Dreamend
Torso III

Karianne Krabbendam (De Haach, 1951) is in byldhouster út Ljouwert. By binnenkomst fan de Hollanderwyk fanôf de Skrâns stiet in brûnzen byld fan de joadske keapfrou Betje Cohen fan har hân. It byld is makke nei de renovaasje fan de Hollanderwyk.

Foar har wurk krige se de Kiwanis Keunstpriis.

Wichtichste tema yn har wurk is it frouljuslichem. De measte wurken binne fan stien, faak wurde abstrakte lichemsfoarmen makke.

Bylden yn de iepenbiere romte

Monumint skûtsje It Doarp Grou
  • Aldtsjerk - De Bregebidler
  • Burgum - Mem mei bern
  • Grou
    • De Leagenbank
    • Yn de Sinne
    • Trije Silers
    • De Kûper
    • Skûtsjemonumint It Doarp Grou
  • Nij Beets - Feanstakers monumint
  • Makkum - Westewyn
  • Ljouwert -
    • Betje Cohen
    • Beamke as Ortopedysk symboal

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.