De Katolike Folkspartij, offisjeel Katholieke Volkspartij (KVP) wie in Nederlânske politike partij dy't 22 desimber 1915 oprjochte waard út de Roomsk Katolike Steatspartij wei. Yn 1980 fusearre de KVP mei de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en de Anty-Revolúsjonêre Partij ta it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA).
KVP yn Fryslân
As lytse politike groepearring yn Fryslân (yn 1962 by de Steateferkiezings 6,8 %) ferlear de KVP yn de jierren '60 terrein. Earder wie ûnder ynfloed fan it yn 1954 útfeardige biskoplike mandemint, wêrby't it Roomsk Katolike minsken ferbean waard net-Katolike ynstellingen te begeunstigjen, de oanhing stabyl bleaun.
Provinsjaal wurke de KVP sûnt 1970 mei oan de foarming fan it CDA, yn de mande mei AR en CHU. Op gemeentlik nivo die bliken dat de tsjinstellings tusken de roomske en protestantske groepen somtiden te grut foar de foarming fan in gemeentlike CDA wiene. Yn in oantal gemeentes wurke de KVP mei oan de foarming fan in groepearring Gemeentebelangen. By de Twadde Keamerferkiezings yn 1972 helle de KVP 4,7 % fan de stimmen. It ferlies is mei ta te skriuwen oan de oprjochting fan de PPR, dy 't in oantal roomske stimmers op har feriene. It persintaazje RK yn Fryslân bleau likernôch gelyk yn de perioade dat de KVP ferlear (1962-1972).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|