Kabbeljau (Gadus morhua) is in fisksoarte dy't foarkomt yn de Atlantyske Oseaan. Hy hat in lingte oant 150 sm, mar is trochstrings 80 oant 90 sm. De kabbeljau hat in oliifgriene en rêch mei brune plakken, in wite búk en in lange kintried.
Foarkommen
De grutste fangplakken binne Newfoundlandbank, de Lofoten en de Doggersbank. De fisksoarte libbet op djipten fan 20 - 600 meter ticht by de boaiem. De kabbeljau yt bynammen kreeftkes, kraben, grenaten, fisken en moksels.
It fleis fan de kabbeljau is fyn fan smaak en hat in losse struktuer. De fisk wurdt faak filearre, ek de lever fan de kabbeljau is tige smaakryk. Yn de simmermoannen sitte de saneamme luzen op de lever en dan sit der gjin goeie smaak oan.
Lytse kabbeljau hjit gul of gatsje. Drûge kabbeljau wurdt ek stokfisk neamd en frituerde stikken kabeljau wurde wol kibbeling neamd. Skrei is de namme dy't er krijt yn de perioade tusken desimber en april at er fanút de Barentssee nei it noardwesten fan Noarwegen migrearet om te ridzjen. De namme skrei is ôflieden fan it Wytsingewurd "skrida", wat eat as "reizgjen" betsjut.