Karton (fan it Frânske carton) is papier, dat út meardere lagen bestiet en in gewicht hat fan mear as 179 g/m2. It is ek de namme foar ferpakking fan buordpapier, sa as bygelyks frisdrank yn karton.
Karton is it measte brûkt foar doazen, sa as bygelyks ferhûsdoazen en skuondoazen. Ek kokers foar it ferstjoeren fan post of it oprôljen fan bygelyks kalinders binne makke fan karton. Sjesokke kokers wurde makke fan stroken karton dy't njonken inoar om in as rinne en mei plakguod oan inoar fêst plakt wurde.
Soarten karton
- Tearkarton
- Massyfkarton
- Golfkarton
- Turfkarton
- Foarmkarton
Striekarton
Striekarton wurdt makke fan strie. Hjoed-de-dei wurdt der hast net mear striekarton makke, om't it fersmoargjend foar it miljeu wie. Mear as hûndert jier ferlyn wie it lykwols de wichtichste manier om karton te meitsjen. Tusken 1870 en 1970 waard der yn Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, dêr't striekartonfabriken yn Ljouwert, Feandam en Leer stiene, makke. By striekarton is de rizel te sjen. Hjoed-de-dei wurdt âld papier almeast brûkt foar it meitsjen fan karton.