Kaap Krús (Ingelsk: Cape Cross) is in lânpunt oan de Namibyske kust, op sa'n 100 km benoarden fan it kustplak Swakopmund. Kaap Krús is teffens in bekend reservaat foar in grutte koloanje Kaapske pelsrobben (Arctocephalus pusillus).
Yn 1484 sylt de Portugeesk Diogo Cão de Atlantyske kust fan Afrika by del nei it suden ta. Hy is de earste Jeropeaan dy't dat docht en syn reis einiget — letterlik — by Kaap Krús. Hy lânet dêr en set in tinkteken, in krús mei opskrift. De ynskripsje seit:
"6684 jier sûnt de skepping fan de ierde en 1484 jier sûnt de berte fan Kristus, hat de ridder Diego Cão fanwege de yllústere Don Juan hjir in teken oprjochte."
Diogo Cão stoar by Kaap Krús en waard dêr beïerdige. It troch him oprjochte krús wie foar lettere ûntdekkingsreizgers — lykas Bartolomeus Diaz (1487-'88) en Vasco da Gama (1497-'99) — in beaken op wei nei Kaap de Goede Hope en fierderop. It oarspronklike krús is letter oerbrocht nei it museum foar oseanografy in Berlyn en ferfongen troch in replika. Dy replika kaam lykwols net presys op it orzjinele plak te stean en dêrom stiet der no noch in twadde replika, wol op it goede plak.
Tusken 1898 en 1903 wie der in frijwat grutte mienskip by Kaap Krús dwaande mei it sammeljen fan gûano. In grut begraafplak dêre bringt dy peioade te binnen. Op 't heden is de koloanje seehûnen de wichtichste reden foar toeristen om dêr hinne te reizgjen.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cape Cross fan Wikimedia Commons. |