De Kânselarij

De Kânselarij is in gebou yn Ljouwert op de Turfmerk 13.

Nei jildlike swierrichheden 1566-1571 boud, wierskynlik op kosten fan kening Filips II, as sit fan it Hof fan Fryslân. Yn 1811 waarden it dêrfoar yn de plak kommen Hof fan Assisen en de Rjochtbank fan de earste oanlis oerbrocht nei it Lânskipshûs dat derneist stie (1849 ôfbrutsen).

De Kânselarij yn 1875, troch Albert Martin.

De Kânselarij is doe ynrjochte as sikehûs, 1814-1824 as kazerne, 1824-1892 as hûs fan boargerlike en militêre fersekering. 1892-1897 restaurearre troch de ryksboumaster Jacobus van Lokhorst (feroarings: ballustrade op de kroanlist en dakkapellen). Sûnt siet ûnderyn it Ryksargyfbewarplak en boppe de Provinsjale Bibleteek. In langhalich rjochthoekich foargebou fan bak- en berchstien mei noardlike fleugel en tsjin de noardeasthoeke in weromlizzend bygebou mei treptuorkes, oankocht troch de Steaten yn 1646, hielendal fernijd yn 1892.

Wapen Stêdekertier

De gevel fan it haadgebou jout in dúdlik byld fan de iere renêssânsebou yn Fryslân. Rjochts fan it midden leit de haadyngong mei sânstiennen bekroaning mei opskrift (1571) en bordes mei skyldhâldende liuwen (1621). Dizze yngongspartij hat in trepgevel mei allegoaryske bylden op de treppen en in byld, saneamd fan Karel V, as bekroaning op de trijedielige toppilaster. De brângevel oan de súdside wiist op it plan, it gebou dêr te ferlingjen. Ynpandich in keunstich mitsele winteltrep mei wrongen spille, wêrfan't de brede iken trêden rêste op sierlike netferwulfkes. De kelders binne dekt mei flakke krúsferwulften, skoarre yn 'e muorre en op sânstiennen pylders.

Oant 2013 wie de kânselarij ien fan de gebouwen dêr 't it Frysk Museum yn húsfeste wie. Nei it ferhúzjen fan it museum nei it Saailân en in ferbouwing hat de Kânselarij nije hierders krigen wêrûnder de Thorbecke Akademy. De dependânse fan dizze Akademy sit in part fan it ûnderwiiskurrikulum fan de oplieding bestjoerskunde yn.

Yn 2022 waard it gebou foar it symboalyske bedrach fan ien euro ferkocht oan de Vereniging Hendrick de Keyser. It gebou bliuwt in moetingsplak foar oerheid, ûndernimmers en ûnderwiis, [1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kanselarij naar Hendrik de Keyser, Frysk Deiblêd 30 juny 2022, s. 8
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.