûnderferdield yn Noardwestkaukazyske talen (of Pontyske talen), Noardeastkaukazyske talen (of Kaspyske talen) en Súdkaukazysk talen (of Kartvelyske talen). It "teoretyske" karakter fan dizze taalfamylje bestiet derút dat de ûnderlinge besibskip fan 'e trije dielkloften by lange nei net algemien erkend is yn wittenskiplike fermiddens.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.