Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Kanker (Latyn: neoplasma malignum) is in oandwaning dy't omskreaun wurdt troch de folgjende ferskynsels:
- der binne sellen dy't har wyld fermannichfâldigje en dêrmei trochgeane;
- de woekerjende sellen kringe troch yn it omlizzend weefsel en rjochtsje dêr skea oan (ynvasive groei oftewol ynfiltraasje);
- de woekerjende sellen ferspriede har ek nei oare plakken yn it lichem (metastasearring oftewol útsiedding). Dat bart fia de lymfefetten (lymfogene metastasearring), fia it bloed (hematogene metastasearring) en yn lichemsholten (bgl. de búkholte).
Hast alle medyske spesjalismen hâlde har dwaande mei kanker, mar benammen spesjalisten yn de onkology en radioterapy hawwe har spesjalisearre yn it behanneljen fan kanker. Yn 2008 wie kanker yn Nederlân foar it earst de wichtichste deadsoarsaak.
Wat is kanker?
It wurd "kanker" is ôflaat fan it Latynske wurd "cancer", dat oarspronklik "kreeft" betsjut. De sykte hjit yn it Dútsk ek noch altiten "Krebs". De namme is ûnder oaren al troch Galenus oan de oandwaning jûn, omdat yn earder tiden de sykte te sjen wie oan de opfallend reade, swolde bloedfetten tichtby de swolms, dy't de artsen fan doe tinken diene oan de reade poatsjes fan in kreeft.
Kanker is in oandwaning dy't karakterisearre wurdt troch wyldgroei fan weefsels troch in trochgeande seldieling. Sûne sellen yn it lichem diele (proliferearje) har inkeld as soks nedich is, bgl. wannear't beskate organen oan fernijing ta binne of better makke wurde moatte. By dy selproliferaasje krije de sellen ek in spesifike foarm en omfang, ôfhinklik fan harren funksje, wat seldifferinsjaasje hjit. Dy dieling en differinsjaasje stiet ûnder ynfloed fan ûnderskate faktoaren: de útwindige faktoaren (bgl. hormoanen, gemyske stoffen, firussen) en de ynwindige sinjalen (bgl. aaiwiten dy't ûntsteane ûnder ynfloed fan spesifike regelgenen binnen de sel). Beide typen faktoaren kinne én in stimulearjende of in remjende ynfloed op de seldieling hawwe. Yn it gefal fan de ynwindige sinjalen sprekke wy fan sellulêre groeifaktoaren of groeiremmers.
As ien of mear sellen ûntsnappe oan dy regulearjende meganismen, kin dêr pleatslik in swolm of tumor út ûntstean. By de ûntregeling fan de komplekse gearwurking fan groeibefoarderjende en groeiremjende faktoaren rjochte op groeistimulaasje kin der selwoekering optrede. De dielende sellen (nijgroei of neoplasy) hawwe faak harren normale foarm en funksje ferlern. Wy sprekke pas echt fan in kanker yn it gefal fan de kwea-aardige (of 'maligne') tumors. Dy binne, oars as in goedaardige (of 'benigne') tumor, yn steat om it orgaan dêr't se ynûntstien binne, te ferneatigjen en net allinnich oan te taasten. Boppedat kinne se har ferspriede: troch in ynvaazje fan de omjouwing kinne se yn it weefsel dêromhinne útgroeie. Eventueel kinne se har ek útsiedzje (metastasearring) fia de bloed- en lymfestream om sa yn oare organen te bedarjen.
Epidemiology
Yn Nederlân waarden yn 2003 neffens de Nederlânske kankerregistraasje goed 73.000 gefallen fan kanker fêststeld. Yn 10% fan dy gefallen is al earder in foarm fan kanker diagnostisearre. Alle jierren stjerre yn Nederlân sa'n 38.000 minsken oan kanker. Op dit momint wurdt rûsd dat sa'n 400.000 minsken yn Nederlân kanker hawwe.
- By manlju komme benammen de folgjende typen kanker foar: prostaatkanker, longkanker en termkanker.
- By froulju komme it meast foar: boarstkanker, termkanker en longkanker.
Kankersoarten dy't by bern en jongerein it meast foarkomme, binne leukemy, lymfoamen en harsentumors.
Oare soarten binne:
- alfleisklierkanker
- limoerhalskanker
- blaaskanker
- harsentumor
- lymfoamen
- bloedkanker (ferskate soarten leukemy)
- bonkekanker (osteosarcoom)
- hûdkanker
- maachkanker
- noas- en kielkanker
- nefroblastoam (in niertumor)
- nierkanker
- siedbalkanker
- fulvakanker
Klachten
- Der ûntsteane swolms (tumors). Hoewol't it wurd 'tumor' foar pasjinten faak in eangstige byklank hat, betsjut it gewoan 'swolling'. In tumor kin likegoed goed- as kwea-aardich wêze. In goedaardige tumor wurdt ek wol benigne neamd, in kwea-aardige maligne. By kanker is der sprake fan maligne tumors.
- Kankerweefsel genêst net goed en begjint maklik te blieden. Bloedferlies (bgl. by it poepen, pisjen, út de tit of by it hoastjen) is ien fan de wichtichste iere warskôgingssymptoamen.
- De swolms drukke op oare struktueren en behinderje de wurking dêrfan. By de term kin bgl. de trochgong fan fiedsel ûnmooglik wurde; by de rêgebonke kinne ferlammings ûntstean; yn bonken kinne brekken optrede; by senuwen kin pine ûntstean; yn de holle ûntsteane der ek oare neurologyske problemen lykas epilepsy. As it bienmurch troch tumorweefsel ferfongen wurdt, ûntsteane slimme bloedearmoede en stjurringssteurings.
- Kanker feroarsaket faak feroaring fan de stofwikseling en de regulaasje dêrfan (paraneoplastyske syndromen), wêrûnder:
- Ferhege hormoanproduksje.
- Harsens-, senuw- en/of spierôfwikings.
- Bloed en stjurringsôfwikings.
- Hûdôfwikings.
- Koarts (tumorkoarts)
- Kageksy (slimme fermeagering), anoreksy (gjin of amper sin oan iten)
Diagnostyk
Yn de onkology spylje byldfoarmjende ûndersiken in promininte rol:
- Röntgenûndersyk
- Echografy
- CT-scan
- MRI-scan
- Skeletscintigrafy (bonkescan)
- PET-scan
Neist byldfoarmjend ûndersyk sil der ek altiten patologysk ûndersyk nedich wêze. Dêrby kin sjoen wurde nei de kankersellen sels (sytology) en nei it ferbân tusken de kankersellen en de omjouwing dêr't se yn lizze (histology). Dat materiaal kin krigen wurde mei punkjes troch in nulle of fia operatyf weiheljen. Faak wurdt operatyf besjoen hoefier't it kankerproses pleatslik útwreide is.
Uteinlik wurdt op grûn fan de diagnostyk it te folgjen belied fêststeld.
Medyske behanneling
De behanneling fan kanker hat twa mooglike doelen:
- genêzing (kuraasje)
- palliative soarch (fersêftsjen fan de pine en oare symptomen) as better wurden net mear mooglik is
Behannelingsopsjes:
- Sjirurgy,
- Radioterapy, bestrieling
- Hypertermy, mei waarmte
- Gemoterapy mei help fan sytostatika
Ofhinklik fan de gefoelichheid foar it type behanneling fan de tumorsellen, en/of de mooglikheid om it hielendal operatyf wei te heljen, en/of de oanwêzichheid fan metastazen, wurdt in kombinaasje fan ûnderskate typen behannelingstechniken brûkt. De ferskillende metoaden kinne yn it ramt fan de genêzing, mar ek palliatatyf brûkt wurde. As der noch gjin metastazen binne, is it sjirurgysk weiheljen fan de tumor soms kuratyf. By te fier útsiedde kanker kin besletten wurde ta sjirurgy om bygelyks de pine fan de pasjint te fersêftsjen.
Neist dy behannelings binne der ek nije terapyen ûntwikkele, lykas genterapy en ymmunoterapy. Dy eksperimintele behannelings binne faak ûnderdiel fan wittenskiplik ûndersyk. Ymmunoterapy is ûnderwilen deistige praktyk; it bekendste foarbyld is de behanneling fan boarstkanker mei trastuzumab (Herceptin ®).
Undersyksynstituten
- European Organisation for Research and Treatment of Cancer (EORTC)
- International Agency for research on Cancer (IARC)
- National Cancer Institute (USA)
- Nederlands Kanker Ynstitút (NKI)
- Federation of European Cancer Societies (FECS)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |