| |||||
Offisjele taal | Portegeesk, Kabuverdiano | ||||
Haadstêd | Praia | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
4.033 km² km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2013) | 531.046 | ||||
Munt | Kaapverdyske eskudo (CVE) | ||||
Tiidsône | UTC -1 | ||||
Nasjonale feestdei | 5 july | ||||
Lânkoade | CPV | ||||
Ynternet | .cv | ||||
Tillefoan | 238 |
Kaapverdje of de Kaapverdyske eilannen (Portegeesk: Cabo Verde) is in lân foar de westkust fan Afrika. It bestiet út in kloft fan fjirtsjin eilannen dêr't njoggen fan bewenne binne. De haadstêd is Praia. It lân hat in nauwe relaasje mei Guinee-Bissau.
Geografy
Lizzing
De eilannen dy't by Kaapverdje hearre wurde begrinzge troch:
- de Atlantyske Oseaan,
- de Kanaryske Eilannen yn it noarden,
- de West-Afrikaanske lannen Mauretaanje, Senegal en Guinee-Bissau yn it easten.
Lânskip
De Kaapverdyske arsjipel leit om-ende-by 600 kilometers fan de kust fan West Afrika ôf. It bestiet út njoggen grutte bewenne eilannen en fiif lytse eilannen dy't net bewenne wurde. Alle eilannen binne fan fulkanyske komôf.
De noch hieltyd aktive fulkaan Mount Fogo op it eilân Fogo is it heechste punt fan de arsjipel mei in hichte fan 2.829 meters. Op Sal en Maio lizze grutte sâltflakten. En op de eilannen Santiago, Santo Antão, en São Nicolau, bestiet it lânskip út skrokke heuvels dy't oergeanne yn banane- en sûkerreidplantaazjes ûnderoan de bergen.
De eilannen binne ferdield yn de Barlavento ('yn de wyn') groep: (Santo Antão, São Vicente, Santa Luzia, São Nicolau, Sal en Boa Vista) en de Sotavento ('yn de smoute') eilannen: (Maio, Santiago, Fogo en Brava). It grutste eilân is Santiago, dêr't ek de haadstêd op leit.
It klimaat fan de Kaapverdyske eilannen is mylder as dat op it kontinint. Omdat de eilannen troch see omfieme wurde lizze de temperatueren yn jannewaris op 25 °C en yn septimber 29 °C. Mar trochdat der net folle rein falt is de fegetaasje semy-woastyneftich en bestiet it út steppen en heal-woastyn fegetaasje.
Skiednis
Foardat it eilân ûntdekt waard wie it net bewenne troch minsken. Nei de ûntdekking fan de eilannen yn 1460 bestjoerde Portegal 500 jier lang de arsjipel. In soad jild waard eartiids fertsjinne mei de Slavehannel nei Amearika. Earst yn 1975 waard Kaapverdje ûnôfhinklik.
Demografy
Befolking
De befolking fan Kaapverdje bestiet foar mear as 70 persint út Kreolen, ôfstammelingen fan Portugeeske ymmigranten en Afrikaanske slaven. Troch de krapte oan natuerlike boarnen wennet en wurket 60 % fan de Kaapverdianen yn it bûtenlân.
Portugeesk is de offisjele taal op Kaapverdje, mar der wurdt benammen Krioulo sprutsen, in mingtaal fan Portugeesk en Afrikaanske talen.
Religy
Meastepart fan de befolking is Roomsk katolyk. Oare leauwen binne de Protestantske Tsjerke en Natoerreligys.