kalkoen | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Meleagris gallopavo | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kalkoen of wylde kalkoen (wittenskiplike namme: Meleagris gallopavo) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kalkoenen (Meleagris). Dizze fûgel komt foar yn it grutste diel fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, noardlik Meksiko en dielen fan súdlik Kanada. It is ien fan twa libbene soarten kalkoenen en de grutste fan alle hineftigen. Nettsjinsteande dat is it in behindige fleaner. De kalkoen is de wylde foarâlder fan 'e domestisearre nuete kalkoen (Meleagris gallopavo domesticus). By dizze fûgelsoarte bestiet gâns seksuele dimorfy, mei't de hoanne folle grutter en swierder en folle opfallender kleure is. De kalkoen is in omnivoar mei in sosjale libbenswize. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
Fersprieding
De kalkoen hat yn Noard-Amearika in grut ferspriedingsgebiet, dat benammen yn 'e eastlike helte fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten hast oanienslutend is. Eastlik fan 'e Mississippy ûntbrekt dizze fûgel inkeld yn noardlik Wisconsin, noardeastlik Illinois, noardlik Indiana en Ohio, it suden fan Neder-Michigan, de Mississippydelta fan Louisiana, de Everglades oan 'e súdpunt fan it Floaridaskiereilân en guon lytsere kriten by de kust fan 'e Atlantyske Oseaan lâns. Bewesten de Mississippy is de fersprieding fragmintarysk, hoewol net yn Louisiana, westlik en sintraal Arkansas, Missouri, Iowa, súdeastlik Minnesota, Kansas, Oklahoma en sintraal Teksas. Fierders libje der oer it algemien mear kalkoenen op 'e Grutte Flakten as yn 'e Rocky Mountains bewesten de flakten, en mear yn 'e Rocky Mountains as yn 'e woastyngebieten westlik fan 'e bergen.
By de westkust lâns, fral yn Kalifornje, dêr't de lânseigen Kalifornyske kalkoen (Meleagris californica) likernôch 10.000 jier lyn útstoar, mar ek yn Nevada, Oregon en westlik en noardlik Utah, is de kalkoen eins in eksoat, dy't der yn 'e 1960-er en 1970-er jierren troch de minske yntrodusearre is út Teksas en Oklahoma wei. Yn súdwestlik Washington libbet in yntrodusearre populaasje dy't fan 'e eastkant de Mississippy komt.
Bûten de Feriene Steaten is de kalkoen ek lânseigen yn 'e Westlike Sierra Madre (it ferlingde fan 'e súdlike Rocky Mountains), yn it binnenlân fan noardlik Meksiko en yn in lytser diel fan 'e Eastlike Sierra Madre, tichter by de kust fan 'e Golf fan Meksiko. Foarhinne bestie der ek in populaasje op it Plato fan Anáhuac (it súdlike part fan it Heechlân fan Meksiko) en dêrwei nei it suden ta oant de Súdlike Sierra Madre, mar dat is it diel fan Meksiko dat yn it Prekolumbiaanske Tiidrek it sintrum fan ferskate Meso-Amerikaanske beskavings wie, en dêr't no it swiertepunt fan 'e Meksiko leit, mei yn 'e midden de Delling fan Meksiko en de stêdekloft fan Meksiko-Stêd. Troch de minsklike befolkingsdruk komme dêr no amper noch kalkoenen yn it wyld foar.
Yn Kanada komme kalkoenen foar yn súdlik Ontario en lytse dielen fan it suden fan Kebek, Manitoba, Saskatchewan, Alberta en Britsk-Kolumbia. Mooglik hawwe se har resintlik ek ferspraat nei de Kanadeeske Kustprovinsjes.
Fierders komt de kalkoen as eksoat ek foar op guon plakken bûten Noard-Amearika, wêrûnder Nij-Seelân en Hawaï (op 'e eilannen Lanaï, Molokaï, Maui, Hawaï en Oähû). Yn 'e achttjinde iuw besocht de Britske kening George II kalkoenen yn it wyld yn Richmond Park by Londen te yntrodusearjen, mar dat mislearre om't de fûgels te maklik te snippen wiene foar streupers. Uteinlings moast de kening syn plan ôfblaze om't de gefjochten mei streupers te gefaarlik waarden foar syn jachtopsjenners. Letter kamen der ferskate oare populaasjes wylde kalkoenen yn Grut-Brittanje en Ierlân, guon mei opsetsin yntrodusearre, oaren ûntsnapt út finzenskip. Mar allegearre strûpten se der lang om let ûnder. Op 't heden komme der gjin wylde kalkoenen mear foar op 'e Britske Eilannen, mar wol besteane der noch inkele populaasjes yn Dútslân en Tsjechje.
Uterlike skaaimerken
De kalkoen fertoant oansjenlike seksuele dimorfy (ferskil fan uterlik tusken de geslachten). In folwoeksen hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 100–125 sm, mei in gewicht fan 5–11 kg. In folwoeksen hin is folle lytser, mei in kop-sturtlingte fan 76–95 sm en in gewicht fan 21/2–51/2 kg. It gemiddelde gewicht fan in hoanne bedraacht 7,6 kg, en dat fan in hin is 4,3 kg. It dokumintearre rekôrgewicht fan in wylde kalkoenhoanne wie 16,9 kg. Hoannen mei in gewicht fan likernôch 14 kg binne ûngewoan, mar net seldsum. Dêrmei is de kalkoen de op ien nei swierste fûgel fan Noard-Amearika, nei de trompetswan (Cygnus buccinator). Dêrby moat wol oantekene wurde dat de kalkoen noch ferskate oare fûgels foargean litte moat as it om it gewichtgemiddelde giet: de wite pilekaan (Pelecanus erythrorhynchos), de fluitswan (Cygnus columbianus columbianus), de Kalifornyske kondor (Gymnogyps californicus) en de trompetkraanfûgel (Grus americana).
De fearren binne by de hoannen oer it algemien swartich of dûnkergriis, of soms grizich brún, mar mei in koperige glâns dy't komplekser wurdt neigeraden dat de fûgel âlder is. It fearrekleed fan 'e hinnen is brunich of griisbrunich, mei swarte streekjes en spikkels. Se sjogge der saaier út, mar hawwe in bettere skutkleur. De wjukken fan 'e kalkoen binne relatyf lyts foar sa'n grutte fûgel, en de wjukspanne bedraacht 1.25–1.44 m. De sturt is by beide geslachten ferhâldingsgewiis lang, en mjit 241/2–501/2 sm. De hoannen kinne de sturtfearren opsette ta in ymposante waaiersturt. Ek hawwe se in 'burd', in toppe op hier lykjende, foarútstekkende filaminten ('mesofiloplommen') dy't har út 'e midden fan it boarst groeie.
De snaffel is by beide geslachten relatyf lyts, mei in lingte fan sa'n 2–3,2 sm. Hals en kop binne keal. De hals is lang en by de hoannen ûnderoan fel read, in kleur dy't hegerop ferdizenet ta feal rôze mei in pearzige of ljochtblauwige kleur om 'e eagen hinne. By de hinnen is de hûd fan 'e hals griisbrunich, deselde kleur as de fearren. De hoannen hawwe ferskate lellen ûnderoan 'e hals (de halslellen), mar ek ien ûnder de snaffel (it kinlel) en ien dy't boppe de snaffel groeit en derby delhinget (de snútlel). In oar skaaimerk fan 'e hoannen dat by de hinnen ûntbrekt, wurdt foarme troch de nei efteren wizende spoaren dy't se oan eltse poat hawwe, njonken trije nei foarren wizende teannen en ien dy't nei efteren wiist, dêr't de hinnen ek oer beskikke. De spoaren wurde brûkt as stekwapens yn gefjochten mei oare hoannen of mei rôfdieren.
Biotoop
Wylde kalkoenen jouwe de foarkar oan in biotoop fan mingd wâld mei fersprate iepen plakken, lykas greiden, ikkers, hôven en sompen. Mar se lykje har oanpasse te kinnen oan hast eltse tichtbegroeide plantemienskip salang't der mar iepen plakken yn falle. Iepen, folwoeksen wâldlân mei in ferskaat oan beamsoarten trochinoarhinne hawwe se it leafste. Yn berchtmen komme se inkeld yn it heuvelige foarlân foar. Yn woastinen is de fersprieding beheind ta boskige stripen lân by rivieren lâns.
Hâlden en dragen
Kalkoenen binne sosjale fûgels, dy't fral winterdeis foarkomme yn groepen. Se libje oerdeis foar it meastepart op 'e grûn, dêr't se soms yn kloften foerazjearje mei oarsoartige bisten, lykas harten en iikhoarntsjes. It komt sels foar dat se mei sokke bisten boartsje. Troch mei-inoar nei fretten te sykjen, kinne de bisten inoar helpe om rôfdieren op 'e tiid gewaar te wurden. Kalkoenen hawwe in tige goed gesichtsfermogen, mar kinne troch harren koarte lingte yn boskgebieten net fier sjen. Iikhoarntsjes dy't yn in beam sitte, sjogge wol oer de ûndergroei hinne. En harten foegje dêr in tige sterke rooksin en bysûnder skerp gehoar oan ta. Hoewol't se oerdeis tige goed sjogge, hawwe kalkoenen gjin nachtsicht. Om't se by nacht folle kwetsberder binne, sykje se by it ynfallen fan 'e jûnsskimer yn 'e regel in beam op om yn te sliepen.
Nettsjinsteande harren gewicht binne wylde kalkoenen, oars as harren nuete wjergaders, goede fleaners. Se fleane fluch, behindich en faak ticht by de grûn, mar ornaris net fierder as 400 m. Kalkoenen hawwe in ferskaat oan fokalisaasjes, wêrfan't it 'gabbeljen' (gobble), sa't it yn it Ingelsk neamd wurdt, de bekendste is. Se kinne ek gjalpe, klokje, spinne, keakelje en tsjotterje. De hoannen allinne bringe soms in leechtoanich 'trommeljend' lûd fuort, dat se produsearje mei de beweging fan lucht yn in luchtpûde yn it boarst.
De peartiid falt foar kalkoenen yn maart en april. De hoannen binne polygyn, wat betsjut dat se besykje te pearjen mei safolle mooglik ûnderskate hinnen. By de balts pronkje de hoannen mei opsette fearren, útsprate waaiersturt en oer de grûn slepende wjukken, wylst harren hals, kop en lellen fel read, wyt en/of blau kleure binne. De kleur kin feroarje mei it sin fan 'e hoanne, en in hielendal wite kop is in teken fan 'e grutste opwining. 'Gabbeljen' en 'trommeljen' wurdt brûkt as middel om sosjale dominânsje foar oare hoannen oer te toanen en om hinnen oan te lokjen.
Nei de pearing skrabet de hin mei de poat in ûndjip dobke yn 'e grûn út op in plak dat ferskûle leit middenmank strewelleguod. Yn dat nêst leit se 10–14 aaien, ornaris ien op in dei. It brieden set útein as it lêste aai lein is en duorret teminsten 28 dagen. De piken fan 'e kalkoen binne nêstflechters, dy't likernôch 12–24 oeren nei se út it aai kommen binne it nêst al ferlitte. De piken wurde net fuorre; datoangeande rêde se harsels fan it begjin ôf oan en frette dêrby ynsekten, beien en sieden. De hin hâldt tafersjoch en liedt de piken nei plakken ta dêr't it goed foerazjearjen is. De piken bliuwe by de hin oan 'e ein fan 'e simmer ta, wannear't se selsstannich binne. De libbensferwachting fan kalkoenen bedraacht 10–12 jier.
Fretten
Kalkoenen binne omnivoaren, dy't har kostje op 'e grûn byinoar skarrelje of troch yn strewellen of lytse beamkes te klimmen. De foarkar hawwe ikels en oare núten, lykas hazzenuten, kastanjes en nuten fan Amerikaanske nutebeammen (Carya), mar se frette ek sieden út û.o. de dinne-apels fan pinjondinnen (Pinus subseksje Cembroides), beien fan û.m. jeneverbeibeammen (Juniperus) en de bearedrúf (Arctostaphylos ava-ursi), en fierders knoppen, blêden, fearblêden, woartels en ynsekten. Ut en troch meitsje se ek lytse amfibyen en reptilen lytsman, lykas salamanders en hagedissen.
Natuerlike fijannen
Mei't de kalkoen op 'e grûn nêstelet stiet er bleat oan in protte predaasje troch lândieren. Rôfdieren dy't de aaien fan 'e kalkoen úthelje en opfrette, binne û.o. de waskbear (Procyon lotor), de Firginia-opossum (Didelphis virginiana), it streekte stjonkdier (Mephitis mephitis), ferskate soarten bûnte stjonkdieren (Spilogale), de reade foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon citnereoargenteus), de boskmarmot (Marmota monax) en ferskate oare soarten grutte kjifdieren, ferskate soarten ratteslangen (Elaphe), de (gewoane) bolleslange (Pituophis catenifer) en ferskate oare soarten bolleslangen (Pituophis). Rôffûgels dy't it foarsjoen hawwe op kalkoenepiken binne û.o. de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de readskoudermûzefalk (Buteo lineatus), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), de wytsturtmûzefalk (Geranoaetus albicaudatus), de woastynmûzefalk (Parabuteo unicinctus), de coopersparwer (Accipiter cooperii), de breedwjukmûzefalk (Buteo platypterus) en de streekte boskûle (Strix varia).
Behalven piken wurde hinnen en healwoeksen kalkoenen (mar net, ynsafier bekend, folwoeksen hoannen) ek bejage troch de hauk (Accipiter gentilis), de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), de hûn (Canis lupus familiaris), de kat (Felis silvestris catus) en de reade foks (Vulpes vulpes). Rôfdieren dy't ek folwoeksen hoannen bejeie en opfrette, binne de grize wolf (Canis lupus), de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de poema (Puma concolor), de Mississipy-alligator (Alligator mississippiensis), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en mooglik de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), dy't ek hiele nêsten aaien opfret as er se fynt.
De earste reäksje fan 'e kalkoen op in oanfal fan in rôfdier is om út te naaien, mar as se yn it nau dreaun wurde, skromje kalkoenen net om sels oan te fallen. Fral grutte hoannen kinne yn sa'n sitewaasje agressyf út 'e hoeke komme en de spoaren oan har poaten as stekwapens ynsette. Dêrnjonken brûke se harren mânske lichem om rôfdieren te ramen, wêrnei't se mei de skerpe snaffel fan har ôf pikke. In wolf, poema of bear sil him dêr foar it neist net troch ôfskrikke litte, mar in foks, hûn of sels lynks miskien wol. Behalven út selsferdigening geane hinnen ek wolris de striid oan mei rôffûgels dy't it op harren piken foarsjoen hawwe. Der binne dokumintearre gefallen fan teminsten twa soarten mûzefalken dy't troch kalkoenhinnen oanfallen en fuortjage waarden.
Yn it grutste part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e kalkoen is de minske tsjintwurdich syn wichtichste bejager, benammen yn it neijier, wannear't der yn 'e Feriene Steaten mei hjeldagen as Thanksgiving en kryst tradisjoneel kalkoen op it menu stiet. By moetings mei minsken binne wylde kalkoenen lykwols oer it algemien alhiel net agressyf, of it moat wêze dat se yn it nau dreaun, bangmakke of op in oare manear ferge wurde. In oanfal komt it faakst foar as men in kalkoen skrikke lit troch him oer it mad te kommen, as er narre wurdt, bygelyks troch bern, of wannear't men te tichtby komt. Salang't men lykwols in foechsume ôfstân hâldt, is der oer it algemien neat te rêden. Wylde kalkoenen dy't wend binne oan minsken, bgl. yn parken of op kampearterreinen, kinne sels sa nuet wêze dat se út 'e hân fuorre wurde kinne. Soms falle hoannen parkearre auto's oan om't se yn 'e wjerspegeling fan 'e lak in konkurrint miene te bespeuren, mar as men de auto start is it leven fan 'e rinnende motor ornaris genôch om se fuort te jeien.
Status
De kalkoen hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Foar de oankomst fan 'e Jeropeänen yn 'e Nije Wrâld kamen kalkoenen fan súdlik Kanada oant súdlik-sintraal Meksiko yn 'e miljoenen foar, hoewol net yn Kalifornje, Arizona, Nevada, Utah en it Amerikaanske Noardwesten. Yn Arizona en in diel fan Nij-Meksiko kaam earder de groupoatkalkoen of súdwestlike kalkoen (Meleagris crassipes) foar, wylst yn Súdlik Kalifornje de Kalifornyske kalkoen (Meleagris californica) libbe. It útstjerren fan dy beide soarten, omtrint 10.000 jier lyn, soarge foar in "kalkoenfrij" gebiet yn it westen fan Noard-Amearika.
Yn it Prekolumbiaanske Tiidrek (foar 1492) waard de nuete kalkoen op syn letst om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne domestisearre yn Meksiko en Nij-Meksiko. Dy foarm fan 'e kalkoen waard neitiid troch de Spanjerts yn Jeropa yntrodusearre en is sûnt wrâldwiid ien fan 'e wichtichste soarten plomfee wurden. Fierder noardlik spile de wylde kalkoen in wichtige rol yn 'e kultueren fan in protte Yndiaanske folken. Se fandelen de aaien gear en bejagen de fûgels foar it fleis, mar brûkten ek de fearren foar rituelen en om holdeksels mei te fersieren. Sa droegen bygelyks de opperhaden fan 'e Katôba (Catawba) út wat no Súd-Karolina is, tradisjoneel fearretoaien makke fan kalkoenefearren. By de Kriik (Creek) út Georgia en de Wampanôk (Wampanoag) út Massachusetts droegen minsken fan kwizekwânsje kalkoenefearrene mantels. De karakteristike manear fan bewegen fan kalkoenen foarme by de Keddo (Caddo) fan Teksas en Oklahoma de ynspiraasje foar de kalkoenedûns. Yn 'e mytology fan 'e Navaho (Navajo) fan it Amerikaanske Súdwesten brocht Kalkoen harren foarâlden stynske weet om te ferbouwen. Dêrom is de kalkoen noch altyd ien fan 'e hillige fûgels fan 'e Navaho.
De Jeropeeske kolonisten, dy't har fan it begjin fan 'e santjinde iuw ôf yn Noard-Amearika fêstigen, en harren neikommelingen wisten neat fan 'e libbenssyklus fan 'e kalkoen, en de ûntjouwing fan 'e ekology as wittenskip kaam te let om in ferskil te meitsjen. Oerbejaging fan 'e fûgels sette al yn 'e santjinde iuw útein. Grutskalige ûntbosking ûntnaam de fûgels in gaadlik habitat. De ferneatiging fan beskate typen biotoop, lykas prêrje yn it Amerikaanske Midwesten, bamboereidfjilden yn it Amerikaanske Suden en dinnebosken yn 'e hege woastyn makke dat kalkoenen har net mear súksesfol fuortplantsje koene, mei't der nearne skûlplakken foar harren nêsten wiene. De populaasje sakke dêrtroch yn.
Der wurdt rûsd dat der yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren noch mar 30.000 wylde kalkoenen yn 'e hiele Feriene Steaten oer wiene. Yn 'e 1940-er jierren stoar de wylde kalkoen yn Kanada hielendal út. Om it folsleine útstjerren fan 'e soarte tsjin te kearen, besocht men fan dy tiid ôf kalkoenen mei de hân grut te bringen en dêrnei yn it wyld út te setten, mar dat mislearre jammerdearlik om't der op dy manear feitliks nuete kalkoenen produsearre waarden dy't op minsken ymprinte wiene en dy't harsels yn it wyld net fiede koene. Dêrom waard ynstee úteinset mei in kampanje om 'e fûgels en it soarte habitat dêr't se ferlet fan hawwe, te beskermjen. Kalkoenen plantsje har fluch en maklik fuort, dat der koene yn 'e beskerme gebieten al rillegau 'oerstallige' eksimplaren fongen wurde, dy't dan oerpleatst waarden nei in oar gaadlik habitat dêr't gjin kalkoenen mear libben. Sa waard de kalkoen yn 'e Feriene Steaten yn in perioade fan likernôch in fearnsiuw fan 'e ûndergong rêden. Tsjin 1973 wiene der wer 1,3 miljoen fan 'e fûgels yn it lân. Kalkoenen waarden sels yntrodusearre yn gebieten, lykas Kalifornje en de rest fan 'e westkust, dêr't se earder net foarkommen wiene. Anno 2013 wie de totale wylde populaasje yn alle trije lannen oanwoeksen oant likernôch 7 miljoen fûgels.
Undersoarten
Der binne 6 wylde en 1 domestisearre (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e kalkoen (Meleagris gallopavo):
- eastlike kalkoen (M. g. silvestris)
- (súdlik Ontario, it uterste suden fan Kebek, Manitoba en Saskatchewan en de eastlike helte fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, oant en mei Noard-Dakota en Iowa en it easten fan Súd-Dakota, Kansas, Oklahoma en Teksas ta, mar útsein it Floaridaskiereilân; populaasje: 5,1–5,3 miljoen)
- osceolakalkoen of Osceola's kalkoen (M. g. osceola)
- (it Floaridaskiereilân útsein de Everglades; ferneamd nei it Seminoalske opperhaad Osceola; populaasje: 80.000–100.000)
- Rio Grandekalkoen (M. g. intermedia)
- (súdlik Nebraska, westlik Kansas, eastlik Colorado, sintraal en westlik Oklahoma, eastlik Nij-Meksiko, noardlik, sintraal en súdlik Teksas en de Eastlike Sierra Madre yn Meksiko; as in troch de minske yntrodusearre eksoat ek yn Kalifornje, Oregon, Nevada, súdeastlik Washington, súdlik Idaho, noardlik en westlik Utah en de eilannen Lanaï, Molokaï, Maui, Hawaï en Oähû yn Hawaï; ferneamd nei de Rio Grande; populaasje: ±1 miljoen)
- merriamkalkoen of Merriams kalkoen (M. g. merriami)
- (it uterste suden fan Britsk-Kolumbia en Alberta, sintraal en eastlik Washington, noardlik en sintraal Idaho, hiel Montana en Wyoming, it uterste súdwesten fan Noard-Dakota, sintraal en westlik Súd-Dakota, noardlik en westlik Nebraska, sintraal en westlik Colorado, súdeastlik Utah, hiel Arizona, sintraal en westlik Nij-Meksiko en it uterste suden fan Kalifornje; ferneamd nei de biolooch Clinton Hart Merriam; populaasje: 335.000–345.000)
- Noardmeksikaanske kalkoen (M. g. mexicana)
- (de Westlike Sierra Madre yn Meksiko, it uterste suden fan Arizona en de Hakke fan Nij-Meksiko; populaasjegrutte ûnbekend)
- Súdmeksikaanske kalkoen (M. g. gallopavo)
- (nettsjinsteande de namme yn sintraal en net súdlik Meksiko, op it Plato fan Anahuac oant yn 'e Súdlike Sierra Madre; dizze ûndersoarte is krityk bedrige en komt amper noch yn it wyld foar)
- nuete kalkoen (M. g. domesticus)
- (stammet ôf fan 'e Súdmeksikaanske kalkoen, dy't yn Meso-Amearika troch de Yndianen fan 'e preklassike beskavings domestisearre waard)
De paukalkoen (Meleagris ocellata), dy't op it Jûkatanskiereilân fan súdlik Meksiko foarkomt, is gjin ûndersoarte fan 'e kalkoen, mar in aparte soarte.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|