kalkgerslângroukopke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammelidpoatigen (Arthropoda)
klasseynsekten (Insecta)
skiftflinters (Lepidoptera)
famyljegroukopflinters (Hesperiidae)
skaaispikkelbûnte groukopkes (Spialia)
soarte
Spialia sertorius
Hoffmannsegg, 1804
IUCN-status: net bedrige

It kalkgerslângroukopke (“Spialia sertorius”) is in soarte yn it skaai fan de spikkelbûnte groukopkes (Spialia).

Foarkommen

It kalkgerslângroukopke is as stânflinter út Nederlân ferdwûn. Der hat lange tiid in populaasje west yn Súd-Limburch mar dizze is jammer genôch útstoarn. De meast tichtbye populaasje is yn it Belgyske diel fan de Faalskerberch. In ein fan Nederlân is dat net fuort. Der is dan ek noch altyd hoop dat de flinter wer yn Limburch komt.

Op de Nederlânske reade list stiet dizze flinter as ferdwûn. Om utens komt er lykwols noch rûnom foar.

Flinter

De wjuklingte is likernôch 11 mm. Flinters dy’t krekt út de pop komme kist goed werkenne oan de reade ûnderkant fan de wjukken. Flinters dy’t al in pear dagen fleane hawwe dizze reade ûnderkant net mear. Op de foarwjuk oan de foarkant binne in pear wite plakken.

Fljochtiid

De flinter fljocht fan begjin maaie ôf oant ein juny. De flinter fljocht faak yn ien generaasje, soms yn twa.

Rûp

De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de weardplant. De lytse pimpernel is de plant wêr't de rûpen fan ite. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.