Karnavalswein regio Noard-Brabân

Karnaval is in fan oarsprong roomsk feest dat fierd wurdt yn de trije dagen foarôfgeand oan Jiskewoansdei. Neffens de tradysje duorret it feest fan snein oant tiisdeitejûn - de Fêsteljûn. Om tolve oere nachts begjint de fêsteltiid fan 40 dagen en duorret oant Peaske.

Oarsprong

De oarsprong fan it karnaval is ûnbekend[1]. Fan âlds is karnaval in ytfestijn, omdat it de lêste mooglikheid wie jin te bûten te gean foar de fêsteltiid, wêryn men him beperkte ta it minimaal needsaaklike.

Op Fette Tiisdei (foar de fêstel) waard alle fet dat yn de hûs wie opmakke omdat it oars bedjerre soe. De fêstel is ta betinking fan de 40 dagen dy't Jezus neffens it Nije Testamint yn de woastyn fêste en ek ta besinning op de kristlike kearnwearden.

It feest bestie grif al langer as de kristlike tradysje, en hat de tsjerke it makliker fûn om it heidenske karnaval om de setten yn in kristlike tradysje as om it út bannen. Soks barde ek wol mei oare foarkristlike feesten as Krysttiid dat oarspronklik in heidensk midwinterfeest wie.

Yn dy betsjutting wurdt de term ôflaat fan it Latyn: carne vale (= farwol oan it fleis). In oare mooglike ferklearring foar de term is it ek Latynske carrus navalis: skipswein, dat ferwize soe nei omreizgjende groepen yn in as in skip eagjende wein of karre, it saneamde narreskip, mar ek slaan kin op it skip dêr't de seegod fan de Kelten/Germanen út it noarden kaam om diel te nimmen oan de winterfeesten.

De Romeinen fierden it feest fan de saturnaliën dat in soad skaaimerken fan it hjoeddeiske karnaval hie lykas feesten fan tarren en smarren, in soarte prins karnaval, fermommingen en optochten troch de strjitten.

It 'heidenske' karnaval waard rûnom yn Europa fierd. Bygelyks yn Ruslân is dit feest bekend ûnder de namme maslenitsa (frij oersetten: bûterfeest). Antropologysk sjoen is it karnaval in omkearingsritueel, wêryn maatskiplike rollen omdraaid wurde en noarmen oer winsklik gedrach opskood wurde.

Karnaval yn Fryslân

Karnavalferienings yn Fryslân:

De datum fan karnaval

De karnavalsdatum fynt syn oarsprong yn de tsjerklike kalinder, dy't rekkene wurdt út de earste Peaskedei wei. Peaske is bepalend foar de datum fan de earste karnavalsdei. Peaskesnein is, neffens it Konsily fan Nicaea (325 nei Kristus), de earste snein nei de earste folle moanne nei it begjin fan de maitiid (21 maart), dizze dei kin berekkene wurde mei it Oudin-algoritme. Gean dan sân wiken werom foar de earste Karnavalsdei (of 40 dagen foar Earste Peaskedei). Karnaval begjint offisjeel op snein.

Peaske kin op syn gaust op 22 maart wêze en op syn letst op 25 april. Dit hâldt yn dat it ierst mooglike karnaval op 1 febrewaris is, de lêst mooglike datum is 8 maart.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beknopt, Kerkelijk Woordenboek, M.C. Nieuwbarn O.P., Bijvoet-Mutsaers & Zoon, Tilburg, 1910
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carnivals fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.