| |||
Lân | Egypte | ||
Gûvernemint: | al-Qahira | ||
Ynwennertal | 7.947.121 (2008) | ||
Ynwennertal stêdekloft: | 16.078.877 (2008) | ||
Oerflak: | 214 km² | ||
Oerflak stêdekloft: | 5.360 km² | ||
Tiidsône: | UTC +2 | ||
Kairo (Arabysk: Al-Qāhira) is de haadstêd fan Egypte. Yn de stêd wenje offisjeel sa'n 8 miljoen minsken, mar troch it grutte tal yllegale ymmigranten yn de stêd moat dit oantal noch heger lizze. Mei de stêdekloft om Kairo hinne beskikt leit it oantal nei skatting op sa'n 16 miljoen ynwenners dêr't Kairo de grutste stêd fan Afrika mei is en fan it Midden-Easten en ien fan de grutste fan de wrâld. De stêd is ek ien fan de meast fersmoarge stêden fan de wrâld en it ferkear is ien grutte gaos.
Lizzing
De stêd leit oan de eastigge fan de Nyl yn it noarden fan Egypte, súdlik fan it plak dêr't dizze rivier har yn de delta fertakket yn de Rosetta en deDamietta. Westlik fan Kairo lizze Gizeh en de Piramiden fan Gizeh. Yn it suden is ek de lokaasje fan de klassike Egyptyske stêd Memfis.
Skiednis
De skiednis fan Kairo giet werom oant de Romeinske tiid, doe't op it plak fan de tsjintwurdige stêd in fort stie as symboal fan de Romeinske macht. Offisjeel waard de stêd yn 969 stiften troch de Fatimiden, een Noard-Afrikaanske dynasty. Sy bouden tichtby de garnizoenstêd Fustat in nije haadstêd en neamden de stêd Al-Medina Al-Qahirah, de Oerwinnende Stêd.
Nei de ferwoasting fan Bagdad yn 1258 troch de Mongoalen, waard Kairo de wichtichste kulturele en yntellektuele stêd fan it Midden-Easten.
Mei de komst fan Ismael, pakesizzer fan Mohammed Aly, healwei de 19e iuw soe de ûntjouwing fan de stêd yn in streamfersnelling telâne komme. Dêr't hjoed-de-dei it stêdsdiel fan Kairo leit, wie eartiids inkel in sompich gebiet dat alle jierren troch de Nyl oerstreamd waard. Troch Ismael waard de sompe drûch makke. Fierders nûge hy út Jeropa boumasters om njonken de âlde Islamityske stêd in modern Kairo yn nij-Jeropeeske styl te ûntwerpen. Yn dyselde tiid waard ek it Suezkanaal groeven en foar skipfeart iepensteld dêr't hy de stêd op de ynternasjonale kaart mei sette. Sûnt dan makket it Egyptyske sakenlibben in wichtige groei- en bloeiperioade troch, mar waard ek in protte skulden makke troch de stêd.
Yn 1882 kaam de stêd ûnder kontrôle fan de Britten oant alle skulden werom betelle wienen. Dizze besetting soe lang om let oant yn 1952 yn stân bliuwe, doe't in grutte revolúsje dêr ynienen in ein oan makke. Sûnt dy tiid hat de stêd in ûnbidige befolkingsgroei trochmakke, dy't late ta in gebrek oan húsfesting. Dêrom waard yn de jierren ’60 en ’70 de westlike ouwer fan de Nyl ynlive by de stêd en waarden hiel wat nije wiken út de grûn stampe. Dizze útwreidingen wienen lykwols net genôch om de wenningneed temjitte te kommen en der ûntstienen yn de woastyn eastlik fan de stêd sloppenwiken. Under it bewâld fan Hosni Mubarak binne stadichoan ferbetteringen kaam, mar dochs bleau de oerbefolking, earmoede en fersmoarging de stêd parten spyljen.
Nijsgjirrichheden
Bouwurken
De âlde binnenstêd fan Kairo is troch de UNESCO ta wrâlderfgoed ferkleare.
- Piramiden fan Gizeh: Piramide fan Geops, Piramide fan Chefren, Piramide fan Mycerinus
- Khan El-Khalili bazaar
- Kairo Tower
- Sitadel (Kairo)
- Nilometer
- Gezira (Kairo)
Musea
- Egyptysk Museum
- Koptysk Museum
- Mahmoud Khalil-museum
- Museum fan it Abdeen-paleis
- Museum foar Islamityske Keunst
- Nasjonaal Museum fan Egyptyske Moderne Keunst
New Cairo
New Cairo (Nij Kairo) is in nij stêdsdiel fan Kairo. De bou fan it megaprojekt begûn yn 2004. New Cairo is rommer fan opset as it âlde Kairo, dêrtroch is it ek skjinner en der is minder lûdsoerlêst.
Tusken de 17 en 28 kilometer eastlik fan de binnenstêd leit in heuveleftige woastyn, dêr't ynvestearders op in oerflak fan 120 km² bouwe meie. New Cairo en Kairo binne mei sneldiken ferbûn. Yn it nije Kairo is plak foar likernôch 2,2 miljoen minsken. Der binne winkelsintra, parken, ynternasjonale skoallen en universiteiten.
ferkear en ferfier
Yn Kairo leit de ynternasjonale luchthaven Kairo Cairo International Airport (koade: CAI).
Fan Kairo set de Trans-Afrikaanske Kairo-Kaapstêd Snelwei útein. Dizze wei, dy't goed 10.000 kilometer lang is, folget in rûte troch it easten fan Afrika nei it suden en einigt yn Kaapstêd.
Berne yn Kairo
- Fuad I fan Egypte (26 maart 1868), kening fan Egypte
- Naguib Mahfouz (11 desimber 1911 - 30 augustus 2006), skriuwer en Nobelpriiswinner
- Faroek I (11 febrewaris 1920), kening fan Egypte
- Boutros Boutros-Ghali (14 desimber 1922), sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes
- Bob Azzam (24 oktober 1925), sjonger en orkestlieder
- Yasser Arafat (24 augustus 1929), Palestijnsk militêr en politikus
- Dalida (17 jannewaris 1933), sjongster en aktrise
- Ibrahim Karim (1 febrewaris 1942), architekt
- Mohammed el-Baradei (17 juny 1942), haad Ynternasjonaal Atoamenerzjy Agintskip
- Fuad II van Egypte (16 jannewaris 1952), kening fan Egypte
- Magdi Allam (22 april 1952), Italjaansk sjoernalist
- Hossam Hassan (10 augustus 1966), fuotballer
- Hany Ramzy (10 maart 1969), fuotballer
- Ahmed Hossam (Mido) (23 febrewaris 1983), fuotballer
- Sherif Ekramy (1 july 1983), fuotballer
Keppeling om utens
- (ned) Kairo
- (in) Kairo op Wikivoyage