Kartago
đ€’đ€“đ€•đ€Ÿđ€‡đ€ƒđ€”đ€•
Qart-áž„adaĆĄt
814 f.Kr. – 146 f.Kr.
flagge wapen
geografyske lokaasje

It Kartaachske Ryk yn 264 f.Kr.
polityk
haadstĂȘd Kartago
offisjele taal ‱Punysk
‱Fenisysk
‱Berbersk
‱Numidysk
steatsfoarm ‱ keninkryk oant 480 f.Kr.
‱ republyk
Ă»ntstien Ășt Fenysje
opgien yn ‱ Romeinsk Afrika
‱ Sicilia (Romeinske provinsje)
‱ Hispanje
‱ Mauretaanje
no diel fan‱ Algerije
‱ Itaalje
‱ Lybje
‱ Malta
‱ Marokko
‱ Spanje
‱ Tuneezje
sifers
ynwennertal3.700.000-4.300.000 (221 f.Kr.)
bykommende ynformaasje
muntienheidKartaachske sjekel
Dizze side giet oer it koloniale hannelsryk. Foar de stĂȘd, sjoch: Kartago.

It Kartaachske Ryk of it Punyske Ryk wie yn de Ăąldheid de grutste seemacht en beskaving yn it westlike MiddellĂąnske Seegebiet. De stĂȘd Kartago wie it sintrum fan it ryk dat fan likernĂŽch 814 f.Kr. oant 146 f.Kr. bestie. It begĂ»n as in Fenisyske hannelskoloanje en woeks stadichoan Ășt ta in machtige stedsteat. It waard oant de tredde iuw f.Kr. de machtichste see- en hannelsmacht yn it westlike MiddellĂąnske Seegebiet. It ryk omfieme op syn wiidst de kustgebieten fan it hjoeddeistige Lybje, Tuneezje, Algerije, Marokko en Spanje en de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de BaleĂ€ren.

It ryk hie de grutste kriichsfloat fan dy tiid en in leger dy't foar in grut part Ășt hierlingen bestie. Troch syn dominante posysje rekke Kartago gauris yn konflikt mei buorfolken, lykas de ferskate Berberske stammen yn Noard-Afrika, de Grykske Sisyljers yn Sisylje en de machtiger wurdende Romeinske Republyk, dĂȘr't Kartago nei de Punyske oarloggen lang om let belies oan jaan moast.

De taal fan de Kartagers wie it Punysk, dat Ășt it Fenisysk wei fuortkaam. De wichtichste boarnen oer Kartago dy't oerlevere binne, komme fan Gryksk-Romeinske skriuwers, lykas fan benammen Polybius en Titus Livius, om't in grut part fan it Punysk skriuwwurk fuortrekke waard. De Grykske en Romeinske skriuwers skreaune lykwols yn in negatyf ljocht oer Kartago om't it de fijĂąn wie. Troch argeologyske fynsten is der folle mear oer de Kartaachske kultuer bekend wurden.

Namme

De namme "Kartago" komt fan it MidfrĂąnske Carthage, dat fan it Latynske Carthāgƍ en Karthāgƍ komt, dat wer fan it Grykske Karkhēdƍn (ΚαρχηΎώΜ) en Etruskyske *CarΞaza komt, en dy't wer fan it Punyske qrt-áž„dĆĄt (𐀒𐀓𐀕 đ€‡đ€ƒđ€”đ€• "nije stĂȘd") komme.

"Punysk", dat gauris as in synonym brĂ»kt wurdt mei "Kartaachsk", komt fan it Latynske poenus en punicus, dat wer fan it Grykske wurd ÎŠÎżáż–ÎœÎčΟ (Phoinix), meartal ÎŠÎżÎŻÎœÎčÎșΔς (Phoinikes), komt en dat as in eksonym brĂ»kt waard om nei de KanaĂ€nityske havenstĂȘden te ferwizen dĂȘr't de Griken mei hannelen. It Latyn naam de Gryskske wurden nochris oer as phoenix, meartal phoenices. De Griken en Romeinen brĂ»kten beide de begripen "Fenisysk" en "Punysk" om nei alle Fenysjers te ferwizen dy't yn it MiddellĂąnske Seegebiet wennen. Hjoeddeistige skiedkundigen ferwize "Punysk" nei de Fenysjers yn it westlike MiddellĂąnske Seegebiet, sa as bygelyks de Kartagers. Ek wurde Punyske groepen wol ferwiisd as bygelyks "Sisilo-Punysk" foar de Fenysjers yn Sisylje of "Sardo-Punysk" foar dyjingen yn Sardynje. Aldgrykske skriuwers ferwiisden bytiden de mingde Punysk-lĂąnseigen befolking fan Noard-Afrika (Lybje) as "Libo-Fenysjers".

It is net wis wat de Kartagers harren sels neamden. It Fenisyske heitelĂąn yn it Midden-Easten stie yn de lĂąnseigen sprake as 𐀐𐀕 (PĆ«t), en it folk as de đ€đ€đ€‰đ€Œ (Pƍnnim) bekend. Skriuwers fan it Ăąlde Egypte oppenearren dat it folk fan dy omkriten harren sels Kenaani of Kinaani (KanaĂ€niten) neamden. In passaazje fan Augustinus waard gauris ynterpretearre dat de PĂșnjers yn Noard-Afrika harrensels chanani (KanaĂ€niten) neamden, mar dat wurdt hjoed-de-dei sjoen dat dat om in fersin gie. Guon bewiis yn Sisylje hat sjen litten dat guon westlike Fenysjers it begryp Phoinix brĂ»kten.

Leginde

De selsmoard fan Dido troch Claude-Augustin Cayot (1667–1722)

Der is net in soad bekend oer it stiftsjen fan Kartago. Der binne ferskate wurken oerlevere fan Grykske en Romeinske skriuwers dy't mear legindarysk fan aard binne, mar dochs in grissel fan de werklikheid befetsje. Dy leginden waarden almeast skreaun nei't Kartago oan de ein fan de Tredde Punyske Oarloch troch de Romeinen ferwoastge waard.

De leginden komme aardich meiĂŻnoar oerien dat de stĂȘd Kartago troch kolonisten fan de Fenisyske stedsteat Tyrus, laat troch de ferballe prinsesse Dido (ek bekend as Elissa of Alissa), stifte waard. Dido wie de dochter fan kening Belus II fan Tyrus, dy't de troan nei syn dea taliet oan Dido en har broer Pygmalion. Pygmalion liet Dido har man Aserbas, de hegepreester fan Melkart, fermoardzje, om't Pygmalion syn rykdom begearde. Dido en har folgelingen flechten dĂȘrop fan har broer en ferfearen nei Noard-Afrika en stiftsje dĂȘr in nije stĂȘd.

Doe't Dido en har Tyrenen dĂȘr oankamen, waarden se groeten troch it Numidysk stamhaad Hiarbas, dy't harren in stik lĂąn ta sei yn de grutte dat bedutsen wurde kin troch de hĂ»d fan ien hiele okse. Dido wie snoad en snie de hĂ»d yn tige tinne slyskes en lei dy om de gĂąnse heuvel fan Byrsa hinne. Doe't de Tyrenen Ășteinsetten mei it graven fan de fundearrings, fĂ»nen se de kop fan in okse. Dat wie it foarteken dat de stĂȘd it dreech hawwe soe en ta slaaf makke wurde soe. Se besleaten dĂȘrnei de stĂȘd justjes fierderop te bouwen, dĂȘr't se de holle fan in hynder fĂ»nen, dat yn de Fenisyske kultuer in teken fan dapperens en oerwinning betsjutte. It hynder foarsei it plak en de woltierigens fan de nije stĂȘd en waard it embleem fan Kartago, dat fan it Fenisyske Qart-Hadasht (Nije StĂȘd) ĂŽfkomt.

Kartago woeks de folgjende sĂąn jier Ășt ta in woltierich plak Ă»nder de hearskippij fan keninginne Dido. De woltierigens fan de nije stĂȘd lutsen Fenysjers fan it tichteby lizzende Utika, en lĂąnseigen Lybjers allyk, oan. Kening Hiarbas woe Dido boaskje, mar Ășt eare fan har ferstoarne man, woe se dat mar net. Njonkelytsen bea Dido in skĂ»lplak yn Kartago oan Aeneas en syn manlju oan, dy't Ășt Troje wei flechten. Dido en Aeneas rekken meiĂŻnoar fereale, en mei in jachtekspedysje makken se plannen om meiĂŻnoar te trouwen. De god Jupiter stjoerde dĂȘrop in geast yn de foarm fan de god Merkurius om Aeneas yn it sin te bringen dat it net de bedoeling wie dat er yn Kartago mei syn nije leafde bliuwe soe, mar dat er nei Itaalje ferfarre moast en stiftsje Rome. Aeneas en syn Trojanen ferfearen dĂȘrnei nei Itaalje en Dido rekke tige drĂŽf, dat se harsels mei syn swurd deastuts. Wylst se ferstoar rĂŽp se in flok Ășt dat der in ivige striid tusken it folk fan Aeneas en it folk fan harsels wĂȘze soe, doelend op de strideraasjes dy't om de macht fan it MiddellĂąnske Seegebiet tusken Kartago en de Romeinske Republyk Ăștfochten wurde soene.

Skiednis

Stifting as Fenisyske koloanje

In bĂșste fan de goadinne Tanit Ășt de fjirde iuw f.Kr. dat fĂ»n waard yn de nekropolis fan Puig des Molins, hjoed-de-dei yn it museum fan Puig des Molins, Ibytsa

Om harren hannel makliker te meitsjen stiften de Fenysjers ferskate koloanjes en hannelsposten yn it MiddellĂąnske Seegebiet. Om't Fenysje gjin ienheidsteat wie, mar Ășt selsstannige stedsteaten bestie, wiene der gjin mooglikheden en ek net it ferlet derfoar en stiftsje in grut koloniaal ryk. De measte koloanjes hiene lykwols net mear as 1000 ynwenners, mei ĂștsĂ»ndering fan in pear sa as bygelyks Kartago, dy't grutter woeksen. De reden foar kolonisaasje wie meastentiids feilige plakken te finen foar harren hannelsfloat. Ek woene guon fan de Fenysjers fan harren ferplichtingen Ă»ntsnappe, dy't machten om utens gauris op harren Fenisyske thĂșslĂąn opleine. In oare driuwfear wie de opkommende Griken, dy't ek koloanjes stiften yn it MiddellĂąnske en Swarte Seegebiet.

De earste Fenisyske koloanjes yn it westlike MiddellĂąnske Seegebiet woeksen by de twa hannelsrĂ»tes rjochting it Ibearysk SkiereilĂąn del. Oan de iene kant by de kust fan Noard-Afrika del en oan de oare kant op de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de BaleĂ€ren. Tyrus, dy't de woltierichste stedsteat fan de Fenisyske lĂąnstripe wie, late de koloniale fĂȘstigings oan de kusten. Neffens Strabo stiften de Tyrenen wol 300 koloanjes oan de noardafrikaanske kust, alhoewol't it in dĂșdlike oerdriuwing wie, Ă»ntstiene der ferskate koloanjes yn Tuneezje, Algerije, Marokko, Ibearje en yn mindere mjitte oan de toare kust fan Lybje. Hja waarden benammen stifte as hannelsposten by de Afrikaanske kust del dy't sa'n 30 oant 50 km faninoar ĂŽf leine.

Doe't de Fenysjers Ășteinsetten mei it stiftsjen fan koloanjes oan de Afrikaanske kust, wiene der al Fenisyske koloanjes op Syprus, Kreta, Sisylje, Sardynje, Korsika, de BaleĂ€ren en ek op it Jeropeeske fĂȘstelĂąn yn it hjoeddeistige Genua en Marseille. Yn de koloanjes op Sisylje en Kreta kaam it al rillegau ta strideraasjes mei de Griken dĂȘre, en Fenisyske kontrĂŽle oer Sisylje duorre dĂȘrnei net lang mear. Letter kamen dy gebieten Ă»nder it bestjoer fan Kartago, dy't sels ek wer nije koloanjes stiftsje liet, benammen nei it neigean fan Tyrus en Sidon.

WĂȘrom't de Tyrenen it plak fan Kartago Ăștsocht hiene, hiene se ferskate redens. It lei yn it midden oan de kust oan de Golf fan Tunis, dĂȘr't it in goede tagong ta de MiddellĂąnske See hie en dĂȘr't it yn de lijte fan de stoarmen lei. It lei ek tichteby de fitale Strjitte fan Sisylje dĂȘr't in wichtige hannelsrĂ»te fan it easten nei it westen trochhinne rĂ»n. De stĂȘd waard op in heuveleftich trijehoekich skiereilĂąn boud, dĂȘr't de Mar fan Tunis benefter leit, dy't foar in ryk ferskaat oan fisk en in feilige haven soarge. It skiereilĂąn wie mei in smelle stripe lĂąn ferbĂ»n oan it fĂȘstelĂąn, dat in rĂ»ch gea hie dĂȘrmei't de stĂȘd maklik te ferdigenjen wie. In sitadel waard op de heuvel Byrsa boud, in lege heuvel mei Ăștsjoch op de see.

Untjouwing ta hannelsmacht

In mooglike rekonstruksje fan Punysk Kartago

Yn tsjinstelling ta oare Fenisyske koloanjes, woeks Kartago grutter en flugger. Reden dĂȘrfoar wie it geunstige klimaat en de strategyske lizzing. It gea om Kartago hinne wie gaadlik foar lĂąnbou en der wiene in soad grĂ»nstoffen, sa as mineralen oanwĂȘzich. En om't it oan de wichtige hannelsrĂ»te lei, waard it it wichtichste hannelsplak tusen Afrika en de rĂȘst fan de antike wrĂąld. It foarseach oan in mearfĂąld fan lĂșkse en seldsume produkten, lykas terrakottabyldsjes en maskers, juwielen, bewurke ivoar, strĂșsfĂ»gelaaien en in ferskaat oan iten en wyn. In iuw nei' it stifte waard hie Kartago al 30.000 ynwenners. Benammen nei de sĂąnde iuw f.Kr., doe't de Fenisyske stĂȘden yn it neigean rekken en Ă»nder Babyloanysk gesach kamen, naam Kartago de posysje fan syn memmestĂȘd Tyrus oer.

Yn Kartago woeks sa stadichoan in eigen nasjonale identiteit. Alhoewol't de Kartagers de Fenisyske gewoanten en leauwe oanholden, Ă»ntjoech der yn Kartago en oare westlike Fenisyske koloanjes in eigen Punyske kultuer, dĂȘr't guon aspekten fan de lĂąnseigen gewoanten en leauwen yn mingd waarden. Guon godlikheden waarden promininter yn it Kartaachsk panteon as yn dy fan Fenysje. Fan de fyfde iuw f.Kr. ĂŽf earen de Kartagers Grykske goaden lykas Demeter. Kartago hold guon aspekten fan it Fenisyske leauwe, dy't bygelyks yn Tyrus al net mear dien waarden, sa as it berne-offer. Ek Ă»ntstie it Punysk yn Kartago en de westlike Fenisyske koloanjes, dat as in dialekt fan it Fenisysk ta in eigen taal, troch lĂąnseigen ynfloeden, Ă»ntjoech, en it Punysk skrift in oanpaste foarm fan it Fenisysk alfabet waard.

Dy dingen droegen der oan by dat Kartago in selsstanige politike ienheid waard. Dat moat sa om 650 f.Kr. hinne bard wĂȘze, doe't it mei syn eigen kolonisaasjes yn it westlik MiddellĂąnske Seegebiet Ășteinsette. Kartago hold nettsjinsteande dat in ferbĂ»n mei Tyrus en syn Fenisyske thĂșslĂąn. Der kamen noch hieltyd Tyreenske migranten nei de stĂȘd, en Kartago stjoerde in jierliks tribĂșt nei de timpel fan Melkart yn Tyrus.

Yn de sechde iuw f.Kr. rekke Tyrus fierder yn it neigean en erkende de hearskippy fan de Perzyske kening Kambyses II (hearske fan 530-522 f.Kr.) dat der ta late dat Fenysje yn it Perzyske Ryk opnommen waard. Kartago waard dĂȘrnei de machtichste stĂȘd yn it MiddellĂąnske Seegebiet.

It foarmjen en de skaaimerken fan it ryk

It Punysk distrikt yn Kartago

Alhoewol't de Kartagers de Fenisyske seehannel oernamen, ferskilden se fan de Fenysjers troch harren ymperialistyske en militaristyske ambysjes. De Fenisyske stedsteaten hiene komselden lĂąnhonger, wylst Kartago syn gebiet hieltyd mar Ăștwreide, om noch mar mear hannel en grĂ»nstoffen te bemachtigjen. It is net wis wat de Kartagers der ta bewege, yn tsjinstelling ta oare Fenisyske koloanjes, om in poltike en ekonomyske hegemony te stiftsjen. De Punyske stĂȘd Utika, dy't flakby lei, wie Ăąlder as Kartago en hie deselde geografyske en politike foardielen dy't Kartago hie, mar hie alhiel gjin doelen ta hegemony, en kaam letter sels Ă»nder Kartaachske ynfloed. Ien andert kin wĂȘze dat troch de Babyloanyske en Perzyske hearskippij oer Fenysje, in soad Fenisyske flechtelingen harren ta wenjen setten yn Kartago. Sa waarden de woltierigens, kultuer en tradysjes fan Tyrus nei Kartago oerbrocht. Ek de driging fan Etruskyske en Grykske konkurrinsje yn it westlik MiddellĂąnske Seegebiet droech dĂȘr oan by.

Der is net folle oer de Kartaachske polityk bekend fan foar de tredde iuw f.Kr.. Mar wat der al oer bekend is, is de hearskippij fan Mago I (550-530 f.Kr.) en de macht fan de Magoniden yn de folgjende desenniums dy't de Kartaachske macht Ăștwreiden. Mago wie in generaal yn it Kartaachsk leger en hy waard de earste lieder dy't it militarisme fuorsterke. Hy yntrodusearre nije militĂȘre strategyen en technologyen. Hy wreide it leger ek Ășt mei it rekrutearjen fan soldaten fan Ă»nderwurpen folken en hierlingen, om't de befolking fan Kartago noch hieltyd te lyts wie en ferdigenje syn fersprate koloanjes. Lybjers, Ibearjers, Sardynjers en Korsikanen waarden yn Mago syn leger oannommen.

Oan it begjin fan de fjirde iuw f.Kr. wie it Kartaachske Ryk de grutste macht yn it westlik MiddellĂąnske Seegebiet, en soe dat de folgjende trije iuwen bliuwe. Kartago naam alle tichteby lizzende Fenisyske koloanjes oer, lykas Hadrumetum, Utika, Hippo Diarrhytus en Kerkouane, Ă»nderwurp in soad oanswettende Libyske stammen, en oermastere gĂąns de noardafrikaanske kust fan Marokko oant en mei westlik Lybje. Ek Sardynje, Korsika, Malta, de BaleĂ€ren en de westlike helte fan Sisylje, dĂȘr't boargen oan de kust, sa as dy fan Motya en Lilybaeum, harren gebiet fersterken. Op it Ibearysk SkiereilĂąn, dy't ryk oan metalen wie, Ă»ntstiene ek Kartaachske koloanjes. De Kartaachske ynfloed dĂȘre rekke syn hichtepunt by it oermasterjen fan it gebiet troch generaal Hamilkar Barka (237-228 f.Kr.)

It Kartaachske Ryk wie foar in grut part in wiidfiemjend hiel mei ferskate manieren fan bestjoer. It stifte nije koloanjes, befolke en stifte Ăąlde koloanjes fannijs, foarme alliĂąnsjes mei oare Fenisyske stedseaten en wreide syn gebiet troch militĂȘr bemasterjen. Wylst guon Fenisyske koloanjes harren frijwillich oan Kartago Ă»nderwurpen, fersetten oaren, sa as yn Ibearje en Sardynje, dĂȘr tsjin. DĂȘr't oare Fenisyske stĂȘden gjin streekrjochte kontrĂŽle oer harren koloanjes Ăștoefenen, stelden de Kartagers magistraten oan yn harren eigen koloanjes om streekrjochte kontrĂŽle te krijen. Dat belied late ta dat der in stikmannich Ibearyske stĂȘden harren by de Romeinske Republyk yn de Punyske oarloggen oansleaten. Yn oare gefallen waard de hegemony fan Kartago befĂȘstige troch ferdraggen, alliĂąnsjes, tributen fan oare folken, en oare soksoarte regelingen. It like wol op de Delyske BĂ»n, dy't troch Atene laat waard, it Spartaansk keninkryk (Ă»nderwurpen folken tsjinnen as slaven foar de Punyske elite en steat) en, yn mindere mjitte, de Romeinske Republyk (bĂ»nsmaten dy't mankrĂȘften en tributen besoargje).

Yn 509 f.Kr. tekenen Kartago en Rome de earste fan ferskate ferdraggen dy't harren ynfloed en hannelsaktiviteiten fĂȘstleine. Dat wie de earste skreaune boarne oer Kartaachske kontrĂŽle oer Sisylje en Sardynje. Dat ferdrach stelde fĂȘst dat Kartago op syn minst lykweardich, of mear, wie oan Rome, dy syn ynfloed net fierder gie as it midden en suden fan Itaalje. Troch syn Fenisyske komĂŽf, ferskilde de Kartaachske ynfloed mei dy fan Rome. Kartago lei de neidruk op de seehannel, de kustkoloanjes en de kriichsfloat, dĂȘr't Rome de neidruk lei op gebietsĂștwreiding. Kartago syn ambysjes wiene mear kommersjeel as ymperiaal, en dĂȘrom joegen se de foarkar oan de foarm fan hegemony troch middel fan ferdraggen en alliĂąnsjes as oan bemasterjen fan lĂąn. Ta tsjinstelling dĂȘrfan joegen de Romeinen de foarkar fan it bemasterjen fan it lĂąn yn it Italjaansk skiereilĂąn, en letter fier dĂȘr bĂ»ten. Dat ferskil kaam letter ta utering yn de Punyske oarloggen.

Yn de tredde iuw f.Kr. hie Kartago njonkelytsen in gĂąns netwurk fan koloanjes en fazalsteaten opboud. Kartago hie doe in grutter gebiet Ă»nder syn ynfloed as de Romeinske Republyk, en wie de grutste en woltierichste stĂȘd fan dy tiid mei wol in fearns miljoen ynwenners.

Konflikten mei de Griken

De Wikipedy hat ek in side Sisyljaanske oarloggen.

De konflikten tusken de Griken en de Kartagers wie benammen om ekonomyske redens ta tsjinstelling fan de lettere Punyske oarloggen. Iuwenlang brûkten de Fenysjers en de Griken de hannelsrûten yn de Middellùnske See en fan de njoggende iuw f.Kr. Îf stiften se koloanjes. De Fenysjers wiene ynearsten baas, mar de Grykske hannel woeks stadichoan oant der spanning tusken de twa folken ûntstie. Dy spanning late lang om let ta konflikten, benammen op Sisylje.

Earste Sisyljaanske Oarloch (480 f.Kr.)

In Kartaachske hoplyt

Troch it grutte sukses fan de Kartaachske hannel, waard der in machtige kriichsfloat boud om de hannelsrĂ»ten feilich te stellen. Dat late regelmjittich ta konflikten mei de Griken fan Syrakuse, dat de machtichste Grykske stedsteat wie, en ek op macht yn it MiddellĂąnske Seegebiet Ășt wie.

It eilĂąn Sisylje, dat foar de doar fan Kartago lei, waard it plak fan strideraasjes. Iuwen earder luts dat eilĂąn, dat sintraal yn it MiddellĂąnske Seegebiet leit, Fenysjers en Griken oan, dy't elts ferskate koloanjes dĂȘre stiften. Dat late ta konflikten dĂȘr't beide groepen nea de folsleine kontrĂŽle oer it eilĂąn krigen.

Yn 480 f.Kr. besocht Gelo, de tiran fan Syrakuse, it eilĂąn Ă»nder syn hearskippij te ferienjen, mei help fan oare Grykske stedsteaten. Kening Hamilkar Mago fan Kartago stjoerde dĂȘrop in machtich leger (mooglik mei 300.000 manlju) nei Sisylje.

Wylst it Kartaachsk leger nei Sisylje ferfear, lijden se grutte ferliezen troch in swiere stoarm. Hja kamen yn Panormus, hjoed-de-dei Palermo, oan, en besochten de skansearre float op te helpen. DĂȘrnei lutsen de Kartagers op nei Himera dĂȘr't se foar de striidkrĂȘften fan Syrakuse en syn bĂ»nsmaat Agrigentum oer kamen te stean. De Griken wĂ»nen de Slach by Himera en de Kartagers lijden grutte ferliezen. Hamilkar sneuvele of die himsels tekoart en dĂȘrnei Ă»nderhannelen de Kartagers oer de frede.

De kriich wie fan grutte betsjuttenis foar Kartago. It hold in part fan Sisylje, mar it grutste part bleau Ă»nder Gryksk, en letter Romeinsk bestjoer. Kartago lei dĂȘrnei de neidruk op Noard-Afrika en Ibearje. De dea fan Hamilkar en it ellindige ferrinnen fan de kriich laten ta politike herfoarmings dĂȘr't tenei in oligargyske republyk foarme wurde soe. De hearskers fan Kartago soene tenei beheind wurde yn harren macht troch gearkomsten fan eallju en it gewoane folk.

Twadde Sisyljaanske Oarloch (410-404 f.Kr.)

Kartaachske sulveren sjekel mei op de foarkant in man dy't in lauwerkrĂąns draacht, en op de efterkant in man dy't in kriichsoaljefant rydt

Yn 410 f.Kr. hie Kartago himsels fan de nederlaach yn Sisylje opholpen. It hie in grut part fan hjoeddeistich Tuneezje oermastere en nije koloanjes yn Noard-Afrika stifte. Sels gebieten bĂ»ten it MiddellĂąnske Seegebiet waarden Ă»ntdutsen. Hanno de Seefarder fear de westafrikaanske kust del en Himilko de Seefarder fear de Jeropeeske kust oant de Britske eilannen del. Lykwols itselde jier skaten de Ibearyske koloanjes harren fan Kartago ĂŽf, dĂȘr't Kartago by ĂŽfsnien waard fan de sulver- en koperminen. It ferlies dĂȘrfan, en om bettere kontrĂŽle oer de hannelsrĂ»ten te hĂąlden, besleat Hannibal Mago, de pakesizzer fan Hamilkar, Sisylje fannijs te oermasterjen.

Yn 409 f.Kr. tĂŽge Hanibal mei syn striidkrĂȘften nei Sisylje en oermasterje de plakken Selinus, hjoed-de-dei Selinunte, en Himera, dĂȘr't se yn de earste kriich, santich jier earder, ferslein waarden. Nei't se dy oermaster hiene, late Hannibal yn 405 f.Kr. in twadde ekspedyskje om de rĂȘst fan it eilĂąn te oermasterjen. By it belis fan Agrigentum waard syn leger troffen troch in ynfeksjesykte, dĂȘr't Hannibal sels oan ferstoar. Syn opfolger Himilko gie fierder mei de slach en wist de stĂȘd Gela te bemasterjen en it leger fan Dionysius fan Syrakuse te ferslaan. Mar hy waard ek troffen troch dy sykte en moast foar frede Ă»nderhannelje, ear't er wer werom nei Kartago ferfarre koe.

Yn 398 f.Kr. hie Dionysius fannijs in leger byĂŻnoar sammele en ferbruts it fredsferdrach. Hy foel de Kartaachske fersterking Motya yn it westen fan Sisylje oan, mar Himilko koe gau wer weromslaan. Hy pakte Motya werom en oermastere Messene, hjoed-de-dei Messina. In jier letter belegeren de Kartagers Syrakuse sels en kaam it hast ta in oerwinning, doe't dy sykte fannijs delstruts.

Yn 387 f.Kr. wie de striid yn it foardiel fan Kartago. Nei in seeslach by Catania belegere Himilko Syrakuse fannijs mei in striidmacht fan 50.000 PĂșnjers. Mar se waarden fannijs troffen troch in epidemy, dy't tĂ»zenen slachtoffers frege. Dionysius makke in tsjinoanfal tsjin it ferswakke Punyske leger oer lĂąn en see en ferneatige gĂąns de Punyske float. Tagelyk waard de belegering ferdreaun en Himilko en syn offisieren lieten harren legers efter en flechten Ășt Sisylje wei. Himilko kaam yn Kartago oan mei in grutte skande en die himsels dĂȘrnei tekoart troch himsels te ferhongerjen. Yn 340 f.Kr. hie Kartago allinnich noch it uterste sĂșdwesten fan Sisylje.

Tredde Sisyljaanske Oarloch

De antike wrĂąld om 323 f.Kr. hinne

Yn 315 f.Kr. bruts Agatokles fan Syrakuse it fredesferdrach en besocht gĂąns Sisylje te oermasterjen. Yn fjouwer jier hie er Messene oermastere, belegere er Agrigentum en foel de lĂȘste Kartaachske fĂȘstiging op it eilĂąn oan. Hamilkar, de pakesizzer fan Hanno de Grutte, sloech werom en wist Syrakuse fannijs te belegerjen. Wanhopich late Agatokles temĂ»k in ekspedysje mei 14.000 manlju nei Kartago, en twong Hamilkar dĂȘrmei werom te kearen. Agatokles waard yn 307 f.Kr. ferslein, mar koe werom nei Sisylje Ă»ntsnappe. Hy Ă»nderhannele oer in fredesferdrach en wist de status fan Syrakuse feilich te stellen.

Pyrryske Kriich

De Wikipedy hat ek in side Pyrryske Kriich.
De oanfalsrûten fan Pyrrus

Kartago rekke fannijs belutsen yn in kriich yn Sisylje. Ditkear troch Pyrrus fan Epirus, dy't Rome en Kartago Ăștdage oer de hegemony yn it MiddellĂąnske Seegebiet. De Grykske koloanje Tarentum, hjoed-de-dei Tarente, yn SĂșd-Itaalje rekke yn in konflikt mei Rome belutsen en frege Pyrrus om help. Pyrrus seach dĂȘrmei in mooglikheid om syn macht Ășt te wreidzjen en stjoerde in ynfanterystriidkrĂȘft mei 3000 manlju nei Tarentum. Underwilens fersloech er mei syn haadleger de Tessaaljers en Ateners op it Grykske fĂȘstelĂąn en dĂȘrnei tĂŽge er mei syn striidkrĂȘften nei SĂșd-Itaalje om amper de Slach by Askulum te winnen.

De Kartagers hiene noed dat Pyrrus Sisylje oermasterje woe. Kartago sleat in ferbĂ»n mei Rome, dat justjes nei de Slach by Askulum befĂȘstige waard. De Grykske stĂȘden op Sisylje, Agrigentum, Leontini en Syrakuse, erkenden Pyrrus syn hearskippij as betingst dat hy harren helpe soe en ferjei de Kartagers fan Sisylje. Hy wie fan betinken dat kriich mei Rome tefolle kostje soe, dus wie Sisylje in soarte fan ferliedingsprojekt. Hy stjoerde dĂȘrop in ynfantery fan 20.000-30.000 manlju, in kavalery fan 1500-3000 manlju, 20 kriichsoaljefanten en sa'n 200 skippen nei Sisylje.

De kampanje yn Sisylje duorre trije jier lang, en Pyrrus ferdreau de Kartagers werom nei Lilybaeum, dat doe noch allinnich yn Kartaachske hannen wie. Kartago besocht doe te Ă»nderhanneljen foar in frede, mar Pyrrus akseptearre frede op betingst as de Kartagers Sisylje folslein ferlitte soene. Dat woene de Kartagers net en dus gie de belegering fan Lilybaeum gewoan troch. De Kartagers wisten stĂąn te hĂąlden en lang om let joech Pyrrus de belegering op. Neffens guon berjochten hie Pyrrus it each op Kartago sels. Wylst er him dĂȘrfoar tarette, behannele er de Sisyljaanske Griken poermin en eksekutearre sels twa fan syn bĂ»nsmaten om't er se beskuldige fan ferrie. Dat late der ta dat guon Griken fan Sisylje harren by de Kartagers oansleaten. Ek de driging dat Rome him oanfalle soe, besleat Pyrrus mar om Ășt Sisylje werom te lĂ»ken en him op SĂșd-Itaalje te oriĂŻntearjen.

Doe't Pyrrus en syn leger fan Sisylje nei it fĂȘstelĂąn fan Itaalje ferfearen, waarden se troch de Kartaachske kriichsfloat oanfallen en doe sette de Slach yn de Strjitte fan Messina Ășt ein, dĂȘr't 98 fan de 110 skippen ta sinken brocht waarden. Kartago stjoerde dĂȘropta noch mear striidkrĂȘften, en nei it ferfarren fan Pyrrus wist dy harren gebieten yn Sisylje wer werom te bemasterjen.

Pyrrus syn kampanje yn Itaalje wie om 'e nocht en ferfear lang om let werom nei Epirus. Foar de Kartagers betsjutte dat it weromkearen nei de tastùn fan foar de kriich. Foar de Romeinen betsjutte dat Magna Graecia stadichoan ûnder Romeinske ynfloed kaam en it Italjaanske skiereilùn fierder ûnder harren kontrÎle kaam. Dat late stadichoan ta spannings tusken de Romeinske Republyk en it Kartaachske Ryk. Pyrrus moat by syn ferfarren nei Epirus sein hawwe: "Myn freonen, wy litte in wrakselgrûn efter foar de Kartagers en de Romeinen".

Punyske Oarloggen

De Wikipedy hat ek in side Punyske oarloggen.
De Wikipedy hat ek in side Earste Punyske Oarloch.
De Wikipedy hat ek in side Hierlingekriich.
De Wikipedy hat ek in side Twadde Punyske Oarloch.
De Wikipedy hat ek in side Tredde Punyske Oarloch.

Earste Punyske Oarloch

It Kartaachske Ryk yn de Punyske oarloggen

Doe't Agatokles fan Syrakuse yn 288 f.Kr. ferstoar, rekken in soad Italyske hierlingen, dy't foar him yn tsjinst wiene, wurkleas. Hja neamden harsels Mamertinen, "soannen fan Mars", en hja oermasteren de stĂȘd Messana en begĂ»nen de omkriten dĂȘre te terrorisearjen.

De Mamertinen waarden in hieltyd grutter wurdende driging foar beide Kartago en Syrakuse. Yn 265 f.Kr. struts Hieron II fan Syrakuse tsjin harren. De Mamertinen spjalten harren dĂȘrnei yn twa groepen. De iene kant keas foar oerjefte oan Kartago, wylst de oare kant help fan Rome besocht te sykjen. Wylst de Romeinske Senaat syn opsjes oan it Ăștwagen wiene, stjoerde Kartago in leger nei Messana. De Kartaachske striidkrĂȘften waarden yn de stĂȘd talitten en in Kartaachske float fear de haven fan Messana yn. DĂȘrnei setten hja mei de Ă»nderhannelings mei Hieron II Ășt ein. De Mamartinen stjoerden nochris in delegaasje nei Rome en harren te freegjen de Kartagers te ferjeien.

Hieron liet de Kartaachske striidkrĂȘften krekt oan de oare kant fan de Strjitte fan Messina, de nauwe wetterwei dy't Sisylje fan it fĂȘstelĂąn fan Itaalje skaat. DĂȘrby koene se de kontrĂŽle oer de wetterwei hĂąlde en foarmen se in driging foar Rome en syn belangen. De Romeinske Senaat, alhoewol't se weromhĂąldend wiene de hierlingen te helpen, stjoerde in ekspedysje en oermasterje Messana foar de Mamertinen.

De Romeinske oanfal op Messana late ta de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) Ynearsten hiene de Kartagers sukses, benammen op see mei help fan harren machtige kriichsfloat. Letter kearde de tastĂąn om yn it foardiel fan de Romeinen. Under it oerbefel fan generaal Markus Atilius Regulus wisten de Romeinen oan lĂąn te kommen yn Afrika, mar de Kartagers koene him wer weromdriuwe. De Romeinen fersloegen ta einbeslĂșt de Kartagers yn de Slach by de Egadyske Eilannen foar de westkust fan Sisylje. De Kartagers Ă»nderhannelen dĂȘrnei foar frede en dy waard by it Ferdrach fan Lutatius yn 241 f.Kr. tekene. Neffens dat ferdrach moast Kartago syn rjochten op Sisylje ĂŽfstean en in swiere skeafergoeding oan Rome betelje. DĂȘrtroch hie Kartago net genĂŽch jild mear en betelje syn hierlingen. Dat late ta rebĂ»lje fan de hierlingen en ta de hierlingekriich. Yn Kartago sels feroare it politike klimaat dĂȘrtroch. Hamilkar Barka, in generaal dy't yn Sisylje focht, fersloech de hierlingen, en dĂȘrnei krige hy en syn neiteam, de Barkiden, in foaroansteande posyje yn Kartago. Yn dy snuorje wist Rome Korsika en Sardynje handich fan Kartago ĂŽf te pakken.

Twadde Punyske Oarloch

StĂąnbyld fan Hannibal Barka yn it museum fan de Louvre yn Parys

Troch spannings yn Hispanje, dĂȘr't Rome en Kartago harren koloniale riken oan it Ăștwreidzjen wiene, bruts de Twadde Punyske Oarloch (218-202 f.Kr.) Ășt. Dy kriich waard ferneamd om Hannibal, de soan fan Hamilkar Barka, syn ekspedysje troch de Alpen en Itaalje, dat as in ferrassing foar Rome kaam. Mei syn ynfal yn Noard-Itaalje waard er holpen troch syn Gallyske bĂ»nsmaten en wist er de Romeinen te ferslaan yn de Slach by de Trebia en de Slach by de Trasimeenske mar. De Romeinen brĂ»kten dĂȘropta de Fabiaanske strategy, in ĂŽfmĂȘdingskriich dĂȘr't se mei yn plak fan streekrjochte konfrontaasje de fijĂąn efter harren oanjeie lieten om se wurch te meitsjen en dus dĂȘrmei swakker te krijen. Dy strategy gie tsjin de tradisjonele militĂȘre strategy yn. Mar de Romeinen kamen yn de Slach by Cannae wer foar de Kartagers oer te stean, dy't se ek ferlearen.

In soad Romeinske bĂ»nsmaten stapten oer nei Kartago. De kriich yn Itaalje duorre wol mear as tsjien jier en de iene nei de oare Romeinske legers waarden ferslein. Nettsjinsteande dy ferliezen, hiene de Romeinen genĂŽch mankrĂȘften om dy ferliezen op te fangen. Mei harren goede belegeringstaktiken wisten de Romeinen de stĂȘden, dy't nei Kartago oerstapt wiene, werom te bemasterjen. Ek wisten de Romeinen Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal dy't kommen wie om Hannibal syn striidkrĂȘften te fersterkjen, yn de Slach by de Metaurus te ferslaan. Underwilens yn Hispanje, dat it wichtichste oanfier fan it Kartaachsk leger wie, oermastere in twadde Romeinske ekspedysje Ă»nder lieding fan Skipio Afrikanus Kartago Nova, hjoed-de-dei Cartagena, en fersloech de Kartagers yn de beslissende Slach by Ilipa dy't de Kartaachske hearskippij yn Hispanje einige.

Skipio Afrikanus efterfolge de generaal Hasdrubal Gisko nei Noard-Afrika dĂȘr't er de Kartagers mei help fan de Numidyske kening Massinissa yn de slach by Utika en de Slach op de Grutte Flakten fersloech. DĂȘrmei twong Skipio Hannibal syn kampanje yn Itaalje op te sizzen en it thĂșslĂąn fan Kartago te ferdigenjen. Hy waard lykwols ferslein yn de beslissende Slach by Sama yn 202 f.Kr. Kartago Ă»nderhannele dĂȘrnei foar frede. Nei jierrenlang kriichfieren dat in soad koste hie en hast de Ă»ndergong fan Rome betsjutte, lei Rome hurde betingsten op oan Kartago. Kartago moast de skea fergoedzje, syn kriichsfloat opjaan en mocht gjin kriich fiere sĂ»nder tastimming fan Rome. Ek moast it alle gebieten bĂ»ten syn thĂșslĂąn yn it noarden fan it hjoeddeistige Tuneezje opjaan en dĂȘrmei waard Kartago winliken in Romeinske fazalsteat.

Tredde Punyske Oarloch

De Tredde Punyske Oarloch sette Ășt ein yn 149 f.Kr. op oantrunen fan Romeinske senators dy't laat waarden troch Kato de Aldere, dy't Kartago foargoed ferneatigje woene. Kato wie ferneamd om dat er oan de ein fan hast eltse redefiering mei de Romeinske Senaat einige mei de sin: ceterum censeo Carthaginem esse delendam, "En boppedat ik bliuw de miening tadien dat Kartago ferneatige wurde moat". Ek wie Rome ynteresearre yn de rike lĂąnbougebieten om Kartago hinne. Massinissa, kening fan Numydje en bĂ»nsmaat fan Rome, stokele Kartago en anneksearre parten fan Kartaachsk gebiet. Kartago besleat Numydje oan te fallen, itjinge tsjin it ferdrach mei Rome gie en dat wie reden genĂŽch foar Kato en ferklearje Kartago de kriich.

De Tredde Punyske Kriich wie folle lytser en duorre folle koarter as de eardere Punyske krigen. De kriich bestie hast allinnich Ășt it Belis fan Kartago. Nettsjinsteande de beheinde grutte fan it Kartaachsk leger, wisten se lang stĂąn te hĂąlden. De Romeinske ynfal waard ta stean brocht yn de slaggen by de Mar fan Tunis, Neferis en Hippo Diarrhytus en sels de ĂŽfslanke Kartaachske kriichsfloat wist de Romeinske kriichsfloat in soad skea ta te bringen, dĂȘr't se brĂąnskippen by brĂ»kten. Kartago wist trije jier lang stĂąn tsjin it belis te hĂąlden, oant Skipio Aemilianus, de oannommen pakesizzer fan Skipio Afrikanus, ta konsul beneamd waard en it oerbefel fan it belis oernaam.

Lang om let moast Kartago de ferdigening opjaan, om't it leger fan de Romeinske Republyk folle grutter en sterker wie. Alhoewol't de Tredde Punyske Kriich folle koarter wie, wie it de beslissende kriich: de folsleine ferwoastging fan Kartago en it anneksearjen fan al it oerbleaune Kartaachske gebiet by Rome. Ek waarden der tsientĂ»zenen Kartagers ombrocht of ta slaaf makke. De kriich einige it bestean fan it Kartaachske Ryk en de lĂȘste Fenisyske politike macht.

Neisleep

Nei de ferneatiging fan Kartago, stifte Rome de provinsje Africa Proconsularis, de earste Romeinske provinsje yn Afrika, dy't rĂ»chwei oerienkaam mei it Kartaachsk gebiet yn Noard-Afrika. Utika, dy't de kant fan Rome keas yn de lĂȘste kriich, krige belestingsfoardielen en waard ta haadstĂȘd fan de provinsje makke en waard dĂȘrtroch it mulpunt fan de Punyske hannel en kultuer.

Yn 122 f.Kr. stifte Gajus Semproanius Grakkus, in Romeinske senator, de Colonia Iunonia. Dat wie de Latynske namme fan de Punyske goadinne Tanit, Iuno Caelestis. It lei tichteby Kartago en moast fruchtber lĂąn oan earme boeren biede, mar it waard al rillegau opheft troch de Romeinske Senaat dy't de macht fan Grakkus beheine woe.

Hast in iuw nei de fal fan Kartago, liet Julius Caesar tusken 49 en 44 f.Kr. in "Romeinsk Kartago" op it plak bouwe. It waard al rillegau it sintrum fan Afrika, dat de nĂŽtskuorre en ien fan de woltierichste provinsjes fan it Romeinske Ryk waard. Yn de earste iuw n.Kr. wie Kartago al Ăștwoeksen ta de twadde stĂȘd fan it westlike Romeinske Ryk en hie in befolking fan 500.000.

De Punyske taal, identiteit en kultuer bleau noch ferskate iuwen bestean. De tredde iuwske Romeinske keizer Septimius Sevearus en syn soan en opfolger Karakalla wiene fan Punysk komĂŽf. Yn de fjirde iuw neamde Augustinus fan Hippo, dy't sels fan Berbersk komĂŽf wie, dat it Punysk noch hieltyd yn it gebiet troch minsken sprutsen waard dy't harsels as Kn'nm of Chanani, sa't de Kartagers harsels neamden, identifisearren. Ynwenners fan ferskate plakken yn Noard-Afrika, Sardynje en Sisylje bleaune Punysk praten en skriuwen, sa as ynskripsjes yn timpels, grĂȘftomben, monuminten en keunstwurk sjen lieten lang nei de Romeinske oerwinning. Punyske nammen waarden, sels troch foaroansteande boargers fan Romeinsk Afrika, noch hieltyd oant alteast yn de fjirde iuw brĂ»kt.

Guon Punyske gewoanten en ynnovaasjes oerlibben de Romeinske oerwinning en waarden oernommen yn de Romeinske kultuer. Mago syn boekwurk oer lùnbou en lùngoedbehear wie ien fan de oerbleaune Kartaachske skriuwwurken dy't bewarre bleaun binne en sels yn it Latyn en Gryksk oerset waarden op it hjitten troch de Senaat. Yn de Latynske folkssprake wiene der ferskate ferwizings nei de Punyske kultuer, sa as mala Punica ("Punyske apels") foar granaatapels; pavimentum Punicum, om it patroan fan terrakotta yn mozaïken te omskriuwen; plostellum Punicum foar de terskplanke dy't troch de Kartagers oan de Romeinen yntrodusearre waard. Troch de fijannigens foar Kartago oer, waard de sin Punica fides, "Punysk leauwe" brûkt om hannelingen fan ûnearlikens en ferrie te omskriuwen.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.