In kaak is in skandpeal of blok of skavot (skandesteger). Faak is in kaak bekroand mei in stêdswapen. Wa't 'oan de kaak steld waard', waard oan de kaak fêstklonken, droech somtiden in boerd mei opskrift, en stie - faak op de merkedei - foar spot.
Yn de 16e iuw stie yn Ljouwert de kaak oan de eastside fan de Brol, letter by de stoepe fan it riedhûs (dêr weibrutsen, 1795). De kaak droech de 'kliuwende liuw' fan it stêdswapen. Dêr komt de útrdukking wei fan 'de liuw yn de bek sjen'. De kaakstraf is op 29 juny 1854 ôfskaft.
Bewarre skandpeallen
- Vollezele
- Gaasbeek
- Brecht yn België
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.