In yllustraasje fan in operaasje ta kastraasje, troch Sjaraf ed-Din út 1466.

Kastraasje (fan it Latynske castratus), yn it medysk jargon omskreaun as gonadektomy of orchidektomy, is de namme fan eltse hanneling dy't derfoar soarget dat in minske of bist it gebrûk fan 'e testikels ferliest. Dêrby kin men yn it foarste plak tinke oan it ôfsnijen, by in operaasje of op in oare wize, fan 'e testikels. Mar in oare foarm fan kastraasje is gemyske kastraasje, dy't plakfynt troch it ynnimmen fan farmaseutyske middels dy't liede ta it deäktivearjen fan 'e testikels. Kastraasje komt yn elts gefal foar sûnt it begjin fan 'e dokumintearre skiednis en nei alle gedachten langer. Yn 'e Aldheid omfieme it gauris it ôfsnijen fan sawol de testikels as de penis, eat dat ûntmanning hjit. Kastraasje liedt ta sterilisaasje (in ûnfermogen ta fuortplanting), en it soarget dêrnjonken ek foar in grutte fermindering fan 'e produksje fan beskate hormoanen, lykas testosteron.

Effekten

Manlju dy't kastrearre wurde foar't se de puberteit berikt hawwe, behâlde harren hege stim, net-spierde lichemsbou en lytse penis. Der bestiet ek grutte kâns dat sa'n persoan lyts fan stal bliuwt om't by him de produksje fan seksuële hormoanen yn 'e puberteit (om persiis te wêzen, fan oestrogeen troch de aromatisearring fan testosteron) de groei fan langere bonken stilset. It kin ek wêze dat sa'n persoan gjin skamhier kriget. Kastrearre manlju kinne har net fuortplantsje, mei't de dêrfoar ûnmisbere siedsellen yn 'e testikels produsearre wurde. In wiidferspraat misferstân is lykwols dat kastrearre manlju hielendal gjin seks hawwe kinne soene. Salang't net ek harren penis ôfsnien is (wat yn 'e Aldheid by kastraasje gauris dien waard), kinne kastrearre manlju lykwols yn teory seks hawwe. Dêrby moat oantekene wurde dat se troch gebrek oan testosteron dêrta net folle (of hielendal gjin) oanstriid fiele sille.

As de kastraasje nei it begjin fan 'e puberteit útfierd wurdt, sil yn 'e measte gefallen de oanstriid om seks te hawwen, it libido, sterk fermindere wurde of hielendal ferdwine. Ek de agresje nimt tige sterk ôf. By sokke manlju feroaret de stimhichte lykwols net. Guon kastrearre minsken hawwe melding makke fan feroarings yn 'e gemoedstastân, lykas it ûntstean fan depressiviteit of krekt fan in mear sereen libbensútsjoch, mar it tinken ûnder saakkundigen is dat soks wierskynlik minder oan gemyske feroarings yn harren hormoanhúshâlding leit as oan emoasjes dy't it gefolch binne fan it besef fan 'e ymplikaasjes fan 'e kastraasje. Fierders kin lichemskrêft en spiermassa wat ôfnimme, en itselde jildt foar de oanwêzigens fan lichemsbehierring. Kastraasje komt kealheid by manlju foar, as it dien wurdt foar't de oangeande persoan it hier ferliest. Hier dat al ferlern gien is, komt der net fan werom.

Histoarysk litten in protte eunugen, by wa't tagelyk mei de testikels ek de penis ôfset wie, oan ynkontininsje. Sûnder hormoanferfangingsterapy lije kastrearre manlju fierders oan symptomen dy't ek foarkomme by froulju dy't de menopauze berikt hawwe: hommelse tydlike stigings fan 'e lichemstemperatuer, stadich ferlies oan bonketichtens dat resultearret yn osteoporoaze (bonke-ûntkalking), en de niging om oan te kommen, wêrby't it ekstra gewicht benammen yn 'e foarm fan lichemsfet op 'e heupen en it boarst telâne komt. In wittenskiplik ûndersyk nei 81 histoaryske eunugen oan it Koreaanske Keninklik Hôf liet fierders sjen dat sokke kastrearre manlju trochinoar 14 oant 19 jier langer libben as ferlykbere net-kastrearre manlju út deselde sosjaal-ekonomyske klasse. Fan harren waard 3% (in tige heech persintaazje foar dy tiid) mear as hûndert jier âld. De reden foar dat ferskil liket benammen te wêzen dat kastrearre manlju harren troch in gebrek oan testosteron net (gau) oerjouwe oan riskant hâlden en dragen, lykas geweld.

Redens

  • Fan 'e Aldheid oant frij resinte tiden waard kastraasje brûkt as middel om eunugen te produsearjen. Dat wiene ornaris slaven of tsjinners dy't sels neat oer harren kastraasje te sizzen hiene. Hja waarden benammen ynset as amtners en as leden fan 'e hofhâlding fan in hearsker, yn 't bysûnder as fersoargers of bewekkers fan 'e harem. Eunugen kamen iuwenlang rûnom foar yn it Heine Easten, Súd-Aazje, Súdeast-Aazje en Sina.
  • Fierders waard fan 'e Aldheid ôf ûnfrijwillige kastraasje ek wol ynset as oarlochsmiddel, dat brûkt waard om it de mannen fan 'e oerwûne fijân ûnmooglik te meitsjen har noch fuort te plantsjen, sadat de oerwinners harren froulju yn besit nimme en eigen neikommelingen by harren oansette koene.
  • Yn religieuze kontekst wie kastraasje yn it kristendom soms tapast as in middel foar beskate asketen om wjerstân te bieden oan seksuële ferlieding. Dat diene se op basis fan 'e tekst yn Mattéus 19:12, dêr't Jezus Kristus neffens de Nije Fryske Bibeloersetting û.m. seit: "[...] mar der binne ek guon dy't fan trouwen ôfsjogge om de saak fan it himelske ryk." Yn guon (âldere) bibeloersettings waard dat werjûn as "[...] mar der binne ek guon dy't harsels ta eunugen meitsjen om de saak fan it himelske ryk."
  • Ek waard kastraasje yn it ferline wol brûkt as bestraffing, bygelyks foar feroardiele ferkrêfters, mar ek wol foar homoseksuële manlju yn tiden dat homoseksualiteit yn 'e Westerske wrâld noch strang ferbean wie. Yn Nederlân waard kastraasje fan homo's bygelyks, sij it by ûntsûndering, noch tapast oant yn 'e 1960-er jierren.
  • Yn dielen fan West-Jeropa, benammen Itaalje, wie it oant yn 'e achttjinde iuw populêr en oant fier yn 'e njoggentjinde iuw noch ridlik gebrûklik om jonge sjongers te kastrearjen sadat se harren moaie hege sjongstim net ferlieze soene as se yn 'e puberteit rekken. Sokke kastrearre sjongers waarden kastraten neamd.
  • Tsjintwurdich wurdt kastraasje sporadysk noch útfierd yn gefallen fan prostaatkanker, wêrby't testosteron-depleesje tapast wurdt om 'e groei fan 'e kankersellen te fertraagjen.
  • In oare reden foar hjoeddeistige kastraasje is as ûnderdiel fan geslachtsferoaringsoperaasjes, wêrby't transseksuëlen dy't fysyk manlju binne, froulike geslachtsorganen oanmetten krije dy't passe by harren geslachtsidentiteit.

Gemyske kastraasje

Gemyske kastraasje is in behanneling dy't wol tapast wurdt by lju dy't feroardiele binne foar in foarm fan seksueel misbrûk, lykas ferkrêfters en praktisearjende pedofilen. Dêrfoar binne geregelde ynjeksjes mei anty-androgenen nedich. By gemyske kastraasje wurde dus de testikels net ferwidere, mar wurde dy ynstee mei farmaseutyske middels bûten wurking steld. Gemyske kastraasje liket in grutter effekt te hawwen op bonketichtheid as fysike kastraasje, mar sûnt de ûntwikkeling fan teriparatide kin mei dat middel it bonkeferlies yn frijwol alle gefallen weromdraaid wurde. No't gemyske kastraasje mooglik is, wurdt yn genêskundige fermiddens fysike kastraasje inkeld noch oanret yn gefallen dat it medysk (ynstee fan maatskiplik) needsaaklik achte wurdt, lykas by fierfoardere prostaatkanker.

Kastraasje by froulju

Ornaris wurdt mei 'kastraasje' ferwiist nei it ferwiderjen of op oare wize bûten wurking stellen fan 'e testikels by manlju, mar de term kin ek brûkt wurde om mei te ferwizen nei it ferwiderjen fan 'e aaistokken by froulju, in proseduere dy't yn it medysk jargon bekendstiet as oöforektomy. Dat hat in grutte fermindering fan 'e produksje fan oestrogeen ta gefolch, en op 'e lange termyn binne de effekten dêrfan yn it hiele lichem tige grut.

Kastraasje by bisten

Kastraasje by bisten, of feterinêre kastraasje, wurdt gauris tapast by domestisearre manlike bisten dy't net bedoeld binne om mei te fokken. Dêrby giet it sawol om fee, lykas bargen, hinnen, skiep, kij en hynders, as om selskipsdieren, lykas hûnen en katten. Behalven om it foarkommen fan fuortplanting spilet dêrby faak ek it foarkommen fan agresje binnen de keppel in rol, en fierders it foarkommen fan oare uterings fan seksueel hâlden en dragen by bisten, lykas it ferdigenjen fan 'e keppel tsjin minsken. Foar kastrearre mantsjebisten fan guon soarten besteane spesifike termen. Sa is in kastrearre hynst in rún, in kastrearre bolle in okse en in kastrearre hoanne in kapoen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.