Katedraal fan Westminster
De katedraal yn 2022.
De katedraal yn 2022.
Lokaasje
plakLondon, SW1
adresFrancis Street, Westminster
koördinaten51° 29' N 0° 8' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomWestminster
patroanhilligeHillich Bloed fan Jezus Kristus
Arsjitektuer
arsjitektJohn Francis Bentley
boujier1895-1903
boustylpseudo-byzantynske styl
Webside
westminstercathedral.org.uk
Kaart
Katedraal fan Westminster (Grut-Londen)
Katedraal fan Westminster

De Katedraal fan Westminster (Ingelsk: Westminster Cathedral - offisjeel: Roman Catholic Metropolitan Cathedral Dedicated To The Most Precious Blood Of Our Lord Jesus Christ) is de katedraal fan 'e katolike tsjerkeprovinsje Westminster en de sit fan it aartsbisdom Westminster. De katedraal is it grutste katolike tsjerkegebou fan Ingelân en Wales.

Ein 19e iuw wie de emansipaasje fan 'e Katolike Tsjerke yn Ingelân en Wales fotôge. It plan foar de bou fan de katedraal waard makke ta oantins fan aartsbiskop Nicholas Wiseman (aartsbiskop fan Westminster fan 1850 oant 1865). Mei de bou fan de katedraal - in ûntwerp fan John Francis Bentley - waard nei twa mislearre pogings yn 1867 (ûnder arsjitekt Henry Clutton) en 1892 (arsjitekt Baron von Herstel), útein set yn 1895 en yn 1903 wie it gebou klear. De tsjerke is yn pseudo-byzantynske styl oplutsen, mei fjouwer efter elkoar pleatste koepels boppe de middenbeuk en in frijsteande klokketoer. Yn it ynterieur rinne fral de mozaïken yn it each, dy't lykwols noch altyd net foltôge binne om reden fan finânsjen; it lêste jildt ek foar de moarmeren beklaaiïng fan de muorren.

Yn de katedraal binne in tal aartsbiskoppen fan Westminster beïerdige, ûnder oaren John Carmel Heenan en Basil Hume.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.