Julia Jones
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJulia Jones
nasjonaliteit Amerikaansk
berne23 jannewaris 1981
berteplakBoston (Massachusetts)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Ingelsk
Tsjikkesou (Chickasaw)
Tsjoktou (Choctaw)
jierren aktyf2003 – no
offisjele webside
Julia Jones op Twitter

Julia Jones (Boston, 23 jannewaris 1981) is in Amerikaansk aktrise en model. Hja is it bekendst wurden mei har rol as Leah Clearwater yn The Twilight Saga-filmsearje en dy fan Kohana yn 'e tillefyzjesearje Westworld. Fierders spile se mei yn films as Black Cloud, Hell Ride, Jonah Hex en Wind River.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Jones waard yn 1981 berne yn 'e stêd Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Se is fan mingd Ingelsk, Afro-Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf, wêrby't se bloed hat fan sawol de Tsjikkesou (Chickasaw) as de Tsjoktou (Choctaw). Mei fjouwer jier begûn se al in balletoplieding oan 'e Boston Ballet School. Doe't se acht jier wie, sette se útein mei aktearjen yn toanielstikken en reklamespotsjes. Se genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Boston Latin School, de âldste iepenbiere skoalle yn 'e Feriene Steaten. Neitiid behelle se in bachelorgraad yn Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Columbia Universiteit.

Karriêre

Jones begûn har karriêre as model, wêrby't se wurke hat foar katalogussen fan û.o. Levi Strauss & Co., Gap Inc., Esprit Holdings en L'Oréal. Ek wie se yn 2010 te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Hold That Thought, fan sjonger Chuck Wicks.

Se makke har debút as filmaktrise yn 2003 yn The Look. Foar har rol fan Sammi, yn Black Cloud (2004), wûn se in FAITA Award yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 'e 2000-er jierren wie Jones fierders û.m. te sjen yn 'e koarte film The Reckoning (2007), de troch Quentin Tarantino produsearre motorrider-remake Hell Ride (2008) en as dokter Kaya Montoya yn in weromkearende rol yn fjouwer ôfleverings fan 'e sikehûssearje ER. Yn 2009 stie se yn it Mark Taper Forum yn Los Angeles op 'e planken mei in rol yn Palestine, New Mexico, in toanielstik oer de botsing tusken ferskillende kultueren.

Yn 2010 waard Jones cast yn 'e rol fan Cassie yn 'e superheldewestern Jonah Hex. Se spile de rol fan Leah Clearwater yn 'e lêste trije films fan The Twilight Saga-filmsearje: The Twilight Saga: Eclipse (2010), The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 (2011) en The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 (2012). Mei dy rol waard se bekend by in breder publyk. Yn dyselde snuorje spile Jones ek yn films as California Indian (2011), Missed Connections (2012), en Winter in the Blood (2013). Fierders wie se te sjen yn in gastrol yn 'e ôflevering Reservations, I've Got a Few (2012) fan 'e tillefyzjesearje In Plain Sight, en yn 'e tillefyzjefilm The Thanksgiving House (2013).

Jones fertolke yn 2015 as tsjinspylster fan Adam Sandler de froulike haadrol fan Smoking Fox yn 'e komeedzjefilm The Ridiculous 6. Datselde jiers wie se ek te sjen yn 'e weromkearende rol fan ferkrêftingsslachtoffer Gabriella Langton yn fjouwer ôfleverings fan 'e plysjesearje Longmire. Yn 2017 spile se Wilma Lambert, de mem fan in fermoarde dochter en de ferfrjemde frou fan 'e haadpersoan (spile troch Jeremy Renner) yn 'e neo-western Wind River.

Ek wie Jones te sjen yn 'e films Tao of Surfing (2018) en Angelique's Isle (2018), en teffens hie se in sterke byrol yn 'e swarte komeedzje en misdiefilm Cold Pursuit (2019). Yn 2018 hie se ien fan har bekendste rollen as Kohana yn seizoen 2 fan 'e tillefyzjesearje Westworld. Yn 2019 spile se de fêste rol fan Stephanie Littlecrow yn seizoen 3 fan 'e searje Goliath. Jones hie dat jiers ek in gastrol as Omera yn 'e ôflevering Chapter 4: Sanctuary fan 'e Star Wars-tillefyzjesearje The Mandalorian. Yn 2021 hie se in fêste rol yn 'e searje Dexter: New Blood en begûn se in weromkearende rol as stimaktrise yn 'e tekenfilmsearje The Ghost and Molly McGee.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2003The LookGigi
2004Black CloudSammi
2007The ReckoningGinakoarte film
2008Hell RideCherokee Kisum
2008Three PriestsAbby
2010Jonah HexCassie
2010The Twilight Saga: EclipseLeah Clearwater
2011The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1   Leah Clearwater
2011California IndianApril Cordova
2012Missed ConnectionsTess Wright
2012The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2Leah Clearwater
2012Rich Girl ProblemsCelestekoarte film
2013Winter in the BloodAgnes First Raise
2015The Ridiculous 6Smoking Fox
2017Wind RiverWilma Lambert
2018Tao of SurfingAmber
2018Angelique's IsleAngelique Mott
2019Cold PursuitAya Calcote
2020Think Like a Dogaginte Muñoz
tillefyzje
2008ERdokter Kaya Montoyaweromkearende rol; 4 ôfl.
2012In Plain SightHeather Piercegastrol; ôfl. Reservations, I've Got a Few
2013The Thanksgiving HouseVictoriatillefyzjefilm
2015LongmireGabriella Langtonweromkearende rol; 4 ôfl.
2017High School LoverSamantha Winterstillefyzjefilm
2018WestworldKohanaweromkearende rol yn seizoen 2
2019GoliathStephanie Littlecrow   fêste rol yn seizoen 3
2019The MandalorianOmeragastrol; ôfl. Chapter 4: Sanctuary
2021Rutherford FallsSallyweromkearende rol yn seizoen 1
2021Dexter: New BloodAngela Bishopfêste rol
2021–noThe Ghost and Molly McGeeMiss Lightfootas stimaktrise; weromkearende rol

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.