De kristlike Fryske Krite Karel Roarda yn Bitgum is oprjochte yn 1929. Op dit stuit (2007) hat de krite sa'n 30 leden. Dy leden komme seis kear yn 't jier byinoar. Meast wurdt dan in sprekker nûge. It kin oer alderhanne ûnderwerpen gean: fan kop-hals-romp-pleatsen oant reisferslaggen en fan klaaiïnge oant Frysk yn tsjerke.
Dêrnjonken organisearret de krite kulturele (sang en toaniel) aktiviteiten.
De krite is neamd nei de 16e-iuwske politikus Karel Roarda.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.