Jynx Maze | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Victoria Elson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 oktober 1990 | |
berteplak | Long Beach (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Skotsk Perûviaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
www.club-jynxmaze.com |
Jynx Maze, echte namme: Victoria Elson (Long Beach (Kalifornje), 6 oktober 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Skotsk-Perûviaansk etnysk komôf, dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Jynx neamde. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 53 kg.
Libben en karriêre
Jynx Maze is hikke en tein yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje, ien fan 'e gruttere foarstêden fan Los Angeles. Fan har heitekant hat se Iersk en Skotsk bloed, wylst har mem oarspronklik út Perû kaam. Koart nei't se ein 2008 mearderjierrich wurden wie, sette Maze útein mei wurk as stripper yn in stripklub yn Chico, yn noardlik Kalifornje.
Yn febrewaris 2010, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har earste pornografyske optreden wie yn in diel fan 'e Public Disgrace-rige fan pornowebside Kink.com. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 165 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Pure Play Media, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Hustler Video, Devil's Film en Zero Tolerance. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrby spesjalisearret se har yn anale seks. Se hat ûnderwilens sân nominaasjes yn 'e wacht sleept foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2012 waard derfan grute dat Maze in relaasje hawwe soe mei kollega-pornoakteur Jordan Ash.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | CAVR Award | nominearre | stjer fan it jier | n.f.t. |
2011 | Xbiz Award | nominearre | nije stjer fan it jier | n.f.t. |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Big Wet Asses 18 |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Toni Ribas) | Slutty & Sluttier 13 | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Toni Ribas en Mick Blue) | Sex Appeal | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Erik Everhard en Steve Holmes) | Anal Fanatic 2 | ||
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | cream dream ("wiete dream") | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Slutty & Sluttier 15 |
Xbiz Award | nominearre | bêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Jordan Ash) | This Is Why I'm Hot 2 | |
2014 | AVN Award | nominearre | meast seksy kont | n.f.t. |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|