Julianadorp is in doarp yn de gemeente De Helder yn de kop fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân, likernôch 5 kilometer súdlik fan it haadplak fan de gemeente, De Helder.
Oan de súdkant grinzget er oan de gemeente Skagen en oan de eastkant oan de gemeente Hollâns Kroan. It plak hat 13.925 ynwenners (1 jannewaris 2006). Simmerdeis soargje, meast Dútske, toeristen foar goed 900.000 oernachtings it jier. De ynwenners wurkje yn de blombollesektor, by de Marine, of binne forinzen nei de Rânestêd. In soad ynwenners wurkje yn De Helder of yn de toeriste-yndustry fan Julianadorp.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Julianadorp) fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.