Us-Leaffrouwe fan Évreux

Notre-Dame d'Évreux

Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plakÉvreux
adresRue Charles Corbeau
koördinaten49° 1' N 1° 9' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
boujier13e-17e iuw
boustylGotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Bisdom Évreux
Kaart
Katedraal fan Évreux (Frankryk)
Katedraal fan Évreux

De Katedraal fan Évreux of Us-Leaffrouwe fan Évreux (Frânsk: Cathédrale d'Évreux; Notre-Dame d'Évreux) is in oan de hillige Jongfaam wijde goatyske katedraal yn de Frânske stêd Évreux.

De katedraal waard tusken de 11e en de 17e iuw boud en yn 1862 as histoarysk monumint erkend.

Skiednis

Foargonger

It skip fan de katedraal is foar in part fan de eardere romaanske, 10e-iuwske foargonger en hat noch jimmeroan de healrûne arkades út dy tiid. Nei oanlieding fan syn doop yn 911 joech Rollo, de earste hartoch fan Normandje, geskinken oan besteande katedralen en abdijen en yn it ramt dêrfan waard ek de katedraal fan Évreux foar it earst neamd. In part fan it ûnderste diel fan it skip is 11e-iuwsk. It romaanske gebou, noch mar goed tritich jier âld, waard yn 1119 troch brân ferneatige troch troepen fan Hindrik I fan Frankryk om in Normandyske opskuor del te slaan. De nijbou dy't dêr op folge waard by it ynnimmen fan de stêd troch troepen fan Richard Liuwehert yn 1198 ferneatige.

De romaanske bôgen fan it tsjerkeskip

Hjoeddeiske bou

Yn de jierren dêrnei (oant 1204) foel Normandje oan de Frânske Kroan. De nijbou fan de katedraal sette pas yn 1220 echt útein. Gauthier de Varinfroy waard yn 1253 as arsjitekt oansteld fan de katedraal, dy't ek arsjitekt west hie fan de katedraal fan Meaux. By de ynhuldiging fan Raoul de Grosparmy as biskop fan Évreux yn 1259 wiene de sydskippen klear en waard fierder oan it koer boud. Tusken it ein fan de 13e iuw en it begjin fan de 14e iuw waarden tusken de steunbearen de sydkapellen boud, fiif oan eltse kant.

Westlike gevel

Yn de rin fan de Hûndertjierrige Kriich (1337–1453) waard de katedraal yn de tiid fan it finzen nimmen fan de Karel II fan Navarra kening fan Navarra en de konfiskaasje fan de besittings fan de ealju fan de Harcourts en Navarrini yn Normandje troch kening Jan II fan Frankryk op 'e nij troch brân troffen. Yn 1378 liet Karel V fan Frankryk Évreux en mei de katedraal yn de brân stekke. Pas yn it jier 1441 waard begûn mei in grutte renovaasje, fierder holpen troch kening Loadewyk XI mei in bedrach út de sâltbelesting. Jehan Le Roy hie yn opdracht fan biskop Guillaume de Flocques tusken 1442 en 1445 de lieding op de bouwerf.

15e-iuwsk raam mei foarstellings út it libben fan Jezus

Yn 1482 begûn Jehan Cossart mei de bou fan de flamboyante goatyske gevel fan de noardlike earm fan it dwersskip. Mei de foltôging yn it begjin fan de 16e iuw wie it wurk oan de ferheging fan it dwersskip klear. Oan it ein fan de 16e iuw waard it westlike portaal ûnder it grutte roasfinster boud, dêr't François Galopin let de renêssânsestyl yntrodusearre. Ut dy tiid datearret ek de bekroaning fan de noardlike toer. Oan it begjin fan de 17e iuw wie de katedraal einliks klear.

Yn it ramt fan in plande ôfbraak fan de katedraal waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje de dekoraasje fan it timpaan ferwidere en de 56 16e-iuwske bylden fan it noardlike portaal ôfbrusten om te tsjinjen foar it fundearjen fan in brêge. De katedraal waard yn de 19e iuw restaurearre troch de arsjitekt Denis Darcy ûnder lieding fan Viollet-le-Duc.

Yn de Twadde Wrâldkriich hie de katedraal te lijen fan de Dútske bombardeminten op de stêd fan 9 juny 1940. De restauraasje duorre oant 1973 en op de krusing krige de lantearne de hege spits werom, sa't dy dêr sûnt de midsiuwen stien hie.

Ynterieur

Fanwegen it ljochtgiel (jaune d’argent) yn de brânskildere ramen en de detaillearre útfiering hearre in tal 14e, 15e en 16e-iuwske glês-yn-leadramen ta de moaisten fan Frankryk. Dêrnjonken binne de koerbanken en de preekstoel fan keunsthistoarysk belang.

Oargel

It moderne oargel

De katedraal krige yn de jierren 2005-2007 in grut nij oargel fan Pascal Quoirin efter in opfallend futuristysk front. It is in fjouwermanualich oargel mei 53 registers en ferfong in oargel fan de Nederlânske oargelbouwer Van Pels út 1949, dat oarspronklik yn de Sint-Hippolytustsjerke fan Delft stie en trochferkocht waard oan in tsjerke yn Spanje.[1]

Arsjitektuer

De yn grutte dielen letgoatyske katedraal is fan kalkstien boud. De opbou fan de muorren fan it trijeskippige bouwurk mei dwersskip is trijedielich. It trifoarium yn it tsjerkeskip is iepen en hat in rinpaad, yn it koer mei in kapellekrâns hat it trifoarium ramen. De rûnbôgige arkades fan it tsjerkeskip binne letromaansk. De krúsribferwulften binne hast yn de hiele tsjerke itselde, mar de pylders fan it koer binne oars as de rest en as bundelpyldres útfierd. Eastlik wurdt de katedraal ôfsletten troch in lange minder hege Marijekapel.

Súdlik grinzget oan de katedraal it 15e-iuwske biskoplike paleis.

Fan de oarspronklik twa ferdjippings tellende kleastergong binne noch twa fleugels mei letgoatysk maaswurk bewarre bleaun.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.