De Bogt fen Guné | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
koördinaten | 53°11′11″ N 5°32′18″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kafee | |
boujier | 1641 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15786 | |
offisjele webside | ||
www.debogt.nl | ||
kaart | ||
De Bogt fen Guné is in kafee neist it Sjûkelân yn Frjentsjer, dat al bestiet sûnt 1641. It pân biedt mei trije sealen plak oan op syn meast 200 persoanen. It kafee is nei gedachten it âldste studintekafee fan Nederlân. De populêre hospes (kastlein) hjit "Baes Bogt".
Namme
De namme Bogt fan Guné komt fan 1665. Yn de Bogt hie him doe krekt de Harnzer kaperkaptein Jan Ales fêstige. Dy hie in soad jild fertsjinne oan de Goudkust (oan 'e Bocht fan Guinee). Johan Maurits fan Nassau-Siegen, dy't doe op Martenahûs by Saepk fan Vervou útfanhuze nûge him út en kaam ek wol yn de Bogt fan Guné. De greve hie nammentlik op 15 juny 1637 de Goudkust foar Nederlân yn besit nomd. Ta eare fan de greve joech Jan Ales doe it weardshûs syn namme.
Studintekafee
In bul mei in grutsegel fan de Frjentsjerter Akademy ferkundiget oan elke besiker dat de Bogt fen Guné it fêste weardshûs is fan de Fryske studinten.
Alle jierren om Kryst hinne, wurdt dêr it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings hâlden. Nei it sluten fan de Hegeskoalle yn 1843 wienen der gjin sudinten mear yn Frjentsjer. Dochs hâlde de Nederlânske studinten sûnt 1939 in bân mei de herberch. Mei troch syn twa dikke halsgevels, in grutte feranda, in trochreed en de dikke balken fan de jachtweide is de sfear fan de studintetiid bewarre bleaun. De dagen foar Peaske wienen der ek lang gearkomsten fan Fryske studintefederaasjes. De drokste dei foar De Bogt is lykwols de fiifde woansdei fan july, by gelegenheid fan it feest nei de finale fan de PC.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|