Kaukasusboskmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apodemus hyrcanicus | ||||||||||||
Vorontsov, Bojeskorov & Mezjerin, 1992 | ||||||||||||
IUCN-status: te min gegevens | ||||||||||||
De Kaukasusboskmûs (Latynske namme: Apodemus hyrcanicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn súdeastlik Azerbeidzjan en noardlik Iraan, yn in bercheftich biotoop, oant op 1.830 m hichte.
De Kaukasusboskmûs is de iennichtste boskmûzesoarte yn syn wengebiet. Hy is it naust besibbe mei de lytse boskmûs (Apodemus uralensis). De Kaukasusboskmûs waard oarspronklik, yn 1992, identifisearre yn Azerbeidzjan, mar letter ek yn Iraan ûntdutsen. It is mooglik dat syn ferspriedingsgebiet him eins útstrekt oant yn súdwestlik Turkmenistan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.