Katja Kassin | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Katja Kassim, Katja Kassan, Katja Kassen, Katja, Katya | |
echte namme | Ute Anderson | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 24 septimber 1979 | |
berteplak | Leipzig (Dútslân) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2003 – 2009 & 2011 – no | |
offisjele webside | ||
www.katjakassin.com |
Katja Kassin, echte namme: Ute Anderson (24 septimber 1979), is in Dútsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft soms op ûnderskate manearen ferhaspele wurdt ta Katja Kassim, Katja Kassan of Katja Kassen, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Katja en Katya. Neffens har offisjele opjefte is se 1.53 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34B.
Libben en karriêre
Katja Kattin waard yn 1979 berne yn Leipzig, dat doe noch efter it Izerne Gerdyn lei, yn 'e DDR. Hja groeide op as de âldste yn in gesin mei trije bern, en wie tsien jier doe't de Berlynske Muorre delhelle waard. Har earste baan wie iiskoferkeapster yn it Italjaansk restaurant, doe't se fyftjin jier wie. Se wurke seis jier lang as servearster, wylst se earst de middelbere skoalle trochrûn en dêrnei studearre oan 'e Universiteit fan Leipzig. Se rûne har stúdzje ôf mei in bachelorstitel yn politikology en Dútske taal- en letterkunde. Kassin sprekt seis talen, wêrûnder Dútsk, Ingelsk en Russysk, mei wikseljende floeiendheid.
Yn septimber 2000, doe't se 21 jier wie, sette Kassin útein mei te wurkjen as neakenmodel foar ferskate websiden en amateurfotografen. Yn 2003, op har 23ste, begûn se ek yn sêft pornografyske films te spyljen, en fia-fia kaam se doe yn kontakt mei de Dútske pornostjer Dru Berrymore, dy't har yntrodusearre yn 'e hardcore-yndustry. Kassin makke noch datselde jiers (2003) har debút yn in hurd pornografyske film. De earste twa rollen dy't se datoangeande hie, wiene yn films fan Jeropeeske makkelei, wylst se har trêde rol spile yn 'e it Amerikaanske Straight to the A 4, fan regisseur Vince Voyeur, dat produsearre waard troch de studio Red Light District. Ein 2003 ferfear Kassin nei de Feriene Steaten, dêr't se har permanint nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje.
Fan 2005 oant 2006 wie Kassin troud mei kollega-pornoakteur Sledge Hammer, mar dat houlik einige yn in skieding. Yn juny 2007 ûndergie se in boarstfergruttingsoperaasje yn New York, wêrby't de 350 cc silikoane-ymplantaten troch de spiennen hinne ûnder de spieren ynjektearre waarden. Yn novimber 2009 kundige Kassin oan dat se har út 'e pornoyndustry weromloek, mar yn desimber 2011 makke se in comeback.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se ûnderwilens yn mear as 600 pornofilms spile, en dêrby hat se frijwol alle foaroansteande Amerikaanske pornostudio's ôfwurke, mei dêrûnder Evil Angel, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Penthouse, Hustler Video, Jules Jordan Video, Pure Play Media, New Sensations, West Coast Productions, Red Light District, Devil's Film, Anabolic Video, Digital Sin, Platinum X Pictures, VCA Pictures, Diabolic Video, Adam & Eve, Third Degree Films, Sin City, Black Ice, Shane's World en ClubJenna.
Dêrnjonken hat Kassin ek gearwurke mei renommearre Jeropeeske labels as Private en Vidéo Marc Dorcel, wylst se fierders krektlyk wurke hat foar pornosites as BangBros, Brazzers en Kink.com. Dêrmei hat se ûnderwilens in stikmannich prizen wûn, mei dêrûnder twa Amerikaanske AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en in Dútske Venus Award. Sûnt 2007 is Kassin fierders ek begûn mei in nije karriêre as feature dancer yn Amerikaanske stripklubs.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2003 | Adam Film World Guide Award | wûn | aktrise fan it jier | n.f.t. |
2004 | Venus Award | wûn | bêste ynternasjonale aktrise (sjuerypriis) | n.f.t. |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Michael Stefano) | Fresh Meat 18 |
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Jada Fire, Rio Mariah en Mark Davis) | Sex Shooter V | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2006 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Roxy Jezel) | My Ass Is Haunted |
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Erik Everhard, Michael Stefano en John Strong) | Tear Me a New One | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Dillan Lauren, Christian en Talon) | Vault of Whores | ||
wûn | bêste solosekssêne | Anal Showdown | ||
XRCO Award | wûn | orgastysk analiste | n.f.t. | |
2007 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | orgastysk analiste | n.f.t. | |
2008 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Alex Metro) | Power Bitches 2 |
2009 | AVN Award | wûn | bêste POV-sekssêne (mei Tory Lane en Erik Everhard) | Double Vision 2 |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (mei Mike Adriano) | Anal Motherfuckers |
nominearre | bêste meast seksy kont | n.f.t. |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|