Juggs | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | neakenblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 1981 – no | |
útjouwer | M M Publications Ltd. (dochter- ûndernimming f.d. Mavety Media Group) | |
oplaach | 150.000 (1996) | |
ISSN | 0734-4309 | |
offisjele webside | ||
www.juggsmag.com |
Juggs is in Amerikaansk neakenblêd, dat him taleit op fotoreportaazjes fan foluptueuze froulju mei grutte oant tige grutte boarsten. De titel is in strjittaalterm foar "boarsten", en kin oerset wurde as 'blomkoalen' of 'koplampen'.
Njonken fotoreportaazjes omfiemet Juggs ek artikels, moppen en spotprinten. Ferskate grutte-boarstemodellen skriuwe kollumns foar it blêd, wêrûnder Heather Hooters sûnt 1994, Candy Samples fan 1986 oant 2007 en Kelly Madison sûnt 2002. Ek cartoonist Bill Ward droech yn it ferline geregeldwei artikels en yllústraasjes by.
It blêd waard yn 1981 oprjochte. Fan 1986 oant 2001 wie Dian Hanson de haadredakteur fan Juggs, en ûnder har bewâld ûntjoech it blêd him ta ien fan 'e liedende neakenblêden fan it grutte-boarstesjenre yn 'e Feriene Steaten. Syn heechtijdagen belibbe Juggs yn 'e 1990-er jierren, doe't it yn 1996 in oplaach berikte fan mar leafst 150.000 eksimplaren.
Yn in fraachpetear hat Hanson sein dat froulju Juggs oer it algemien as minder bedriigjend ûnderfine as blêden lykas de Playboy en Penthouse, om't de neakenmodellen yn Juggs folle minder oan it moderne Westerske ideaalbyld fan 'e frou foldogge. Dêrom soene se folle gauwer ree wêze om foar Juggs te posearjen as foar oare neakenblêden.
Juggs wurdt publisearre troch M M Publications Ltd., in dochterûndernimming fan 'e Mavety Media Group. De distribúsje fan Juggs wurdt fersoarge troch Larry Flynt Publications. De lêzersdoelgroep bestiet foar it meastepart út leger oplate manlju út it Amerikaanske Suden en Midwesten.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |