Katsuni | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Katsumi | |
echte namme | Céline Joëlle Tran | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 9 april 1979 | |
berteplak | Lyon (Frankryk) | |
etnisiteit | Fjetnameesk Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur | |
jierren aktyf | 2002 – no | |
offisjele webside | ||
www.clubkatsuni.com |
Katsuni, echte namme: Céline Joëlle Tran (Lyon, 9 april 1979), is in Frânsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en presintatrise, mei in etnysk Fjetnameeske heit en in Frânske mem.
Libben
Katsuni woeks op yn it Frânske Lyon en studearre in jier politikology oan it Institute d'Études Politiques de Grenoble (IEP), yn Grenôble. Nei't se har stúdzje deroan jûn hie, wurke se as go-godûnseresse yn nachtklubs, en letter as eroatysk dûnseresse yn stripklubs. Se begûn te posearjen foar neakenblêden, en yn 2002 doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear as 350 pornofilms spile, sawol yn Jeropa as yn 'e Feriene Steaten, û.m. foar Digital Playground, dêr't se yn 2006 in eksklusyf kontrakt mei sleat.
Oarspronklik brûkte se de Japanske foarnamme "Katsumi" as har artystenamme, mar yn jannewaris 2007 waard har troch in Frânske rjochter yn Créteil ferbean om dêrmei troch te gean, nei't in Fransêze dy't fan Mary Katsumi hiet in rjochtsaak tsjin har oanspand hie om't se net mei in pornoaktrise assosjearre wurde woe. Yn septimber fan datselde jier waard Katsuni in boete fan €20.000,— oplein om't se har net oan it eardere fûnis holden hie. Dêrop besleat se om har artystenamme te wizigjen ta "Katsuni".
Neffens har offisjele opjefte is Katsuni, dy't ôfwikseljend wennet yn 'e Frânske haadstêd Parys en yn it Amerikaanske Los Angeles, 1.70 m lang, mei in gewicht fan 53 kg. Oarspronklik hie se in kup 32B, mar yn maaie 2006 liet se har boarsten fergrutsje ta kup 32D. De earste film wêryn't se spile mei har fergrutte boarsten, wie French ConneXion, fan 'e Frânske regisseur Marc Dorcel, dy't begjin 2007 útbrocht waard. Yn 2008 makke se yn gearwurking mei Vidéo Marc Dorcel de fiifdielige searje My Fucking Life, dy't heal dokumintêre, heal pornofilm is, en Katsuni in jier lang folget by shoots yn Las Vegas en Kalifornje, en teffens in tipke fan 'e wale oplichtet oangeande har priveelibben. Katsuni hat withoefolle prizen wûn foar har wurk, mei dêrûnder net minder as 17 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), 2 Hot d'Ors (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis) en 2 Ninfa Awards, dy't útrikt wurde op it Barcelona International Erotic Film Festival. Fierdersoan waard hja yn 2014 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.
Njonken har aktearwurk is Katsuni ek altiten wurksum bleaun as neakenmodel en stripper. Sa stie se yn 2006 bgl. op 'e cover fan 'e Penthouse, en ek hat se op 'e cover stien fan Marquis, ien fan 'e wichtichste blêden yn 'e hoeke fan it fetisjisme. Yn 2011 en 2012 regisearre se sels trije pornofilms. Fierders hat se in hoart it populêre tillefyzjeprogramma En Attendant Minuit presintearre foar de Frânske stjoerder TPS. Ek wie se yn 2009 de offisjele ambassadrise fan 'e Hot d'Ors, en yn 2011 wie se ynhierd om hentai te promoatsjen op in stripkonvinsje yn it Frânske Angoulême. Yn maart 2013 wûn se in copyrightrjochtsaak tsjin 'e Amerikaanske rapper Lil Bow Wow, om't dy sûnder tastimming bylden fan har pealdûnsjen brûkt hie foar de fideoklip fan syn nûmer Drank In My Cup.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2004 | FICEB Ninfa Award | wûn | bêste aktrise | PokerWom |
Venus Award | wûn | bêste Jeropeeske aktrise | n.f.t. | |
European X Award | wûn | bêste Frânske aktrise | n.f.t. | |
AVN Award | wûn | bêste anale sekssêne (fideo) (mei Giselle en Michael Stefano) | Multiple P.O.V. | |
wûn | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Steve Holmes) | L'Affaire Katsumi | ||
2005 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (mei Roxy Jezel en Mr. Marcus) | Up Your Ass 22 |
wûn | bêste anale sekssêne (mei Lexington Steele) | Lex Steele XXX 3 | ||
wûn | bêste groepsekssêne (film) (mei Savanna Samson en Alex Metro) | Dual Identity | ||
wûn | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2006 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Manuel Ferrara) | Euro Domination 4 |
nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Jules Jordan) | Ass Worship 7 | ||
nominearre | skandalichste sekssêne | Katsumi's Dirty Deeds | ||
wûn | bêste opfiering fan in striptiis | Ass Worship 7 | ||
wûn | bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) | Cumshitters | ||
wûn | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste ynteraktive dvd | Virtual Katsuni | ||
XRCO Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) | Lex Steele XXX 3 | |
2007 | AVN Award | nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Nacho Vidal) | Fashionistas Safado: The Challenge |
wûn | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Jessica Drake, Felecia en Clara Ghergel) | Fuck | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise (fideo) | Fashionistas Safado: The Challenge | ||
wûn | bêste groepsekssêne (film) (mei 7 oaren) | Fuck | ||
wûn | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | ||
FICEB Ninfa Award | wûn | bêste aktrise | French ConneXion | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste byrol fan in aktrise (fideo) | Fashionistas Safado: Berlin |
wûn | bêste triosekssêne (mei Melissa Lauren en Rocco Siffredi) | Fashionistas Safado: Berlin | ||
wûn | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 9 oaren) | Furious Fuckers Final Race | ||
2009 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Belladonna en Stoya) | Pirates II: Stagnetti's Revenge |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Marco Banderas) | Katsuni Minx | ||
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
Hot d'Or | wûn | bêste Frânske aktrise | Pirates II: Stagnetti's Revenge | |
wûn | bêste bloch fan in pornoaktrise | n.f.t. | ||
2010 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Stoya, Shay Jordan, Riley Steele en Erik Everhard) | Nurses |
2011 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Raven Alexis en Riley Steele) | Body Heat |
wûn | publykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Raven Alexis en Riley Steele) | Body Heat | ||
Xbiz Award | wûn | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Phat Bottom Girls 4 |
Xbiz Award | wûn | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Asa Akira, Alanah Rae, Miles Long en Andy San Dimas) | Girlfriends 4 |
2014 | AVN Award | ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |