Karloman syn tombe yn de Kleastertsjerke Saint-Denis

Karloman (28 juny 751 - Samoussy (Aisne), 4 desimber 771) wie kening fan de Franken fan 768 - 771. Hy wie de twadde soan fan Pippyn de Koarte.

Tegearre mei syn broer Karel de Grutte waard hy yn 754 troch paus Stefanus III ta kening salve. Nei Pepyn syn dea yn 768 waard it keninkryk ferdield ûnder Karel en Karloman. Karloman krige de súd-eastlike regio tabedield, besteande út it súdlike diel fan Austraasje (wêryn ûnder oare Thionville), it súdlik diel fan Neustrje (wêryn ûnder oare Parys, Soissons, Samoussy en Attigny), Boergonje, de Provence, Septimaanje, de Elzas, Alemanje en súdlik Akwitaanje. Hy liet him kroane yn Soissons. Der wie frijwat wat spanning tusken de bruorren en dat is mooglik de reden fan it ferstjerren fan Karloman.

Karloman wie troud mei Gerberga en se hienen twa bern, Pepyn en in ûnbekend bern (mooglik giet it hjir om de hillige Ida fan Herzfeld). Gerberga soe nei Karlomans dea mei har beide bern nei de Langobarden flechte, dêr't se taflecht socht by Desidearius. Nei 772 is der neat mear oer harren bekend.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.