It Sjongfestival foar Bern om de Karin de Jong-priis is in sjongwedstriid foar basisskoallen. It wurdt om de twa jier organisearre troch Taalsintrum Frysk yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Learlingen út de heechste groepen fan it basisûnderwiis sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjonele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken set wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling. De foarrondes binne op ferskate plakken yn 'e provinsje. De finale is tradisjoneel yn skouboarch De Lawei yn Drachten. De finale yn De Lawei wurdt presintearre troch bekende minsken as Sipke Jan Bousema en Geartsje de Vries; de sjuery bestiet út minsken as Kim Stolker, Jelle Bangma, Nynke Heeg (aktrise en sjongeres), Clara Rullmann (pianiste) en Piter Wilkens (singer/songwriter).
- Priis
De priiswinners gean nei hûs mei de Karin de Jong-priis. Karin de Jong wie presintatrise fan de earste twa Sjongfestivals en is yn juny 2000 ferûngelokke. De winnende skoalle giet, neist de goudene mikrofoan, nei hûs mei de sulveren wikselbokaal de 'Karin de Jong-priis'. Dêrneist mei de winnende groep in liet opnimme foar it Skoaleksamen Frysk en optrede op Liet (Frysk sjongfestival). De twadde en tredde priis besteane út in sulverene en brûnzene mikrofoan.
List fan winners:
Jier | Skoalle | út | nûmer | tekst/muzyk |
---|---|---|---|---|
2010 | Klaver Trije | Aldegea | Ien en Ien | Jurjen van der Meer / Hans Wempe. |
2008 | De Twine | Drylts | Moatte, moatte | Meindert Bylsma / Cees Bijlstra |
2006 | ||||
2004 | De Librije | De Gordyk | Pake | Jurjen van der Meer / Anne Oosterhaven |
2002 | ||||
2004 | ||||
2002 | ||||
2000 | ||||