Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Polityk
LânFrankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintPas-de-Calais (62)
Sifers
Ynwennertal↓74.336 (2009)
Oerflak33,5 km²
Befolkingsticht.2.219 / km²
Hichte0-18 m

Calais (histoarysk yn it Frysk Kalês of Kales) is in stêd yn Frankryk dy't leit oan de Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Calais). Der wenje om-ende-by 80.000 minsken.

By Calais, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.

Eartiids makke Calais diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsken waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan de Frânsken. Fan de Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan de Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it ferdrach fan Fervins weromjûn oan Frankryk.

Berne yn Calais

  • Ford Madox Brown (1821-1893), Ingelsk keunstskilder, yllustrator en ûntwerper fan meubels en brânskildere glês (Prerafaeliten)
  • Louis Daquin (1908-1980), akteur en filmregisseur
  • Jean Jakus (1919 - 2008), dirigint Koar fan de Europeeske Mienskippen
  • Djezon Boutoille (9 novimber 1975), fuotballer-

Demografy



It ferrin fan it ynwennertal fan Calais sûnt 1962. Boarne: Frânsk buro foar de statistyk.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.