In kaap of seekaap is in beaken foar de skipfeart en is in markant punt yn it lânskip dêr't it gebrûk fan iuwen tebek giet. Kapen waarden boud op sânplaten, it ein fan in pier of in daam of op in dúntop.
Bou
In kaap hat ornaris gjin ljocht en is deis goed werkenber troch syn eigen foarm.
Der binne metalen en houten kapen. Kapen fan hout hawwe meast in fjouwerkante grûnfoarm en besteane út fjouwer peallen dy't skean tsjininoar set binne, dêr't in spesifike houten foarm op fêstmakke is. In metalen kaap is trochstrings in iepen toer of stellaazje, makke fan bygelyks getten izer, mei meast in seishoekige foarm.
Etymology
"Kaap" as oantsjutting foar in beaken foar de skipfeart hat in oare etymologyske oarsprong as "kaap" yn bygelyks Kaap de Goeie Hope. Dat lêste is ôflaat fan capo (haad), wylst de earste fan 'útsjen' ("uitkijck") komt.[1]
Nederlân
Yn Nederlân binne de neifolgjende kapen bekend:
Plak | Namme | Boujier | Materiaal | Gps lokaasje |
---|---|---|---|---|
Oosterend (Teksel) [2] | Izeren Kaap | 1854 | getten izer | 53°04.700' N 4°53.900' E |
De Kalkman [3] | — | 2007 | hout | 53°27.327' N 6°03.474' E |
Skiermûntseach | Willemsdún | 1967 | hout | 53°29.842' N 6°17.935' E |
Skiermûntseach | Kobbedunen | ûnbekend | hout | 53°29.200' N 6°13.600' E |
Rottumereach [4][5][6] | Emderkaap | 1883 | getten izer | 53°32.652' N 6°34.650' E |
Skylge | Noardkaap, Lytse kaap | 1978 | stiel | 53°26.456' N 5°30.903' E |
It Gryn | — | ûnbekend | hout | 53°15.120' N 5°15.060' E |
- De kaap fan Willemsdún (Skiermûntseach).
- De twa kapen fan Rottummereach sa'n 200 jaar tebek.
- Kaap fan Rottumereach
Dútslân
Yn Dútslân is de Kugelbake fan Cuxhaven in bekende kaap dy't ek yn it stêdswapen opnomd is.
- Cuxhaven Kugelbarke 100
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|