Kataloanje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Spanje | |
Algemien | |
Haadstêd | Barselona |
Oerflakte | 32.114 |
Befolking | 7.083.000 |
Befolkingstichtens | 218,73 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Pica d'Estats |
Provinsjes | Barselona, Girona, Lleida, Tarragona |
Kataloanje (Katalaansk: Catalunya, Oksitaansk: Catalonha, Spaansk: Cataluña) is ien fan de 17 Spaanske autonome regio's, en waard as sadanich oprjochte yn 1979. Kataloanje leit yn it noardeasten fan Spanje oan de kust fan de Middellânske See. De kust bestiet út de Costa Brava, Costa del Maresme, Costa del Garraf en de Costa Daurada. De regio grinzet yn it suden oan de regio Valencia, yn it westen oan Arragon en yn it noarden oan Frankryk. De haadstêd en grutste stêd fan Kataloanje is Barselona. Op 27 oktober 2017 hat it Katalaanske parlemint Kataloanje ûnôfhinklik fan Spanje ferkleare.
Skiednis
Kataloanje is ûntstien út de Spaanske Mark, it diel fan Spanje dat troch de Franken ferovere wie op de islam. In ynhiemske oanfierder Wilfred (874-898) waard de stifter fan de dynasty fan greven fan Barselona. Dat laach ûntwikkele har yn de 10e- en 11e iuw stadichoan ta in macht fan betsjutting. Sûnt 1137 doe't Ramon Berenguer IV troch houlik Arragon ferwurf, falt de skiednis fan Kataloanje mien mei dy fan Arragon.
Under de Spaanske republyk (1931-1939) hie Kataloanje gâns selsstannigens. Troch Franco waard dat wer beheind.
Referindum 1 oktober 2017
Op 1 oktober 2017 waard yn Kataloanje in referindum holden oer ûnôfhinklikens fan de regio. It sintrale regear fan Spanje neamde dat referindum yllegaal en stjoerde 10.000 aginten út de rest fan it lân nei Kataloanje om de ferkiezings tefoarren te kommen. By ynfallen naam de Guardia Civil yn Barselona likernôch 10 miljoen stimbiljetten yn beslach, ek waarden minsken fan it Katalaanske bestjoer oanholden.[1] Yn oanrin nei it referindum bleau it fan de kant fan de Europeeske Kommisje opfallend stil.[2]
De dei fan it referendum ferrûn troch de ynset fan de manmachtige plysje tige rûzich, dy't by de stimlokalen en demonstraasjes hurd yngrypte. It geweld fan de plysje resultearre neffens de Katelaanske oerheid yn 840 minsken mei ferwûnings, wylst der 33 aginten ferwûne rekken.[3] By likernôch 14% fan de stimburo's wie it troch de plysje net mooglik om te stimmen. De boargemaster fan Barselona Ada Colau beskuldige it regerear fan Rajoy der fan fundamintele rjochten en frijheden fan de boargers te ûnderminen en easke syn ûntslach.[4]
Nettsjinsteande de aksjes fan it regear wie de opkomst fan it referindum dochs noch 43,3%, wêrfan't 90% fan de kiesgerjochtigen him foar ûnôfhinklikens útspruts.[5]
Bestjoerlike yndieling
Kataloanje bestiet út fjouwer provinsjes:
Provinsje | Ynwennertal | Haadstêd | Ynwennertal |
---|---|---|---|
Barselona |
5.270.958 | Barselona | 1.593.485 |
Girona |
675.455 | Girona | 86.672 |
Lleida |
399.439 | Lleida | 124.709 |
Tarragona | 704.907 | Tarragona | 128.152 |
Totaal | 6.995.206 |
Klimaat
Kataloanje beskikt oer in mediterraan klimaat mei sêfte winters en waarme simmers. Fierder it lân yn wurde de winters troch de fermindere ynfloed fan de seewyn kâlder en simmers hjitter. De Katalaanske Pyreneeën dy't sawat 3,5 kilometer heech binne, hawwe in berchklimaat. Ek yn de berchdalen oan de foet fan de Pyreneeën, lykas yn Tremp, kin it winters roetkâld wurde. Op de hege Pyreneeën falt yn de winter in soad snie dat sels simmerdei lizzen bliuwt. It noflike klimaat oan de kust en de kâlde winters yn de bergen ticht by Barselona, lûke sawol simmers as winters in soad toeristen.
Nijsgjirrichheden
- It Kleaster fan Poblet, yn Vimbodí i Poblet (provinsje Tarragona)
- De Romaanskse tsjerken yn de fallei Vall de Boí, yn de provinsje Lerida
- It archeologyske ensemble fan Tarraco yn Tarragona
- Palau de la Música Catalana konsertgebou yn Barselona
- Hospital de Sant Pau, sikehûs yn Barcelona
- Sagrada Familia fan Antoni Gaudí yn Barselona
- Park Güell fan Antoni Gaudí yn Barselona
- Palau Güell fan Antoni Gaudí yn Barselona
- Casa Milà fan Antoni Gaudí yn Barselona
Natoer
Kataloanje hat in tige ôfwikseljend lânskip, dat bestiet út bergen, rotskusten, grutte fjilden en rivierdelta's, dêr't de Ebrodelta de wichtichste fan is.
- Coma Oriola
- Lânskip fan Aigüestortes
- Kleaster op Montserrat
- La Serra del Cadí
- De rivier de Foix
Keppelingen om utens
- (kat) Generalitat de Catalunya
Andalûsje • Aragon • Astuerje • Baleären • Baskelân • Ekstremadoera • Falinsia • Galysje • Kanaryske Eilannen • Kantaabrje • Kastylje en Leön • Kastylje-La Mansja • Kataloanje • Madrid • Moersia • Navarra • La Riocha | |
Ceuta • Melilla |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|