Julianapark is in buert en in stedspark yn de stêd Ljouwert en falt ûnder de wyk Huzum-West.
It Julianapark, neamd nei prinsesse Juliana, waard yn 1941/1942 oanlein nei in ûntwerp fan túnarsjitekt Jan Vroom. Yn 2012 waard der yn de fiver it keunstwurk Reade paraplu pleatst. It is in fontein fan Xandra de Vries en Walter Baas[1]. It park is sûnt 2013 in gemeentlik monumint (nr. 338)[2]. It park wurdt oan de súdkant begrinzge troch de Julianaleane, yn it súdwesten troch de Kuriostsjerke, oan de westkant troch de Hobbemastrjitte, oan de noardkant troch de Vincent van Goghstrjitte,en oan de eastkant troch de Pieter Lastmanstrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Parken yn de stêd Ljouwert | |
---|---|
Abbingapark ● Dr. Zamenhofpark ● Easterfiverpark ● Julianapark ● Lieuwenburgseam ● Noarderplantaazje ● Prinsetún ● Rengerspark ● Westerpark |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.