Gaius Julius (of Iulius) Caesar Augustus Germanicus, better bekend ûnder syn bynamme Kaligula (Antium, 31 augustus 12 - Rome, 24 jannewaris 41) wie in Romeinsk keizer.
Hy wie de tredde keizer fan it Imperium Romanum. Yn 37 folge hy Tibearius, syn efterneef, op. De koarte tiid dat er regearre stiet bekend as ien fan de meast wrede en bizarre tiidreken fan it Keizerryk.
Jeugd
Kaligula wie de jongste soan fan Germanikus en Agrippina de Aldere en oerpakesizzer fan keizer Augustus. Kaligula groeide op yn soldatenkampeminten. En ûnder de soldaten wie hy populêr en dêr komt er ek oan syn bynamme Kaligula (dat soldatenlears ynhâld), fan it Latyn caligae). Lykwols waard dizze bynamme yn syn eigen tiid amper brûkt, mar hawwe lettere histoarisy him meastentiids dêrmei neamd.
De heit fan Kaligula, Germanikus ferstoar yn 19 ûnder nuvere omstannichheden. Syn mem dy't Tibearius ferantwurdlik hâlde foar de dea fan har man, waard troch de keizer ferbannen en stoar de hongersdea. Tiberius wie ferfolgens ek ferantwurdlik foar de dea fan de âldere broers fan him, Nearo en Drusus. Dat Kaligula sels net troch de keizer fermoarde is hie, benammen te krijen dat er noch jong wie om in gefaar te foarmjen. Wol waard er twongen om yn it paleis te libjen fan syn omke Tiberius. Nei alle gedachten hat er hiel bot te leiden hân fan dizze bizarre opfieding en hat it ynfloed hân op syn letter dieden as keizer.
Keizer Gaius
De earste moannen fan syn bewâld ferrûn ûnthjittend en wienen in ferromming neffens it terreurbewâld fan Tibearius. Hy wie sels sa goederjousk dat nei njoggen moannen de skatkiste (troch Tibearius oan de nok ta fuld) folslein leech wie. Nei in earnstige sykte begûn hy lykwols him hiel oars te gedragen. Lykas keizer Augustus foar him besocht er alle regearingsmacht nei him ta te loeken dêr´t hy tagelyk de yllúzje by ophâlde dat er de "res publica" hanthavene. Nei de sykte gong Kaligula iepentlik it konflikt oan mei de aristokrasy. Mei gefolch dat er oanhâldend te krijen hie mei gearspanningen troch senatoren en hy hieltyd mear geweld brûkte dat úteinlik eskalearre soe en dêr´t hy yn in persoanlik isolemint troch rekke. Dêrby kaam dat er net bot suksesfol wie yn syn militêre kampanjes.
Sljochtsinnich?
Kaligula jild as ien fan de meast sljochtsinnige keizers fan it Romeinske Keizerryk. It stiet fêst dat ûnder syn bewâld in protte wreedheden fernederingen en eksessen plak fûn hawwe. Fan syn dea ôf is hiel negatyf oer him skreaun. Lykwols bestien der amper boarnen út syn eigen tiid. De wandieden dy´t beskreaun wurde, nimme hiel bot ta yn ekssessiviteit nei gelang de tiid mear ferstrykt. Fral troch de Romeinske skiedkundige Suetonius – dêr´t wy wat de ynformaasje oer Kaligula oanbelanget nochal ôfhinklik fan binne – skriuwd tige negatyf oer him.
Troch skiedkundigen wurde tsjintwurdich net langer alle ferhalen dy´t oer Kaligula skreaun binne foar wier beskôge. My syn sljochtsinnichheid soe it wol wat meifallen en de ferdachtmakkings oer him fan ynsest (mei syn trije sussen) wurde nei it ryk der fabelen ferwiisd.
Ein
It bewâld dat Kaligula fierde waard him úteinlik fataal. In tal promininte leden fan de Praetorjaanske garde (Cassius Chaerea en Sabinus) fielden harren sadanich kwetst troch de keizer dat sy yn 41 mei leden fan de senaat Kaligula, de frou fan him Milonia Kaesonia en harren twajierrich dochterke fermoarden. Kaligula waard opfolge troch in omke fan him Klaudius.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Primêre boarnen:
Literatuer:
|