Kaapstêd | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Súd-Afrika |
Provinsje | West-Kaap |
Gemeente | Kaapstêd |
Sifers | |
Ynwennertal | 433.688 (2011) |
Oerflak | 2460 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 1100 / km² |
Stêdekloft | 3.740.026 (2012) |
Hichte | 0–1590 m |
Oar | |
Stifting | 6 april 1652 |
Tiidsône | UTC+2 |
Koördinaten | 33° 55' SB, 25° 26' EL |
Webside | www.capetown.gov.za |
Kaapstêd (Afrikaansk: Kaapstad, Ingelsk: Cape Town, Kosa: iKapa), mei de bynamme de Moederstad, is it haadplak fan de provinsje West-Kaap en is it wetjaand sintrum fan Súd-Afrika. Hy is mei Bloemfontein (rjochterlike macht) en Pretoria (útfierende macht) ien fan de haadstêden fan Súd-Afrika. It is de twadde stêd fan it lân.
De stêd leit yn de fierst súdwestlike punt fan Súd-Afrika en wie oarspronklik in ferfarskingspost foar Nederlânske skippen ûnderweis nei East-Afrika, Ynje of it Fiere Easten. Teffens wie it plak ien fan de earste permaninte Jeropeeske delsettingen besuden de Sahara. De Nederlanners yn tsjinst fan de Vereenigde Oost-Indische Compagnie makken dêr foar it earst kontakt mei de lieder fan de Goringkhoina in 1652.
Fan in lytse havenstêd oan de Tafelbaai waakste Kaapstêd ta de grutste stêd fan Súd-Afrika, mar rekke dat plak kwyt oan Johannesburg yn 1887 troch de goudkoarts nei de Witwatersrand. By de folkstelling fan 2001 die bliken dat Kaapstêd de grutste Afrikaanskpratende mienskip fan it lân wie mei 1,2 miljoen minsken.
Kaapstêd is in populêre ynternasjonale bestimming foar toeristen om reden fan de natuer yn de omkriten en syn lizzing oan de foet fan de ferneamde de Tafelberch.
Yn 2010 wie Kaapstêd ien fan de stêden dêr't it WK fuotbal spile waard.