Karen Bies (1968) is in Frysk programmamakster, redaktrise, ferslachjouwster en skriuwster út Aldegea. Se wurket sûnt 1993 by Omrop Fryslân foar radio en telefyzje foar ferskate programma’s.
Karen Bies groeide op yn in skûtsjefamylje.[1] Nei de middelbere skoalle die se de propedeuze foar learaar Nederlânsk en by Ubbo Emmius yn Ljouwert. Bies studearre fan 1988 oant 1992 Slavistyk yn Grins. Se wurke dêr by de lokale omrop OOG radio en TV. Fan 1993 oant 1997 studearre se Sjoernalistyk oan de hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Yn 1993 waard se radioferslachjouster by de nijsredaksje fan Omrop Fryslân. Dêrnei presintearre se eftergrûnprogramma’s as Omnium, De Koperen Tún en Buro De Vries, mar die ek live-programma’s. Sûnt 2012 presintearre se it nijsprogramma Hjoed.[2]
Yn 2018 waard se troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden keazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Oare Wurden is in projekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen en wie ûnderdiel fan it LF 2018-programma Lân fan Taal.[3]
Programma’s (karút)
- Snein yn Fryslân
- Omnium (radio)
- De Koperen Tún
- Boekekast
- Fryslân DOK
- Buro De Vries
Skriuwster
Sûnt 2004 is Bies tekstredaktrise foar it kultuele tydskrift De Moanne en skriuwt ynterviews, kollumns en ferhalen. Sûnt 2013 presintearret sy it Grut Frysk Diktee op de Fryske telefyzje. Yn 2014 skreau se it Grut Frysk Diktee.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|