Kaapsk grûniikhoarntsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljeiikhoarntsjes (Sciuridae)
skaaiAfrikaanske grûniikhoarntsjes (Xerus)
soarte
Xerus inauris
Zimmermann, 1780
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Kaapske grûniikhoarntsje (Latynske namme: Xerus inauris) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e Afrikaanske grûniikhoarntsjes (Xerus). Dêrbinnen foarmet dizze soarte mei it berchgrûniikhoarntsje (Xerus princepts) it ûnderskaai fan 'e Súdafrikaanske grûniikhoarntsjes (Geosciurus). It Kaapske grûniikhoarntsje komt foar yn Súdlik Afrika, al ûntbrekt er, nettsjinsteande syn namme, yn it grutste part fan 'e Súdafrikaanske Kaapprovinsjes.

Fersprieding

It Kaapske grûniikhoarntsje komt foar yn in grut diel fan Súdlik Afrika, mei dêrûnder noardlik en sintraal Súd-Afrika, westlik Lesoto, súdwestlik en sintraal Botswana en hast hiel Namybje, útsein it uterste noarden en in smellige stripe by de kust lâns. Dêrmei beslacht it ferspriedingsgebiet fan dit bist de hiele Kalaharywoastyn. Hy ûntbrekt lykwols yn it grutste part fan 'e Súdafrikaanske Kaapprovinsjes, dat de namme is wat misliedend. Mooglik dat er sa neamd waard om him te ûnderskieden fan it grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), in eksoat út Noard-Amearika, dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw troch de Britske koloniaal Cecil Rhodes yn 'e krite om Kaapstêd hinne yntrodusearre waard.

In Kaapsk grûniikhoarntsje yn it Nasjonaal Park Etosha, yn Namybje.

Uterlike skaaimerken

It Kaapske grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20-30 sm, mei in sturtlingte fan 18-26 sm en in gewicht fan 425-650 g. De pels bestiet út koarte, stive hierkes sûnder ûnderhier, en is bêzje-eftich op 'e rêch en witich op 'e snút, bealch en de binnenkant fan 'e poaten. Oer de fangen rint in wite streek fan 'e skouders oant de efterpoaten, en ek om 'e frij grutte eagen hinne sitte wite streken. De sturt is fan boppen en ûnderen ôfplatte, en soe beskreaun wurde kinne as in sydlingse plomsturt. Kaapske grûniikhoarntsjes steane bekend om 'e grutte testikels fan 'e mantsjes, dy't sa'n 20% fan har kop-romplingte bedrage.

Biotoop

Kaapske grûniikhoarntsjes libje benammen yn woastyngebieten en oare drûge biotopen, lykas steppes en greidlân mei in hurde ûndergrûn. Se wurde ek wol oantroffen yn strewelleguod dat sâltflakten omseamet en yn lânbougebieten.

Hâlden en dragen

It Kaapske grûniikhoarntsje is ornaris deis warber en nachts yn rêst. Mei't er yn 'e woastyn libbet, is der fansels gjin sprake fan in wintersliep. Hy libbet yn in eigengroeven hoale dy't ûndergrûnsk yn ferbining stiet mei de hoalen fan soartgenoaten, sadat der in koloanje ûntstiet dy't wol 700 m² beslaan kin, mei wol 100 ferskillende yngongen. Sokke hoalen tsjinje net inkeld foar beskerming tsjin predaasje, mar ek tsjin ekstreme temperatueren. Bûtendoar beskaadzje Kaapske grûniikhoarntsjes har kop faak mei har plomsturt.

In Kaapsk grûniikhoarntsje by syn hoale.

Se libje yn groepen fan 2-3 wyfkes mei op syn heechsten njoggen jongen. Mantsjes geane har eigen wei sadree't se folwoeksen wurden binne, en foarmje dan har eigen groepen, dy't út wol 19 net mei-inoar besibbe eksimplaren bestean kinne. De territoaria fan groepen wyfkes beslane sa'n 4 ha, dy fan 'e groepen mantsjes sa'n 12 ha. By de wyfkes binne alle eksimplaren fan gelikense status, mar de mantsjes hâlde in lineêre hierargy oan dy't basearre is op âldens. Oan 'e oare kant binne de wyfkes tige territoriaal, wylst de mantsjes dat net binne en ûnbekende eksimplaren frij maklik ta de groep talitte. Kaapske grûniikhoarntsjes bringe har aktive perioaden foar 70% troch mei foerazjearjen, foar 15-20% mei wach wêzen om eventuële rôfdieren yn 'e rekken te hâlden, en foar 10% mei sosjalisearjen.

Kaapske grûniikhoarntsjes kinne har it hiele jier rûn fuortplantsje, al bart soks it meast yn 'e drûge wintermoannen. Djoeiske wyfkes wurde dêrby oanholden en neisitten troch ferskate mantsjes dy't mei har pearje wolle. De dominantste mantsjes meie dan it earst pearje, hoewol't minder dominante mantsjes dêrnei faak oan bar komme. Faak sil in wyfke trouwens mear as ien kear mei itselde mantsje pearje. Nei de pearing masturbearje de mantsjes faak, wat men beskôget as in ynstinktmjittige adaptaasje dy't har geslachtsdielen skjin hâldt en it risiko op seksueel oerdraachbere oandwanings ferminderet. Nei in draachtiid fan 42-49 dagen smyt it wyfkes in nêst fan 1-3 jongen, dy't keal en blyn te wrâld komme en de earste 45 dagen ûnder de grûn bliuwe. Mei 35 dagen geane de eachjes iepen en mei 50 dagen wurde se ôfwûn. De mantsjes binne mei 8 moanne geslachtsryp, en de wyfkes mei 10 moanne.

In pear Kaapske grûniikhoarntsjes hâlde har om-en-by yn 'e rekken.

De hoalen fan Kaapske grûniikhoarntsjes wurde ek brûkt troch stôksturtsjes en foksmangoesten. Wylst Kaapske grûniikhoarntsjes mei de stôksturtsjes in relaasje hawwe kinne dêr't beide soarten baat by hawwe, libje grûniikhoarntsjes en mangoesten yn 'e regel mar wat byinoar lâns. De wichtichste natuerlike fijannen fan it Kaapske grûniikhoarntsje binne jakhalzen, ferskate soarten slangen, faranen en rôffûgels. As se in rôffûgel gewaar wurde, meitsje Kaapske grûniikhoarntsjes har út 'e fuotten en lûke se har werom yn har hoalen. Mar as der gefaar driget fan slangen, drave se der just mei syn allen op ta om 'e fijân fuort te jeien.

Fretten

Kaapske grûniikhoarntsjes libje fan bollen, fruchten, gerzen, krûden, twiichjes fan strewellen en ynsekten. Mei't se gjin itensfoarrieden oanlizze, is foerazjearjen foar har in deistige aktiviteit. Yn 'e regel hoege se net te drinken, om't se genôch focht binnenkrijen út har (plantaardige) fretten.

Status

It Kaapske grûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn guon gebieten wurdt er bestriden as ûngedierte dat skealik is foar de lânbou. Hy komt lykwols ek foar djip yn 'e Kalaharywoastyn en yn beskerme gebieten, lykas it Transnasjonaal Park Kgalagadi, yn Botswana en Súd-Afrika, en it Nasjonaal Park Etosha yn Namybje, dêr't nimmen it Kaapske grûniikhoarntsje in striebree yn 'e wei leit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.