Karasee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken Nova Sembla,
   Noardlân en it fêstelân
   fan Sibearje
lân Ruslân
koördinaten70° N, 77° E
ûnderdiel fanNoardlike Iissee
sifers
maks. lingte1.450 km
maks. breedte970 km
oerflak880.000 km²
djiptegemiddelde110 m
djipste punt620 m
wetterfolume121.000 km³
Eilannnen en eilannegroepen yn de Karasee.
Eilannnen en eilannegroepen yn de Karasee.

De Karasee of Karyske See (Russysk: Ка́рское мо́ре) is in part fan de Noardlike Iissee, leit benoarden Sibearje, en wurdt begrinzge troch de Karyske Poarte en de Noardlânarsjipel.

De see is sa'n 1450 kilometer lang en 970 kilometer breed. De trochsneed djipte is 110 meter. De Karasee wurdt fan farsk wetter foarsjoen troch de rivieren de Ob, de Jenisej, de Pjasina en de Taimyra. Dêrtroch is it sâltgehalte fan it seewetter wikseljend. De see is twa moanne fan it jier beferzen.

De wichtichste havens binne de Novy Port en Dikson, en de see hat wichtige fiskgrûnen. Der sitte mooglik oaljereserves of ierdgas yn de grûn, mar dit moat noch út fierder ûndersyk bliken dwaan.

Nukleêre fersmoarging

It is net wis hoefolle nukleêre smoargens (meast kearnreaktors fan atoomûnderseeboaten) der troch de Russen yn de see smiten is, en hokker effekt dit hawwe sil op de floara en fauna. It Ynternasjonaal Atoom Enerzjy Buro hat yn de 90er jierren al wol fêststelle kind dat der doe noch net in protte nukleêrê stoffen frijkaam wienen.

Keppelings om utens

Commons Commons: Kara Sea – foto, fideo en harktriemmen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.