Karel en Elegast | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Karel ende Elegast | |
auteur | anonimus | |
taal | Midnederlânsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | ridderroman, epos | |
skreaun | ein 12e iuw | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Karel en Elegast | |
publikaasje | 1994, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Frysk en Frij | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 9 07 35 54 136 |
Karel en Elegast, yn it oarspronklike Nederlânsk Karel ende Elegast, is in Midsiuwsk Nederlânsktalich epysk gedicht fan 1414 dichtregels yn 'e foarm fan in ridderroman. It is nei alle gedachten oan 'e ein fan 'e tolfde iuw skreaun, of oars yn 'e trettjinde iuw, troch in ûnbekende auteur. De haadrol is weilein foar Karel de Grutte, dy't as ljochtsjend foarbyld fan in kristlike kening presintearre wurdt, en it ferhaal spilet yn 'e omkriten fan dy syn kastiel te Ingelheim. It is ien fan 'e wichtichste Midnederlânske teksten dy't bewarre bleaun binne. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 1994.
Ynhâld
De held fan it ferhaal is de eale rôver Elegast ("Elvegeast"), dy't mooglik de Kening fan 'e Elven foarstelle moat. Hy is, nei't it skynt, in âlde freon fan Karel de Grutte, dy't yn ûngenede fallen en nei in wâld ferballe is, dêr't er himsels ûnderhâldt as strûkrôver dy't stelt fan 'e riken en jout oan 'e earmen, in soarte fan Robin Hood avant la lettre dus. Troch syn elfske komôf is Elegast by steat om minsken op magyske wize yn 'e sliep falle te litten en slotten sûnder kaaien te ûntsluten, en hat er in magysk krûd dat makket dat er mei bisten prate kin as er it yn 'e mûle docht.
It ferhaal begjint as Karel de Grutte in fizioen hat dat him oantrunet om yn momkape op it dievepaad te gean, wat liedt ta syn nachtlike moeting mei Elegast yn it wâld. Elegast werkent de kening net, mei't dy ferklaaid is as rôver. As Karel útsteld dat se fan 'e kening stelle sille, bewiist Elegast syn trou troch dat te wegerjen. Ynstee nimt er Karel mei om yn te brekken yn it kastiel fan Karel syn sweager, Eggerik fan Eggermonde. As se dêr ienris binne, heart Karel by tafal hoe't Eggerik mei syn frou syn plannen besprekt om him dea te dwaan en sels kening te wurden.
De oare deis, as Eggerik oan it hof komt, lit Karel him oppakke. Elegast fjochtet dan in duël mei Eggerik út en ûntmaskeret him as in ferrieder (troch him te ferslaan, wat betsjut dat God sprutsen hat). Eggerik wurdt dan terjochtsteld en syn wiif wurdt as beleanning oan Elegast ta frou jûn. Elegast wint sa syn goede namme werom en hy nimt syn rjochtlike plak oan Karel syn hof wer yn.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan Karel ende Elegast ferskynde yn 1994 ûnder de titel Karel en Elegast by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert, yn gearwurking mei Elektroanyske Letteren Fryslân en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, de Boelstra-Olivier Stichting, de Boersma-Adema Stichting, de Douwe Kalma Stifting, de Stichting Juckema-Siderius Fonds, allegear te Ljouwert, en de P.W. Janssen's Friesche Stichting op it Oranjewâld. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma te Aldemardum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |