De KFFB (Kristlik Fryske FolksBibleteek), yn 1934 oprjochte fanút it Kristlik Frysk Selskip, is de Fryske boekeklup en kin sjoen wurde as de Fryske wjergader fan de Fryske Bibleteek en de Nederlânske kristlike boekeklups. De KFFB wurket mei in abonnemintesysteem. Abonnees krije trije kear jiers in boek thús besoarge troch pleatslike kontaktpersoanen. Sadwaande binne de distribúsjekosten leech en de te ferkeapjen oplages yn 't foar goed yn te skatten. Njonken dy trije jierlikse útjeften jout de KFFB ek oar wurk út dat los te keap is. 'De Fleanende Krie' is it hûsorgaan fan de KFFB dêr't hja de leden mei op de hichte hâldt oer nije útjeften ensafuorthinne.

Anno 2023 wiene der 517 boeken ferskynd by de KFFB.

Yn it earste jier fan oprjochting wiene der 85 leden. Dat oantal groeide stadichoan nei 13.500 leden midden jierren sechtich. Yn 2023 wiene dat noch mar 500 leden. De leden hearden foar it grutste part ta de âlderein en jongere leden kamen der hast net mear by. Mei dêrtroch, en de oarloch yn Oekraïne, waarden de kosten fan de útjouwerij sa heech dat besletten waard de boekeklup yn 2024 op te heffen. Yn 2024 sille noch trije boeken ferskine en dêrnei is it dien. [1]

De Kristlik Fryske Folksbibleteek priis is de jierlikse priis fan de klup.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sippie Miedma, Hoe Oekraïne het einde is van de Kristlik Fryske Folksbibleteeek; Frysk Deiblêd, 13 maaie 2023.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.