Kaakhorn (Grinslannersk: Koakhörn) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) , yn it noard-westen fan de provinsje Grinslân. It streekje leit direkt benoarden Westernieland oan in dearinnende dyk. De dyk rint oer de eardere âlde dyk út 1717. Hy hat 60 ynwenners (2008).

De namme fan 'e buorskip ferwiist nei de kaak dy't hjir yn earder tiden stien hat. De kaak (skandpeal) stie op de horn (= herne) fan it doarp.

Kamp De Slikken

Monumint foar de omkomde arbeiders yn 1940

It kamp De Slikken by Kaakhorn is boud foar arbeiders fan de wurkferskaffing dy't yn de perioade fan 1939 oant en mei 1945 in diel fan de kwelder yndiken, de saneamde Polder de Slikken. Nei de oarloch krige de polder de namme Linthorst Homanpolder. Trettjin fan dy arbeiders en in bussjauffeur kamen yn 1940 om it libben doe't harren bus yn botsing kaam tsjin in trein op in ûnbeweitse spoaroergong fan de Marneline by Ranum. Tsien fan harren ferstoaren dêr. Foar de fjirtjin slachtoffers waard in eintsje benoarden Kaakhorn in monumint setten.[1][2]

In oantal fan de húskes yn Kaakhorn is direkt nei de Twadde Wrâldoarloch boud troch ynternearre NSB'ers, dy't opsluten wienen yn it kamp De Slikken[3] in kilometer benoarden de buorskip. Ien fan de barakken fan dat kamp is bewarre bleaun.

Wannelrûte

Troch Kaakhorn rint de Europeeske wannelrûte E9 dy't rint fan Portegal nei de Baltyske steaten. De rûte wurdt ek Waad- en Wierdenpaad neamd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesyl • Onderdendam • EasteinOosternielandPiterbuorren • Raskwert • RoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâlde • Tinallinge • UithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternieland • Wetsinge • WinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen • 2e Nijhoezen • 't Aagt • 't Lage van de Weg • 't Houweel • 't Stort • 't Wildeveld • Abbeweer • Aldedyk • Alinghuizen • Arwerd • Barnegaten • Bellingeweer • Bethlehem • Beusum • Bokum • Breede • Broek • De Dingen • De Hoogte • De Horn • De Houw • De Raken • De Streek • De Vennen • Den Hander • Den Haver • Deikum • DoodstilDouwen • Duisterwinkel • Eelswerd • Elens • Ellerhuizen • Ernstheem • Ewer • Falom • FlydoarpGriissleatGroot Maarslag • De Haar • Hammeland • Harssens • Hefswal • Hekkum • HelwerdHeuvelderij • Hiddingezijl • HolwindeIemshavenKaakhornKatershorn • Kattenburg • Klei • Klein Garnwerd • Klein Maarslag • Kolham • Koningslaagte • KoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillen • Lutje Marne • Lutje Saaksum • Lutjewolde (foar in part) • Maarhuizen • Menkeweer • Menneweer • Midhalm • Nijenklooster • Noordpolder • Noardpoldersyl • Obergum • Oldenzijl • Oldorp • Onderwierum • Oosterhorn • Oosterhuizen (Eenrum) • Oosterhuizen (Súdwâlde) • Oudeschip • PaapstilPanser • Plattenburg • Polen (foar in part) • Ranum • Reidland • Roodehaan • Schapehals • Schaphalsterzijl • Schilligeham • SkouwenSkouwersyl • Sint Annerhuisjes • Takkebos • Ter Laan • Tijum • Valcum • Waadwert • Walsweer • Westerhorn (De Marne) • Westerhorn • Westerklooster • Westpolder • Wierhuizen • Wierum • Willemsstreek • Zevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het Bultje • De Hucht • Midhuizen
Wetter:
Broekstermaar • Delthe • Grutte Tsjaryt • Hoornse Vaart • Houwersylsterfeart • Hulpkanaal om Obergum • Hunzegoakanaal • Koksmaar • Kromme Raken • Oude Diepje • Ryddjip • Stitswerdermaar
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.