Kamp Esterwegen (Dútsk: Lager VII Esterwegen) wie yn de Twadde Wrâldoarloch in Dútsk strafkamp. It kamp lei 25 kilometer oer de grins mei Grinslân yn de gemeente Esterwegen.
Esterwegen waard yn de simmer fan 1933 as dûbeltkamp (Lager II en III) foar 2000 politike finzenen oprjochte en wie yndertiid it twadsgrutte konsintraasjekamp nei Dachau en in modelkamp fan de SS. It konsintraasjekamp Esterwegen waard yn de simmer fan 1936 opheft doe't Sachsenhausen in konsintraasjekamp waard. It kamp wie dêrnei oant 1945 strafkamp, dêr't lykwols ek feroardielde politike finzenen en Nacht-und-Nebel-finzenen fêstholden waarden. Nei de oarloch tsjinne Esterwegen as ynternearingskamp, as finzenis en oant 2000 as depot fan it Dútske leger (Bundeswehr).
Kamp Esterwegen hearde by de Emslandlagern, in kompleks fan meiïnoar 15 barakkekammpen. Dêr hawwe oant 1945 sa'n 10.000 konsintraasjekampfinzenen, 66.500 Dútske straften (ek strafte militêren) en mear as 100.000 Sovjet-Russyske of Frânske kriichsfinzenen en ek Italjaanske militêren fêstsitten. Der wurdt rûsd dat sa'n 30.000 fan harren it libben ferlearen, dêrfan 1.500 yn Esterwegen.
Bûtenkampen
Yn 1933 wiene der bûtenkampen fan Esterwegen yn Bad Zwischenahn nr. 72, Edewechterdamm nr. 341 fan 25.7.1942 oant 27.9.1943, Einbeck nr. 347, Emden nr. 361, Aldenboarch nr. 1098, Plantlünne nr. 1143, Preußisch Oldendorf nr. 1175 en Rastdorf nr.1197 fan 13.12.1938 oant 29.2.1944.
Kampkommandanten
- Heinrich Remmert: 1933–1934
- Hans Loritz: 1934–1936
- Karl Koch: 1936
Bekende finzenen
- Alfred Benjamin (1911–1942), Dútsk antyfaksist
- Georg Diederichs (1900–1983), Dútsk SPD-politikus
- Julius Leber (1891–1945), Dútsk SPD-politikus
- Carl von Ossietzky (1889–1938), Dútsk sjoernalist en ûntfanger fan de Nobelpriis foar de Frede 1935