Karen Armstrong
skriuwer
Karen Armstrong yn 2016
Karen Armstrong yn 2016
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKaren Armstrong
nasjonaliteit Britsk
berne14 novimber 1944
berteplakWildmoor (Ingelân)
etnisiteit Iersk
wurk
taalIngelsk
sjenrenon-fiksje
bekendste
  wurk(en)
A History of God
The Battle for God
jierren aktyf1982 – no
offisjele webside
charterforcompassion.org
Dizze side giet oer de Britske publisiste op it mêd fan teology Karen Armstrong. Foar Amerikaanske operasjongster, sjoch: Karan Armstrong.

Karen Armstrong (Wildmoor (Ingelân), 14 novimber 1944) is in Britsk publisiste fan etnysk Iersk komôf. As jonge frou gie se yn it kleaster en waard se non, mar rekke desyllúzjonearre en trêde út. Neitiid ûntjoech se har ta in foaroansteand ekspêr en kommentatrise op religieus mêd, wêrby't se yn 1993 ynternasjonale bekendheid krige mei har masterwurk A History of God. Armstrong hat har spesjalisearre yn 'e trije grutte monoteistyske godstsjinsten, it kristendom, it joadendom en de islaam. Har boeken ûnderskiede harren troch in frijsinnige en mystike beskôging fan it kristlik leauwe en swiere krityk op sawol kristlik, joadsk en islamitysk fûnemintalisme as op islamofoby. In grut part fan har wurk is oerset yn it Nederlânsk.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Armstrong waard yn 1944 berne yn Wildmoor, yn it Ingelske greefskip Worcestershire, yn in laach dat fan etnysk Iersk komôf wie. Koart nei har berte ferhuze it gesin nei Bromsgrove en letter nei Birmingham, dêr't Armstrong opgroeide. Yn 1962, doe't se achttjin jier wie, waard se lid fan 'e Susters fan it Hillich Bern Jezus, in kleasteroarder dy't rjochte is op ûnderwiis. Hja gie yn it kleaster en bleau dêr sân jier, in tiid wêryn't se neffens eigen sizzen geregeldwei lichaamlik en geastlik mishannele waard troch de oare susters.

Nei't se opklommen wie fan postulante fia novise ta profes, oftewol ta non dy't de kleasterûnthjitten ôflein hat, sette Armstrong útein mei in stúdzje Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Oxford. Se wie tsjin dy tiid alhiel desyllúzjonearre rekke mei it roomske kleasterwêzen, en trêde yn 1969 út har oarder wylst se noch studearre yn Oxford. Nei't se har stúdzje bekroane hie mei in mastergraad, learde se fierder foar in doktoraat. Har proefskrift hie te krijen mei de dichter Alfred Lord Tennyson en gie neffens Armstrong oer in ûnderwerp dat goedkard wie troch de universiteitskommisje. Nettsjinsteande dat waard har dissertaasje troch in eksterne beoardieler ôfkard om't it ûnderwerp ûngaadlik wêze soe.

Om dyselde snuorje hinne makke Armstrong in minne tiid troch wat har sûnens oanbelange, wat feroarsake waard troch de doe noch net by har fêststelde epilepsy dêr't se mei oanhelle is. Dy faktor spile in wichtige rol by har beslút om 'e ôfkarring fan har proefskrift net oan te fjochtsjen. Likemin keas se in oar ûnderwerp om in proefskrift oer te skriuwen, mar ynstee liet se alle hope op in akademyske karriêre farre en beëinige se har stúdzje.

Karriêre

Yn 1976 naam Armstrong in baan oan as leararesse Ingelsk oan in famkesskoalle yn Dulwich. Underwilens wurke se yn har frije tiid oan har memoires oer har tiid yn it kleaster, dy't se yn 1982 publisearre ûnder de titel Through the Narrow Gate. Yn dat persoanlike relaas liet se har negatyf út oer de beheinde wrâld en libbenswize fan 'e nonnen yn it kleaster. Dêrtroch kaam se doedestiden op in minne namme te lizzen by in protte konservative roomsen. Troch de resinsinten waard Through the Narrow Gate lykwols sa goed ûntfongen dat it Armstrong by steat stelde en begjin in karriêre as freelance publisiste en tillefyzjepresintatrise. Yn 1984 waard se troch de Britske stjoerder Channel Four frege om it senario te skriuwen foar en de presintaasje te fersoargjen fan in dokumintêresearje oer it libben fan 'e apostel Paulus, mei as titel The First Christian. Dêrfoar moast se nei Israel en Palestina reizgje om Paulus syn omdoarmings fan plak nei plak te folgjen. Armstrong soe dat barren letter omskriuwe as in trochbraak yn har persoanlike leauwenswrâld, dy't al har eardere oannames oer it kristendom fersteurde en har ynspiraasje besoarge foar al har lettere wurk.

Hoewol't Armstrong mei har publikaasjes en har tillefyzjewurk út 'e jierren tachtich yn har heitelân al in beskate namme krigen hie, waard se mei it boek A History of God, dat yn 1993 útkaam, ek ynternasjonaal bekend. Yn dat wurk folge se de ûntjouwing fan 'e trije grutte monoteïstyske godstsjinsten (it joadendom, it kristendom en de islaam) fan harren ierste oanbegjin yn it Midden-Easten oant de hjoeddeistige tastân. Teffens behelle se it hindoeïsme en it boedisme yn har ferhaal. Yn A History of God kante Armstrong har skerp oan tsjin fûnemintalisme yn sawol joadendom, kristendom as islaam:

"Dit soarte fan religiositeit [is] feitliks in ôfkearing fan God. As minsklike, histoaryske ferskynsels, lykas kristlike 'gesinswearden', 'de islaam' [sels], of [de joadske foarstelling fan] 'it Hillige Lân', ta it oriïntaasjepunt fan 'e religieuze ferearing makke wurde, dan is dat yn prinsipe idolatry yn in nij jaske."[1]

Yn har publikaasje The Battle for God, út 2000, gie Armstrong djipper yn op it ferskynsel fûnemintalisme. Yn The Great Transformation, út 2006, ûndersocht se it ûntstean en it oannimmen fan fêste foarmen fan 'e grutte wrâldgodstsjinsten ûnder de saneamde Spiltiid. Armstrong is fierders de auteur fan in boek oer de krústochten (Holy War, 1988), in boek oer de stêd Jeruzalim (Jerusalem: One City, Three Faiths, 1996), in boek oer de Boeda (Buddha, (2001), en in autobiografy (The Spiral Staircase, 2004). Ek hat se twa boeken skreaun oer de profeet Mohammed, de stifter fan 'e islaam: Muhammad, A Biography of the Prophet, út 1991, en Muhammad: A Prophet for Our Time, út 2006. As kristlik ekspêr op it mêd fan Mohammed en de islaam wurke se mei oan it BBC-programma The Life of Muhammad, fan Rageh Omaar. Teffens wie se as adviseur belutsen by de produksje fan 'e bekroande Amerikaanske dokumintêre Muhammad: Legacy of a Prophet, út 2002.

Armstrong wie ien fan mar trije godstsjinstwittenskippers dy't de Feriene Naasjes tasprekke mochten op 'e earste FN-top oer religy. Se heart ta de meast opsjochjaande auteurs op it mêd fan religieuze fraachstikken fan dizze tiid. Mei har wurk borduerret se fierder op hearskjende wittenskiplike ynsichten omtrint prosessen en tinkbylden oangeande de ûntwikkeling fan it ferskynsel 'leauwe':

"Religy wie gjin hâlding fan 'e minsklike geast dy't manipulearjende foarsten en preesters oan in fan oarsprong sekuliere minsklike natuer oplein hawwe, mar is de minske eigen. Sterker noch, de sekularisaasje dy't we op 't heden ûnderfine, is in folslein nij útprebearsel en hat him noch nea earder yn 'e skiednis fan 'e minske foardien."[2]

Yn febrewaris 2008 waard oan Armstrong de TED Prize takend, dêr't in jildbedrach fan $100.000 oan ferbûn wie. Yn har akseptaasjetaspraak timmere Armstrong derop dat fûnemintalisme net in ienfâldige reäksje is op maatskiplike omstannichheden, mar ynstee in produkt fan 'e hjoeddeistige kultuer. Dêrom konkludearre se dat der tsjintwurdich yn 'e wrâld in driuwend ferlet is oan kompasje, meilijen mei oaren, dy't de muorren tusken de ferskillende leauwensmienskippen, oplutsen troch polityk en dogmatyk, trochbrekke kin. Hja rôp by dy gelegenheid op ta it opstellen fan in Hânfest foar Kompasje, dat der ek wier-wier kaam, en yn novimber 2009 oan 'e media presintearre waard yn Washington, D.C. Undertekeners wiene û.m. keninginne Noor fan Jordaanje, de Dalai Lama XIV, aartsbiskop Desmond Tutu en sjonger Paul Simon.

Behalven tsjin fûnemintalisme kantet Armstrong har ek tige oan tsjin islamofoby. Dêrtroch rekke se yn desimber 2014 deilis mei de Amerikaanske komyk Bill Maher, dy't raar guod oer de islaam spuid hie. Armstrong sei dêroer: "Dit is it soarte praat dat yn Jeropa ta de konsintraasjekampen laat hat. Dit binne dingen dy't de lju yn 'e tritiger en fjirtiger jierren yn Jeropa oer de Joaden seine." Maher neamde Armstrong har útspraken "de stomheid foarby." Hy fear út tsjin 'e ferliking fan 'e joaden yn 'e tritiger jierren mei de islamityske wrâld fan no, mar gie dêrby foarby oan Armstrong har punt, nammentlik dat er mei syn útspraken haat siedde. Neitiid werhelle Armstrong wat se sein hie yn in fraachpetear yn 'e New York Times: "Myn probleem mei de hjoeddeistige kritisy fan 'e islaam is dat harren krityk noch feitlik akkuraat, noch earlik, noch goed ynformearre is. Ik bin der wis fan dat se it sa net bedoele, mar yn 'e tritiger en fjirtiger jierren yn Jeropa hawwe we leard hoe gefaarlik en úteinlik ferneatigjend dit soarte praat wêze kin."

Priveelibben

Karen Armstrong hat epilepsy. Neffens har hawwe sommige fan har fyzjonêre ynsichten te krijen mei it feit dat se mei dy sykte oanhelle is.

Wurk

  • 1982 – Through the Narrow Gate (autobiografy; ISBN 0 33 33 11 361)
  • 1983 – Beginning the World (ISBN 0 33 33 50 170)
  • 1983 – The First Christian: Saint Paul's Impact on Christianity (ISBN 0 33 02 81 615)
  • 1985 – Tongues of Fire: An Anthology of Religious and Poetic Experience (ISBN 0 67 08 08 784)
  • 1986 – The Gospel According to Woman: Christianity's Creation of the Sex War in the West (ISBN 0 24 11 14 497)
  • 1988 – Holy War: The Crusades and their Impact on Today's World (ISBN 0 33 34 45 449)
  • 1991 – The English Mystics of the Fourteenth Century (ISBN 1 85 62 60 232)
  • 1991 – Muhammad: A Biography of the Prophet (ISBN 0 57 50 50 128)
  • 1993 – The End of Silence: Women and the Priesthood (ISBN 1 85 70 21 452)
  • 1993 – A History of God: The 4,000-Year Quest of Judaism, Christianity and Islam (ISBN 0 43 40 24 562)
  • 1996 – In the Beginning: A New Interpretation of Genesis (ISBN 0 00 62 80 145)
  • 1996 – Jerusalem: One City, Three Faiths (ISBN 0 0 02 55 52 20)
  • 2000 – The Battle for God: Fundamentalism in Judaism, Christianity and Islam (ISBN 0 00 25 55 239)
  • 2000 – Islam: A Short History (ISBN 0 29 76 43 72X)
  • 2001 – Buddha (ISBN 0 29 76 46 257)
  • 2002 – Faith After 11 September (ISBN 9 08 07 19 110)
  • 2004 – The Spiral Staircase (autobiografy; ISBN 0 00 71 22 284)
  • 2005 – A Short History of Myth (ISBN 1 84 19 56 449)
  • 2006 – The Great Transformation: The World in the Time of Buddha, Socrates, Confucius and Jeremiah
    (yn 'e Feriene Steaten útbrocht as: The Great Transformation: The Beginning of Our Religious Traditions; ISBN 1 90 38 09 754)
  • 2006 – Muhammad: A Prophet For Our Time (ISBN 0 06 05 98 972)
  • 2007 – The Bible: A Biography (ISBN 0 87 11 39 693)
  • 2009 – The Case for God (ISBN 0 30 72 69 183)
  • 2010 – Twelve Steps to a Compassionate Life (ISBN 0 30 75 95 595)
  • 2011 – A Letter to Pakistan (ISBN 0 19 90 63 303)
  • 2014 – Fields of Blood: Religion and the History of Violence (ISBN 0 30 79 57 047)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Armstrong, Karen, A History of God, Londen, 1993 (William Heinemann Ltd), ISBN 0 43 40 24 562, s. 432.
  2. Armstrong, Karen, A History of God, Londen, 1993 (William Heinemann Ltd), ISBN 0 43 40 24 562, s. 11.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.